Greet Andringa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Greet Andringa

Greet Andringa (Reduzum, 16 july 1971) is in dokter en Frysk skriuwster út Suwâld. Nei it ateneum yn Ljouwert slagge se foar de stúdzje genêskunde. Se krige in funksje by de Kuno van Dijk Stichting yn Louwert. Greet Andringa hat der in soad lêst fan hân dat der yn har stúdzje noait werklik romte west hat foar emoasjes. Dêrom folge se de stúdzje Humanistyk yn Utert.

Op de middelbere skoalle frege har skiednislearaar Jan Pieter Janzen (1945-2005), dy't aktyf wie yn de Fryske literêre wrâld, om foar de skoalkrante te skriuwen. Doe't Janzen letter redakteur wie fan Trotwaer, frege er har yn 1999 ek foar dat blêd in ferhaal te skriuwen: 'De earste kear'. Dêrnei publisearre se yn it Frysk Skriuwerskalinderboek 2003 en yn it literêre tydskrift Hjir. Har debút yn boekfoarm wie yn augustus 2003 de ferhalebondel De diggels fan Che. Kritisy priizgen har natuerlike libbene styl, har goedrinnende sinnen en har taalgebrûk. Har ferhalen falle op troch de ûnferwachte haadpersoanen en de faak ferrassende draai dy’t se oan de ferhalen jout.

De haadpersoanen binne faak adolesinten dy't werom sjogge op har jeugd en skytskoarje tsjin de oergong nei folwoeksenheid. Foar in part autobiografysk skriuwt se oer gefoel, kwetsberheid en ûnmacht. Yn 2008 ferskynde de roman Libben Reach yn de rige 'Fryske Modernen', in inisjatyf fan it Fûns foar de Letteren om Frysk skriuwtalint te stypjen. Libben Reach giet oer de muoisume relaasjes tusken memmen en dochters. Yn 2005 makke Greet Andringa diel út fan de sjuery dy't de Rely Jorritsmaprizen takent. Sûnt 2002 sit se yn de redaksje fan Hjir.

Yn 2010 skreau Andringa de novelle Los sân, dy't útjûn waard as kadoboek by de moanne fan it Fryske boek yn septimber dat jier. It jier derop ferskynd har twadde roman: Ikarusblau. It boek giet oer de syktocht fan in jonge man nei syn echte heit.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De diggels fan Che (2003, ferhalen)
  • Libben reach (2008, roman)
  • Ferhaal 'Deus ex' yn boekewikegeskink Feestlift (2009)
  • Los sân (2010, novelle, útjûn as kadoboek by de moanne fan it Fryske boek yn septimber)
  • Ikarusblau (2011, roman)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: