Jan Dotinga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Dotinga (Britsum, 1 july 1934) is in Frysk skriuwer. Dotinga groeide op yn it Stienzer Aldlân op en folge de oplieding ta ûnderwizer oan de Herfoarme kweekskoalle Mariënburg te Ljouwert. Hy stie oan de kristlike legere skoallen yn De Pein, Skearnegoutum, Marrum, It Hearrenfean en Ternaard. Dêrnei wie er fjouwer jier learaar oan de Lânbouhúshâldskoalle te Garyp. Fan 1969 oant 1985 wie er haad fan 'e Skoalle fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.

Yn 1960 (‘Aldershûs’), 1962 (‘Unbiwenber forklearre’), 1964 en 1975 (‘Stil minske yn ‘t swart’) wûn er de Rely Jorritsmapriis. De grutte Provinsjale priis foar proaza en poëzy oer de lêste oarloch (3e priis foar fers : ‘Fiif ympresjes’)

Mei Baukje Wytsma soarge er foar de sjong- en sprekteksten yn it muzykspektakel Gysbert sjongt, foar de Boalserter Oratoariumferiening yn 1995, op wizen fan Jaap Oosterwijk.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lytse Ivichheit (1965)
  • Nei oanlieding (1966)
  • Notysjes (1966)
  • Apel en aei (In leafdesfers nei it heechliet. Lino’s en typografy fan Gerrit H. Messchendorp) (1972
  • Finsters op Helgolân (1974)
  • Flaggen en tûkelteammen (1978)
  • Efter it blêd oan (1981)
  • Byldtaal / Beeldtaal (1982)
  • Nôt (It ferhaal fan Ruth yn fersen) (1988)
  • Sêft wurdt de hurde domme dei (bernegedichten) (1988)
  • Lang gjin lykwicht : fersen fan de tachtiger jierren
  • Ik wol dy wizer ha (2003)
  • Moeting mei de dea - hûndert kwatrinen. Oersetting fan hûndert kwatrinen fan W.A.P. Smit. (2011)

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nou’t Hij de hichte hat… (bondel mei gebeden, fersen en belidenissen (1979)
  • Wa sil genêze (gedichten, gedachten, gebeden en belidenissen) (1982)
  • Fan wurden oermânsk (gedichtesyklus skreaun n.o.f. proaza en poëzy fan Simke Kloosterman) (1991)
  • Frieslands dichters Vandaag (redaksje, mei oaren)( 1979)
  • De Ham, in doarp op ’e sânen, in histoarje fan Droegeham (1985)
  • Fertel en fier it feest (bydrage yn bondel mei fersen en ferhalen foar kristlike feestdagen) (1986)
  • Mei de dea foar eagen (bysûnder nûmer fan De Stim fan Fryslân, redaksje, mei oaren) (1990)
  • Lieten foar libbenen, foar de Sneker Cantorij, op muzyk set troch Wim D. van Ligtenberg. (1991).
  • Fan bern, klúnkoek en tsjerken (sammelbondel fan stikjes proaza skreaun foar De Stim fan Fryslân en Geandewei) (2006)