Janneke Spoelstra
Janneke Spoelstra (Hijum, 4 april 1962) is in Fryske skriuwster en oersetster út Alde Leie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As fanke skreau se yn it kuorbalkrantsje de Goocheme Goaier en stjoerde se, oars sûnder sukses, gedichten nei de Lyrische Courant fan de Ljouwerter Krante.
Neidat se de Afûk-diploma's A, B, C en akte helle hie, folge se de hbû-oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder.
Yn 2000 kaam der in oersetting fan har yn it Frysk fan de roman 'Pan' fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004).
Yngeand beskriuwt se har lesbysk wêzen [1] yn de ferhalebondel In Jikse-libben. Hja is dêrmei yn de Fryske literatuer de earste dy’t de leafde tusken froulju as ûnderwerp fan har ferhalen makket. Sy is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir en sûnt 2009 fan it nije yntermediale blêd Ensafh, dat ûntstie út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004: Goeie is it Wachtwurd (poëzij)
- 2008: In Jikse-libben (ferhalen)
- 2011: Langst fan 'e Dagen (poëzij)
- 2020: Wij yn 'e draaimûne (dichtbondel)
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2000: Pan (nei Pan, fan Knut Hamsun)
- 2008: Allinne (nei Alone, fan Edgar Allan Poe)
- 2008: Auck van der Leij (nei Annabel Lee, fan Edgar Allan Poe)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|