Springe nei ynhâld

Chapman & Hall

Ut Wikipedy
Chapman & Hall
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1834
oprjochter Edward Chapman en William Hall
eigner Informa
mem CRC Press
offisjele webside
www.crcpress.com/...

Chapman & Hall is in Britske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1834 en fêstige is te Londen. Sûnt de 1930-er jierren is it in ymprint dy't gauris yn oare hannen oergien is. Hoewol't Chapman & Hall foarhinne bekend stie om syn literêre útjeften, wurdt de ymprint op 't heden inkeld noch brûkt foar wittenskiplike non-fiksje op it mêd fan wiskunde en statistyk.

Chapman & Hall waard yn 1834 yn 'e Britske haadstêd Londen oprjochte troch de útjouwers Edward Chapman en William Hall. Nei it ferstjerren fan dy lêste yn 1847 gie Chapman in partnerskip oan mei syn neef Frederic Chapman, dy't it nei de pinsjonearring fan Edward Chapman yn 1864 yn it bedriuw allinnich foar it sizzen krige. Yn 1868 kocht Anthony Trollope in trêdepart fan 'e útjouwerij op foar syn soan Henry Merivale Trollope. Chapman & Hall stie lange tiid bekend om syn útjeften fan literêre fiksje, wêrby't it gie om wurk fan grutte nammen as Charles Dickens, William Thackeray en Evelyn Waugh.

Yn 'e 1930-er jierren fúzjearre Chapman en Hall lykwols mei Methuan & Co., en de dêrút ûntstiene útjouwerij gie yn 1958 op yn 'e Associated Book Publishers dy't yn 1987 op syn beurt wer oernommen waard troch de Thomson Corporation. Chapman & Hall waard yn 1998 fannijs ferkocht as ûnderdiel fan Thomson Scientific and Professional, en kaam doe yn 'e hannen fan it Nederlânske útjouwersconcern Wolters Kluwer, dat de heech oanskreaune ymprint foar wiskunde en statistyk trochferkocht oan CRC Press. Yn 2003 waard CRC oernommen troch Taylor and Francis, dat sels sûnt 2004 ûnderdiel útmakket fan 'e Informa-groep.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.