Springe nei ynhâld

Koos Tiemersma

Ut Wikipedy
Koos Tiemersma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Froon Akker
echte namme Koos Tiemersma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 maart 1952
berteplak Frjentsjer (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre lit. romans, hist. romans
bekendste
  wurk(en)
De ljedder (2002), Mind Games (2007), Under wetter (2009), Einum (2012)
útjouwer Friese Pers Boekerij oant en mei 2009, dêrnei yn eigen behear
prizen Rink van der Veldepriis 2004 (foar De ljedder)
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
Froonakker.nl

Koos Tiemersma (Frjentsjer, 20 maart 1952) wennet en wurket as ûnderwizer yn Kollumersweach. Nei in beskieden karriere yn de muzyk is er ein njoggentiger jierren útein set mei skriuwen. Yn 1999 stjoerde er syn earste ferhaal yn foar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2002 ferskynde syn earste roman De Ljedder, dy't yn 2004 bekroand waard mei de Rink van der Veldepriis. Yn 2004 ferskynde syn twadde roman, De mjitte. Twa jier letter (2006) kaam syn tredde roman út mei as titel It liet fan de ibis. Foar de Fryske boekewike 2007 hat er it boekewikegeskink Mind games skreaun.

Op 25 desimber 2009 hâldt Koos Tiemersma nei tsien jier op mei skriuwen[1].

  • De Ljedder (roman, 2002 oersetting yn 2007) (4e pr. 2010)
  • De Mjitte (roman, 2004)
  • It liet fan de ibis (2006)
  • Mind games : fertelling fan in kaartehûs (2007)
  • De mjitte: audioboek, foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma (2008)
  • Under wetter (2009)
  • Hoe blond je aap (2010)
  • Ien is in swalker (2010) (E-Boek fan De Mjitte)
  • Einum (roman, 2012)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]