De Hippopotamus
De Hippopotamus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Hippopotamus | |
auteur | T.S. Eliot | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1920, New York | |
oarspr. útjwr. | Alfred A. Knopf, Inc. | |
bondel | Poems | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Hippopotamus | |
publikaasje | 1991, yn HJIR | |
oersetter | Jabik Veenbaas |
De Hippopotamus, yn it oarspronklike Ingelsk: The Hippopotamus, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). Yn dit fermaaklike fers, dat bestiet út njoggen fjouwerregelige kûpletten, ferliket Eliot op sarkastyske wize de kristlike tsjerke mei in nylhoars of hippopotamus. De Hippopotamus waard foar it earst publisearre yn 1920, yn 'e bondel Poems. Yn 1991 ferskynde de Fryske oersetting fan 'e hân fan Jabik Veenbaas.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hippopotamus satirisearret op sarkastyske wize de kristlike tsjerke, of, organisearre godstsjinst yn it algemien. Yn 'e njoggen kûpletten wurdt de natuer fan 'e tsjerke ferlike mei dy fan it nylhoars, wêrby't it nylhoars it eltse kear wint fan 'e tsjerke. De absurde njonkeninoarpleatsing is tige fermaaklik, mar de krityk op 'e tsjerke, dy't persiis it tsjinstelde docht fan wat er preket, komt nammenste dúdliker út 'e tekst nei foarren. It sechsde kûplet, bgl., rint sa:
- The hippopotamus's day ("It nylhoars bringt syn dei")
- Is passed in sleep; at night he hunts; ("Sliepend troch; hy jaget nachts;")
- God works in a mysterious way— ("God wurket op riedselige wize—")
- The Church can sleep and feed at once. ("De Tsjerke kin tagelyk sliepe en frette.")
De lêste regel liket sizze te wollen dat de tsjerke op 'e ponge fan 'e leauwenden omluzet, wylst er sels yn 'e sliep dodde is en dus gjin tsjinprestaasje mear leveret. Mei De Hippopotamus liket Eliot de korrupsje en dekadinsje dy't eltse organisearre religy meitiid parten begjint te spyljen, yn 'e tsjerke oan 'e kaak stelle te wollen. Hy falt dus net de noarmen en wearden fan 'e tsjerke oan (dêr sil er ek grif gjin oanstriid ta field hawwe, mei't er in oertsjûge kristen wie), mar de skynhillige manear wêrop't de tsjerke dêrmei omgiet, troch it iene út te dragen en ûnderwilens sels it oare te dwaan.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Hippopotamus waard ûnder titel De Hippopotamus yn it Frysk oerset troch Jabik Veenbaas, dy't dy fertaling yn 1991 publisearre yn it maartnûmer fan it tydskrift HJIR.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|