Springe nei ynhâld

T.S. Eliot

Ut Wikipedy
T.S. Eliot
skriuwer
T.S. Eliot yn 1934.
T.S. Eliot yn 1934.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Stearns Eliot
nasjonaliteit Amerikaansk
Britsk
berne 26 septimber 1888
berteplak St. Louis (Missoury)
stoarn 4 jannewaris 1965
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, toaniel, essay's,
non-fiksje
perioade 1e helte & midden 20e iuw
streaming modernisme
bekendste
  wurk(en)
The Love Song of
   J. Alfred Prufrock

The Waste Land
The Hollow Men
The Journey of the Magi
Ash Wednesday
Four Quartets
Murder in the Cathedral
prizen 3x Tony Award
Nobelpriis 1948
Légion d'Honneur 1951
Pres. Frijheidsmedalje 1964
jierren aktyf 19051965
offisjele webside
www.luc.edu/eliot

T.S. Eliot (folút Thomas Stearns Eliot, St. Louis (Missoury), 26 septimber 1888Londen, 4 jannewaris 1965) wie in Amerikaansk-Britsk dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en literêr en maatskippijkritikus, dy't ta de wichtichste Ingelsktalige dichters fan 'e tweintichste iuw rekkene wurdt. Hy die yn 1915 foar it earst fan him sprekken mei it gedicht The Love Song of J. Alfred Prufrock, in masterwurk fan 'e modernistyske beweging. Syn oeuvre omfettet fierders guon fan 'e bekendste gedichten út 'e Ingelske literatuer, lykas The Waste Land, The Hollow Men, The Journey of the Magi, Ash Wednesday en Four Quartets. Eliot is ek bekend om sân toanielstikken, wêrûnder Murder in the Cathedral. Yn 1948 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

T.S. Eliot waard berne yn in begoedige boargerfermidden út Nij-Ingelân, yn in gesin dat dêrwei ferfearn wie nei St. Louis, yn 'e steat Missoury. Syn heit, Henry Ware Eliot (1843-1919), wie in súksesfol sakeman, wylst syn mem, Charlotte Champs Stearns (1843-1929), in sosjaal wurkster wie en yn har frije tiid poëzij skreau. Eliot wie de jongste fan seis oerlibjende bern, en waard berne doe't syn âldelju allebeide 44 jier wiene. Hy hie fjouwer susters en ien broer, en wie ferneamd nei syn pake oan memmeskant. Hy groeide op yn St. Louis, oan 'e rivier de Mississippy, dy't er letter as in wichtige ynfloed op syn libben en wurk seach. Fanwegen in erflike dûbele ljiskbreuk koed er as bern frijwol net oan lichaamlike aktiviteiten dielnimme, sadat er in ienlike jonkheid hie. Hy socht syn taflecht yn 'e literatuer, of, sa't syn freon Robert Sencourt it letter ferwurde yn syn memoires: "[Eliot] hie it foar de moade om op it finsterbank yninoar te krûpen efter in ûnbidich grut boek, dêrby it medisyn fan dreamen foar de pine fan it libben oer settend."

Fan 1898 oant 1905 folge Eliot in oplieding oan 'e Smith Academy te St. Louis, dêr't er û.m. Latyn, Aldgryksk, Frânsk en Dútsk learde. Doe't er fjirtjin jier wie, begûn er foar it earst poëzij te skriuwen, mar nei eigen sizzen wie it resultaat nearzich en fol wanhope, dat hy ferneatige it. Fan 1905 ôf brocht Eliot in jier troch mei stúdzjetarieding oan 'e Milton Academy yn Massachusetts, wêrnei't er fan 1906 oant 1909 filosofy studearre oan 'e Universiteit fan Harvard. Hy studearre ôf nei trije jier ynstee fan 'e wenstige fjouwer jier. Nei't er fan 1909 oant 1910 te Harvard wurke hie as filosofy-assistint, ferfear er nei Parys, dêr't er fan 1910 oant 1911 filososfy studearre oan 'e Sorbonne. Fan 1911 oant 1914 wied er werom yn Harvard, dêr't er Yndyske filosofy en Sanskryt studearre.

Yn 1914 wie Eliot fan doel om in healjier yn it Dútske Marburch te studearjen, mar it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch stiek dêr in stokje foar, dat hy bedarre ynstee yn it Ingelske Oxford. Oan 'e Universiteit fan Oxford hied er it net bot nei 't sin, dat hy brocht safolle mooglik tiid troch yn Londen, dat him fassinearre. Dêr mette er de ferneamde Amerikaanske dichter om utens Ezra Pound, dy't daliks seach dat Eliot potinsjeel hie. Tanksij Pound, dy't him oeral mei hinne sleepte en him oan eltsenien foarstelde, krige Eliot yn Londen kunde oan 'e hiele Britske literêre wrâld.

Eliot yn 1923.

Yn it foarjier fan 1915, doe't Eliot ûnderwilens syn stúdzje yn Oxford ôfbrutsen hie en wurk fûn hie as learaar, kaam er yn 'e kunde mei Vivienne Haigh-Wood, in gûvernante út Cambridge, mei wa't er likernôch twa moanne letter, op 26 juny 1915, troude. It houlik wie tige ûngelokkich, mei troch al Vivienne har sûnensklachten, wêrûnder problemen op it mêd fan geastlike sûnens. Neffens guon boarnen hie hja boppedat koart nei de brulloft in bûtenechtlike affêre mei de filosoof Bertrand Russell, mar dy bewearings binne nea bewiisd. Trochdat Vivienne om har sûnens lange skoften trochbrocht yn ôfhandige sanatoaria, groeiden sy en Eliot ek almar fierder útinoar. Eliot sei letter dat it houlik foar syn gefoel in sfear oprôp dy't him by steat steld hie om it gedicht The Waste Land ("De Woestenije") te skriuwen.

Fan 1932 oant 1933 brocht Eliot foar in perfesterskip oan 'e Universiteit fan Harvard in jier allinne yn 'e Feriene Steaten troch, en doe't er weromkaam, bewurkmastere er in skieding fan tafel en bêd. Vivienne bedarre yn 1938 úteinlik yn it psychiatrysk sikehûs Northumberland House, yn Stoke Newington, dêr't se bleau oant har dea yn 1947. Hoewol't Eliot foar de wet noch altiten har man wie, hat er har dêr nea besocht. Harren relaasje waard yn 1984 ta ûnderwerp makke fan it toanielstik Tom and Viv, fan Michael Hastings.

Beropsmjittige karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er in ein oan syn stúdzje yn Oxford breide hie, wie Eliot wurksum as learaar oan in ferskaat fan skoallen, mar benammen oan 'e Highgate School, in iepenbiere skoalle yn Londen, dêr't er Frânsk en Latyn joech, en letter oan 'e Royal Grammar School yn High Wycombe, yn Buckinghamshire. Om wat by te fertsjinjen, skreau er resinsjes fan boeken en fersoarge er jûnsûnderwiis. Yn 1917 naam er yn Londen in baan oan by Lloyd's Bank, dêr't er ferantwurdlik wie foar bûtenlânske bankrekkens. Yn 1925 koed er wurk krije by de útjouwerij Faber and Gwyer, dy't letter Faber and Faber kaam te hjitten. Dêr bleau er de rest fan syn karriêre wurksum as útjouwer, en brocht er it úteinlik ta bestjoerslid. Yn syn hoedanichheid fan útjouwer wied er û.m. ferantwurdlik foar publikaasjes fan dichters as W.H. Auden, Stephen Spender en Ted Hughes.

In plakette oan 'e muorre fan it eardere kantoar fan Faber and Faber, dy't yn oantinken hâldt dat Eliot dêr fan 1925 oant 1965 wurke hat.

Bekearing en naturalisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 juny 1927 bekearde Eliot, dy't fan hûs út in unitariër wie, him ta it anglikanisme. Yn novimber fan datselde jier liet er him naturalisearje ta Brit. Hy waard in aktyf lid fan 'e Anglikaanske Tsjerke, en identifisearre himsels as in anglo-katolyk. Neffens Eliot syn biograaf Peter Ackroyd hie Eliot syn bekearing net inkeld mei leauwensoertsjûging te krijen, mar wie it teffens in manear om himsels yn 'e Ingelske kultuer te ferankerjen.

Fan 1938 oant 1957 gie Eliot om mei Mary Trevelyan, dy't wurksum wie oan 'e Universiteit fan Londen. Hja liet detaillearre memoires nei, dêr't út nei foarren kaam dat sy wol graach mei Eliot trouwe wollen hie, mar dat hy de boat ôfhold. Ynstee dielde Eliot fan 1946 oant 1957 in appartemint mei syn freon John Davy Hayward, dy't syn papierren samle en in argyf fan Eliot oanlei dat yn syn besit bleau doe't Eliot yn 1957 wertroude. Hayward liet it úteinlik yn 1965 nei oan it King's College fan 'e Universiteit fan Cambridge.

Op 10 jannewaris 1957 troude Eliot, dy't doe 68 jier wie, mei de tritichjierrige Esmé Valerie Fletcher, sûnt 1949 syn siktaresse by Faber and Faber. It houlik waard temûk moarns om kertier oer seizen sletten, yn it bywêzen fan har âlden en fierders frijwol nimmen. Valerie soe har man 47 jier oerlibje. Nei Eliot syn dea wijde hja har oan it behâld fan syn neilittenskip. Sa redigearre se The Letters of T.S. Eliot en foege der oantekens oan ta, en wie se ek behelle yn it meitsjen fan 'e faksimilee fan 'e kladferzje fan The Waste Land. Hja stoar yn har hûs te Londen op 9 novimber 2012.

Eliot stoar op 4 jannewaris 1965 te Londen oan longemfyseem, feroarsake troch syn keattingsmoken. Hy hie dêr doe al jierrenlang almar mear swierrichheden fan ûnderfûn, lykas brongitis en tachykardy (in flugger as normaal hertritme). T.S. Eliot waard neffens syn eigen winsken kremearre, wêrnei't syn jiske byset waard yn 'e Sint-Michaelstsjerke fan East Coker, it doarp dêr't syn foarâlden wei nei Amearika emigrearre wiene. Yn 1967 waard op syn twadde stjerdei in tinkstien yn 'e flier lein fan 'e Poets' Corner yn Westminster Abbey.

In tekening fan Eliot troch Simon Fieldhouse.
  • A Fable for Feasters (1905)
  • [A Lyric:] "If Time and Space as Sages say" (1905)
  • [At Graduation 1905] (1905)
  • Song: "If Space and Time, as Sages Say" (1907)
  • Before Morning (1908)
  • Circe's Palace (1908)
  • Song: "When We Came Home Across the Hill" (1909)
  • On a Portrait (1909)
  • Nocturne (1909)
  • Humoresque (1910)
  • Spleen (1910)
  • [Class] Ode (1910)
  • The Birds of Prey (koart ferhaal; 1905)
  • A Tale of a Whale (koart ferhaal; 1905)
  • The Man Who Was King (koart ferhaal; 1905)
  • [A review of] "The Wine and the Puritans" (1909)
  • The Point of View (1909)
  • Gentlemen and Seamen (1909)
  • [A review of] "Egoist" (1909)
  • Sweeney Agonistes (1926)
  • The Rock (1934)
  • Murder in the Cathedral (1935)
  • The Family Reunion (1939)
  • The Cocktail Party (1949)
  • The Confidential Cler] (1953)
  • The Elder Statesman (1959, mar foar it earst opfierd yn 1958)
  • Christianity & Culture (1939, 1948)
  • The Second-Order Mind (1920)
  • Tradition and the Individual Talent (1920)
  • The Sacred Wood: Essays on Poetry and Criticism (1920)
    • "Hamlet and His Problems"
  • Homage to John Dryden (1924)
  • Shakespeare and the Stoicism of Seneca (1928)
  • For Lancelot Andrewes (1928)
  • Dante (1929)
  • Selected Essays, 1917-1932 (1932)
  • The Use of Poetry and the Use of Criticism (1933)
  • After Strange Gods (1934)
  • Elizabethan Essays (1934)
  • Essays Ancient and Modern (1936)
  • The Idea of a Christian Society (1939)
  • A Choice of Kipling's Verse (1941: in blomlêzing út 'e gedichten fan Rudyard Kipling, gearstald troch Eliot, mei in essay fan himsels oer Kipling)
  • Notes Towards the Definition of Culture (1948)
  • Poetry and Drama (1951)
  • The Three Voices of Poetry (1954)
  • The Frontiers of Criticism (1956)
  • On Poetry and Poets (1957)

Postúm ferskynd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • To Criticize the Critic (1965)
  • The Waste Land: Facsimile Edition (1974)
  • Inventions of the March Hare: Poems 1909-1917 (1996)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side.