Jabik Veenbaas

Ut Wikipedy
Jabik Veenbaas

Jabik Veenbaas (Hilaard, 23 jannewaris 1959) is skriuwer, oersetter en filosoof.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it kristlik gymnasium yn Ljouwert gie er nei Amsterdam. Hy studearre Ingelsk oan de Universiteit fan Amsterdam en Frysk en Wiisbegearte oan de Frije Universiteit (FU). Syn earste fersen wienen yn it Nederlânsk, letter begûn er yn it Frysk te skriuwen. De earste publikaasjes kamen healwei de jierren tachtich yn de tydskriften Hjir en Trotwaer. Fierders skreau er foar it Frysk Deiblêd. Yn Frysk en Frij en de literêre blêden Hjir en Trotwaer fersoarge er resinsjes en skôgings oer Fryske boeken en Fryske kultuer. Yn 1999 folge er Jelle Krol op as resinsint fan Frysktalich proaza foar de Ljouwerter Krante. Dêrnjonken publisearre er resinsjes en skôgingen oer filosofyske en literêre ûnderwerpen yn blêden as Het Financieele Dagblad, Trouw, Filosofie Magazine en Tirade, en poëzij yn tydskriften as Het liegend konijn, De Tweede Ronde en De Brakke Hond.

Fan 1985 ôf publisearret Veenbaas oersettings út it Ingelsk, Dútsk en Frysk nei it Nederlânsk en út it Ingelsk en Dútsk nei it Frysk; hy set oer út allerhande sjenres: poëzy, romans, toaniel, filosofysk en wittenskiplik wurk. Foar syn oersettings fan fersen fan Obe Postma yn de bondel Van het Friese land en het Friese leven, krige er yn 1999 de Obe Postmapriis. Yn 2010 krige er mei Willem Visser de Filter-fertaalpriis foar de oersetting fan de 'Kritiek van het oordeelsvermogen' fan Immanuel Kant. Syn filosofyske wurk De Verlichting als kraamkamer stie op de shortlist fan de Socrates Wisselbeker 2014.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tusken Himel en Hel (ferhalen, 1990)
  • De brulloft fan Valentijn (ferhalen, 2000)
  • De wite ûle (ferhalen, 2006)

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysktalich:

  • Metropolis (2001)
  • De jefte (2003)
  • Brieven oan myn bern (2004)
  • De sinne, it smelle bêd, myn lichem (2007)

Nederlânske oersettingen:

  • Darwinistische weemoed (twatalige edysje) (2006)
  • Brieven aan mijn kind (2007, twadde printinge 2010)
  • De zon, het smalle bed, mijn lichaam (2009)

Nederlânsktalige bondels:

  • Om de zee te bevaren (2011)
  • Mijn vader bad (2015)
  • Stad van liefde (2017)

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jo Smit, De moderne roman as moraliteit. (Gearstalling en ynlieding Jabik Veenbaas, 2000)
  • De lêzer is in duvel (essays, 2003)
  • Grote denkers over verdriet en troost (teksten fan grutte filosofen; gearst. en ynl. Jabik Veenbaas, 2004)
  • Ik ben een onderling onverzoenlijk ratjetoe (brieven fan Chr. J van Geel; sel., ynl. en ann. fan Marsha Keja en Jabik Veenbaas, 2012)
  • De Verlichting als kraamkamer (essays, 2013)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Der wie in man dy’t Job hiet ( 1994)
  • De ferlossing (satire, 1995)
  • It hûs mei de roazen (drama yn trije bedriuwen, 1995)
  • Sear (ienakter, 1996)
  • Moeke (ienakter, 2001)

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filosofy en essay (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzij (Ingelsk-Nederlânsk, karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza (Ingelsk-Nederlânsk, karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingelsk–Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk-Nederlânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Van het Friese land en het Friese leven : een keuze uit de gedichten / Obe Postma (1997)
  • De citadel : een keur uit zijn gedichten / Douwe Tamminga (1999)
  • Jij bent zacht als zomerregen : de mooiste Friese liefdesgedichten (2002) Geastalling, oersettingen (yn de measte gefallen) en neiwurd: Jabik Veenbaas
  • Het nachtland/ De knotwilg / Albertina Soepboer (2003)
  • Alles begint bij de dingen / Theun de Vries (2004)
  • De 100 mooiste Friese gedichten (2006) In part fan de oersettingen: Jabik Veenbaas. It boek befettet ek oarspronklik wurk fan Veenbaas.
  • Indian Summer / Sjoerd Spanninga (2007) Oersettingen: Jabik Veenbaas en Abe de Vries. Neiwurd: Jabik Veenbaas
  • Brieven aan mijn kind (2007)
  • Spiegel van de Friese poëzie (tredde printinge 2008) In part fan de oersettingen: Jabik Veenbaas. It boek befettet ek oarspronklik wurk fan Veenbaas
  • Het goud op de weg.De Friese poëzie sinds 1880 (2008) Gearstalling Abe de Vries. In grut part fan de oersettingen: Jabik Veenbaas. It boek befettet ek oarspronklik wurk fan Veenbaas.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Obe Postmapriis, foar oersettings bondel Obe Postma: Van het Friese land en het Friese leven.

(1999)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]