Springe nei ynhâld

Krystbeam

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

In krystbeam is in nullebeam dy't fan âlds om Kryst hinne yn 'e hûs helle wurdt om fersierd te wurden mei kearskes, ballen, slingers, ingelehier en in ferskaat oan oare dekorative figueren (en in pyk). Krystbeammen wurde no ek yn de iepenbiere romte fûn; men sjocht se yn tunen, parken, strjitten en op pleinen.

De krystbeam hat woartels yn de foar-kristlike tiid, soe in heidensk fruchtberheidssymboal wêze. Omdat nullebeammen grien bliuwe yn de winter, fertsjintwurdigje sy de fernijing fan it libben.