Fjouwer Kwartetten
Fjouwer Kwartetten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Four Quartets | |
auteur | T.S. Eliot | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1936-1942 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Fjouwer Kwartetten | |
publikaasje | 1965-1966, yn De Tsjerne 1979, Ljouwert | |
útjouwer | Friese Pers Boekerij | |
oersetter | Haring Tjittes Piebenga |
Fjouwer Kwartetten, yn it oarspronklike Ingelsk: Four Quartets, is in fjouwerdielich dichtwurk fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It earste diel, Burnt Norton, datearret fan 1935, en waard foar it earst útjûn yn 1936, as ûnderdiel fan 'e bondel Collected Poems 1909-1935. De oare trije dielen, East Coker, The Dry Salvages en Little Gidding, skreau Eliot ûnder de Twadde Wrâldoarloch, en waarden doe apart faninoar publisearre yn 'e opienfolgjende jierren 1940, 1941 en 1942. De fjouwer gedichten waarden pas yn 1944 foar it earst as ien gehiel útjûn ûnder de namme Four Quartets. It binne mei-inoar ferbûne meditaasjes mei as mienskiplik tema de relaasje fan 'e minske mei de tiid, it hielal en it godlike. Hoewol't in protte hjoeddeiske kritisy Four Quartets beskôgje as Eliot syn magnum opus, bleau doedestiden in soad resinsinten, lykas de skriuwer George Orwell, Eliot syn iepentlike religiositeit yn 'e kiel stykjen. Four Quartets waard yn 'e jierren 1965-1966 yn it Frysk oerset troch Haring Tjittes Piebenga.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Burnt Norton, de titel fan it earste fan 'e fjouwer dielen, ferwiist nei de namme fan in lânhûs yn 'e Cotswolds (in heuvelte yn westlik Súd-Ingelân), dat Eliot ris besocht hie. Dit meditative gedicht set útein as de ferteller him besiket te konsintrearjen op it no, wylst er troch in tún kuieret. Dêrby rjochtet er him op bylden en lûden lykas dy fan 'e fûgels, de roazen en de wolkens. Op dy manear wit er úteinlik "it stille punt" te berikken, wêrby't er nearne mear hinne hoecht, noch plak en tiid ûnderfynt, mar ynstee inkeld yn syn gewaarwurdings libbet. As de nacht falt, wurdt de meditaasje dûnkerder, oant de ferteller op it lêst prakkesearjenderwize it einpunt fan syn tinken berikt. Hy wreidet út oer de skiene keunsten en harren relaasje mei de tiid, en yn it bysûnder oer de keunst fan 'e dichter en dy syn manipulaasje fan wurden, dêr't de leafde njonken yn it neat falt.
East Coker, it twadde diel fan Four Quartets, is neamd nei in Ingelsk kustdoarp (om persiis te wêzen it doarp dêr't Eliot syn foarâlden wei emigrearren nei Amearika, en dêr't nei syn dea syn jiske yn 'e doarpstsjerke byset waard). It giet oer libben, dea en de bân tusken dy beide dingen. Minsken wurde beskreaun as hopeleas rommelich, en de wittenskip is net by steat en rêdt de minskheid fan syn eigen flaters. Ynstee driuwe wittenskip en rede de minske fierder op it paad dat allegedueringen ta oarloch liet. Neffens East Coker moatte de lju nederich wurde as hja ûntkomme wolle oan dy syklus fan ferneatiging. Hja moatte sawol Kristus as harren ferlosser erkenne, as tajaan dat se ferlossing nedich binne.
Diel trije fan Four Quartets hjit fan The Dry Salvages, wat de namme is fan in rotsformaasje deunby in plak dêr't Eliot yn syn jonkheid wenne. Dit gedicht omfettet in protte bylden út Eliot syn bernetiid, en leit de klam op wetter en silen as metafoar foar de minskheid. Neffens The Dry Salvages bestiet der yn eltse minske in konneksje mei de hiele minskheid. As wy akseptearje dat wy mar wat omdriuwkelje op see, dan sille wy úteinlik wrakslein wurde op 'e rotsen. Wy sitte fêst yn 'e tiid, mar trochdat Kristus de minskheid ferlost hat fan 'e sûnden, bestiet der hope dat wy oan sa'n lot ûntkomme kinne, al foarmet dy hope gjin ûnderdiel fan it hjoed. Wat wy dwaan moatte, is de patroanen yn it ferline begripe om te sjen wat de sin fan it libben is. Dy sin fan it libben lit men de ivichheid ûnderfine yn mominten fan iepenbiering.
Little Gidding, it fjirde en lêste part fan Four Quartets, is neamd nei in lytse anglikaanske plattelânsmienskip yn it Ingelske greefskip Huntingdonshire, dy't oan it begjn fan 'e santjinde iuw stifte waard troch de wittenskipper, hôveling en tsjerklik deken Nicholas Ferrar, en letter fersille rekke ûnder de Ingelske Boargeroarloch (1642-1651). De sintrale tema's yn Little Gidding binne de tiid en it plak fan 'e minskheid yn 'e tiid. Eltse generaasje wurdt omskreaun as in ienheid, en al dy generaasjes mei-inoar foarmje de boustiennen fan 'e Westerske beskaving. As de Twadde Wrâldoarloch oan 'e oarder komt, stelt it gedicht dat de minskheid no kieze moat tusken de bombardeminten fan Londen, en de Hillige Geast. Troch Gods leafde kin de minskheid oan 'e libbene hel fan 'e oarloch ûntkomme troch lottere te wurden yn in faaiefjoer. De ein fan it gedicht fertelt hoe't Eliot de wrâld besocht hat te helpen troch syn wurk as dichter, en hâldt út dat syn wurk mei taal en wurden lykstrekich opgiet mei it wurkjen foar de ferbettering fan 'e minskene siel of de maatskippij.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Four Quartets waard ûnder titel Fjouwer Kwartetten yn it Frysk oerset troch Haring Tjittes Piebenga, dy't de fjouwer dielen fan it gedicht publisearre yn it tydskrift De Tsjerne: Burnt Norton yn 1965; East Coker yn maart 1966; The Dry Salvages yn april 1966 (en teffens yn 1965 yn Asyl); en Little Gidding yn septimber 1966. Yn 1979 brocht Piebenga Fjouwer Kwartetten, yn 'e mande mei twa oare dichtwurken fan Eliot, Oppe Braekswâllen (The Waste Land) en Gerontion (Gerontion), út yn in boekje fan 68 siden by de Friese Pers Boekerij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |