Springe nei ynhâld

Jelle Krol

Ut Wikipedy
Jelle Krol
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1957
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt taalkundige
aktyf as oersetter
reden
  bekendheid
brocht yn 1984 in proaza-
   oersetting fan Beowulf út

Jelle Krol (Drachten, 1957) is in Frysk taalkundige, oersetter en frisist. Hy wurket as fakreferint by Tresoar.

Krol studearre Ingelsk en Frysk oan de Universiteit Grins. Fan 1983 oant 1990 wie er redakteur fan Trotwaer.

Yn 1984 brocht er tegearre mei Popke van der Zee in Fryske proaza-oersetting fan it Aldingelske epos Beowulf út. Teffens hat er belutsen west by de gearstalling en útjefte fan û.m. de Samle Fersen fan Douwe Tamminga, yn 2011.

Fan 1993 oant 1998 krewearre er foar de minderheidtalen yn Jeropa as bestjoerslid fan it European Bureau for Lesser Used Languages. In kar út syn yn de Ljouwerter Krante publisearre resinsjes fan Frysk proaza ferskynde yn 2000 ûnder de titel Swietwei nei de ein.

Yn 2018 ferskynde syn proefskrift Combative Minority Literature Writers in the Aftermath of the Great War, in ferhanneling oer it krewearjen foar emansipaasje fan harren minderheidstaal fan Kalma (Frysk), Saunders Lewis (Welsk), Hugh MacDiarmid (Skotsk) en Rparz Hemon (Bretonsk).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: