In Krystliet yn Proaza
In Krystliet yn Proaza | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | A Christmas Carol | |
auteur | Charles Dickens | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | krystferhaal | |
1e publikaasje | 1843, Londen | |
oarspr. útjwr. | Chapman & Hall | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Krystliet yn Proaza | |
publikaasje | 1991, Boalsert | |
útjouwer | Koperative Utjouwerij | |
oersetter | Jabik Veenbaas | |
ISBN oers. | 9 06 57 02 261 |
In Krystliet yn Proaza, better bekend ûnder de oarspronklike Ingelske titel A Christmas Carol, is in novelle fan 'e njoggentjinde-iuwske Britske skriuwer Charles Dickens, dy't fertelt hoe't de hurdhertige nepert Ebenezer Scrooge yn 'e nacht foar de kryst besocht wurdt troch trije geasten, en fan gefolgen úteinlik ta ynkear komt. It hoopfolle teltsje, dat foar it earst útjûn waard yn 1843, hat him ûntjûn ta ien fan 'e meast ikoanyske krystferhalen dy't mar besteane. Ek hjoed de dei noch is it tige populêr; yn it Ingelsk hat In Krystliet noch nea ûnbestelber west, mei't der almar wer nije printingen ferskine. It is fierders adaptearre ta withoefolle oare media, lykas film, toaniel en opera. De Fryske oersetting fan Jabik Veenbaas kaam út yn 1991.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Charles Dickens libbe yn in tiid, de midden fan 'e njoggentjinde iuw, dat it iere Fiktoriaanske Ingelân in nostalgyske oplibbing trochmakke fan 'e pre-cromwelliaanske krysttradysjes (d.w.s. fan foar de Ingelske Republyk (1649-1660) fan Oliver Cromwell). In wichtige rol spile dêrby prins Albert, keninginne Fiktoaria har Dútske man, dy't de krysttradysjes út syn heitelân yn it Feriene Keninkryk yntrodusearre, lykas it yn 'e hûs heljen en fersieren fan krystbeammen, it ferstjoeren fan krystkaarten en it yn it iepenbier sjongen fan krystlieten (carols).
Dickens kombinearre dizze maatskiplike beweging mei in djippe begienens mei de swakkeren yn 'e maatskippij, en fral mei de bern fan 'e heukerige arbeidersklasse, dy't fuortkaam út 'e ûnderfining fan earmoede yn syn eigen jonkheid. Hy begûn A Christmas Carol te skriuwen yn septimber 1843 en foltôge it yn begjin desimber. As resultaat fan in skeel mei syn útjouwer oangeande de krappe fertsjinsten fan syn foarrige boek, Martin Chuzzlewit, wegere er foar A Christmas Carol in betelling yn ien kear, mar keas ynstee foar in persintaazje fan 'e opbringst yn 'e hope sa syn eigen jildneed te ferlichtsjen. It boek waard útbrocht troch de útjouwerij Chapman & Hall, op 19 desimber 1843. Hege produksjekosten makken dat Dickens bedragen útkaam en der folle minder oan fertsjinne as dat er ferwachte hie. Lykwols wie tsjin krystjûn de earste printinge al net mear te besetten en tsjin maaie 1844 wie de sânde printinge al útferkocht. Dat, ek al foelen de ynkomsten foar de auteur ôf, dochs wie it boek in geweldich ferkeapsúkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn In Krystliet yn Proaza is de haadpersoan de sakeman Ebenezer Scrooge, dy't troch Dickens (yn oersetting fan Veenbaas) omskreaun wurdt as "in tinne, deune, klauwende, skrabjende, gjirrige âlde sûnder", dy't gjin romte yn syn libben hat foar freonlikheid, begrutsjen, goeddiedichheid of goedaardichheid. Hy hatet de kryst, stegeret de útnûging ta in gastmiel troch syn omkesizzer Fred ôf, en wiist inkele hearen op ûnfatsoenlike wize it gat fan 'e doar as hja him om in jefte foar de earmen freegje. Syn iennichste "krystgeskink" is dat er syn oerwurke en ûnderbetelle klerk Bob Cratchit mei wrok en tsjinnichheid tastiet om Earste Krystdei frij te nimmen sûnder lean.
As er op dy bitter kâlde krystjûn, persiis sân jier nei't syn lykstimde sakepartner Jacob Marley stoarn is, nei hûs ta giet, wurdt er besocht troch Marley syn geast, dy't no foar ivich in bestraffing yn it hjirneimels ûndergiet. Marley warskôget Scrooge dat er feroarje moat as er net itselde lot ûndergean wol as hysels, en kundiget oan dat Scrooge dy nachts besocht wurde sil troch trije oare geasten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De earste fan dy geasten, de Geast fan it Krystfeest fan it Ferline, nimt Scrooge mei nei krystfoarfallen út syn jonkheid, dy't de âld nepert in tiid tebinnenbringe dat er noch net sa hurdhertich wie. Dêrby wurdt ek ferklearre hoe't Scrooge wurden is sa't er is en wêrom't er sa'n hekel oan 'e kryst hat.
De twadde besiking, troch de Geast fan it Krystfeest fan it Hjoed, lit Scrooge sjen hoe't oare lju kryst fiere: in fleurige merk mei minsken dy't út te boadskipjen binne foar it krystmiel, de krystfiering yn 'e wente fan in mynwurker en yn in fjoertoer. Ek kriget Scrooge te sjen hoe't it der by syn klerk Bob Cratchit yn 'e hûs om en ta giet, wêrby't dy syn jongste soan, it jonkje Lytse Tim, yntrodusearre wurdt, dat slim siik is, mar dêr net foar behannele wurde kin om't Scrooge it ferhipt en betelje Cratchit in fatsoenlik lean. Ek besykje de frek en de geast it gastmiel fan syn omkesizzer Fred, dêr't Scrooge raar opheart fan hoe't er by oaren oer de tonge giet.
De trêde geast, de Geast fan it Krystfeest fan 'e Takomst, komt Scrooge tenei mei skriklike fizioenen fan wat der barre sil as er net ta ynkear komt. Dêrûnder binne it ferstjerren fan Lytse Tim en sênes dy't foarútwize nei Scrooge syn eigen dea, mar dy't er net begrypt, of beart net te begripen. Einlings en te'n lêsten wurdt Scrooge syn eigen fertutearze grêf, dêr't nimmen noch nei omsjocht, oan him toand, wat him beweecht ta in ynmoedich ûnthjit dat er feroarje sil.
Scrooge wurdt wekker op 'e moarn fan Earste Krystdei mei nije blydskip en leafde foar it libben yn syn hert en bringt de dei troch mei it gesin fan syn omkesizzer, nei't er anonym de grutste kalkoen dy't er fine kin as krystgeskink nei de Cratchits stjoerd hat. De oare moarns ferheget er daliks Bob Cratchit syn lean en giet mei Bob nei hûs om dêr oarder op saken te stellen, ûnder mear troch medyske behanneling foar Lytse Tim te beävensearjen. Scrooge is yn ien nacht tiid in folslein oare man wurden en behannelet syn meiminske no mei freonlikheid, goederjouskens en begrutsjen. Sterker noch, hy kriget de namme in man te wêzen dy't de geast fan it krystfeest sels belichemet en wurdt nei syn dea slim mist troch in elk mei wa't er sûnt dy nacht gedoente hân hat.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]A Christmas Carol waard yn 1991 troch Jabik Veenbaas oerset yn it Frysk ûnder de titel In Krystliet yn Proaza en as ûndertitel In Spûkferhaal oer Krysttyd. It waard, mei yllústraasjes fan Arthur Rackham, útjûn troch de Koperative Utjouwerij te Boalsert, yn 'e mande mei it Frysk Genoatskip. It set- en printwurk waard dien troch It Wite Boekhús, ek te Boalsert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |