Springe nei ynhâld

Stifting It Fryske Boek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan It Fryske Boek)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Logo fan de Stifting

De Stifting It Fryske Boek wie in stifting dy 't de befoardering fan Fryske literatuer en lektuer as doel hie. De organisaasje waard yn 1934 troch in oantal Fryske ferienings en útjouwers oprjochte en wie fêstige yn Ljouwert. De stifting waard ûnder mear subsidiearre troch de provinsje Fryslân. Ek helle It Fryske Boek jild binnen fan stipers. Sûnt 2010 is it wurk fan It Fryske Boek oernommen troch Tresoar en binne de meiwurkers dêr yn 'e tsjinst kommen. Yn 2013 waard de stifting definityf opheft.

It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket Friezen yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. It Fryske Boek hat in tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.

Om ta it doel fan de Stichting It Fryske boek te kommen binne der inkelde projekten útein set.

De Fryske Boekewiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de perioade ein febrewaris, begjin maart wurdt elts jier de Fryske Boekewiken organisearre.

Oan it begjin fan de Fryske Boekewiken wurdt in grut Boekefeest hâlden, it is in moetingsplak foar minsken dy’t mei de Fryske literatuer te krijen hawwe. Mei de boekewiken wurdt der troch in sjuery in boek útkeazen dy’t as Frysk Boekewikegeskink útjûn wurdt. Ik boek wurdt dan kado dien by oankeap fan Fryske boeken. Yn 1948 barde dit foar it earst en sûnt 1989 wurdt der elts jier in Frysk Boekewikegeskink kezen. Ek wurde literêre programs organisearre, wêryn Fryske skriuwers, dichters, akteurs en muzykanten harren nij útkommen wurk presintearje kinne.

Ta beslút hâldt It Fryske Boek yn gearwurking mei ferskate ferfierders de Reis-aksje. By dizze aksje kinne minsken dy’t it Frysk Boekewikegeskink mei ha fergees reizgje mei trein en bus yn Fryslân en Grinslân. Fierders is der mei it boek koarting te krijen by ferskate museums, restaurants en oare publyksattraksjes.

Yn de perioade begjin septimber, heal oktober hâldt It Fryske Boek seis wike lang de boeke-aksje. Benammen de sutelaksje foarmet in wichtich ûnderdiel fan it barren. Hûnderten frijwilligers geane dan mei de kroade by de doarren del om Fryske boeken te ferkeapje. De sutelaksje einiget elts jier yn Drachten mei de Boekemerk.

Dêrneist wurde Fryske boekejûnen organisearre, wurdt de Fryske skriuwerskalinder útjûn en rydt de Fryske boekebus om utens nei ferskate plakken bûten Fryslân, op útnûging fan Fryske kriten dy’t dêr dwaande binne.

Sprutsen Fryske Boek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek jout It Fryske Boek it Sprutsen Fryske Boek út. Dizze boeken wurde makke foar fisueel beheinden en minsken dy’t op de ien of oare wize net lêze kinne. Der binne al mear as 1.400 boeken ynsprutsen. De boeken binne fergees te krijen.

De Oanharker is in moanneblêd yn it Frysk. De redaksje makket alle moannen artikelen dy't it út de Fryske dei- en streekblêden en tiidskriften hellet.

Foar bern en de jongerein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rymposter 2007.

Ek wurde der projekten spesjaal foar bern en jongerein organisearre. Sa is der in berneboekesjuery dy’t berneboeken beoardield en de Sulveren Spjelde útrikt foar it moaste berneboek. By de sutelaksje wurdt der omtinken jûn oan de bern troch it útbringen fan it Aksjeboek foar Bern en in rymposter.

Rink van der Veldepriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elts even jier wurdt de Rink van der Veldepriis útrikt. In priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen fan Fryslân.

Stichting It Fryske Berneboek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By It Fryske Boek is it sekretariaat fan de Stichting It Fryske Berneboek ûnderbrocht. Dizze stichting hâldt harren dwaande mei de stúdzje en promoasje fan Fryske berneboeken.

Fryske Boekewikegeskinken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]