Springe nei ynhâld

Allinne (gedicht fan Edgar Allan Poe)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Allinne (Edgar Allan Poe))
Allinne
algemiene gegevens
oarspr. titel Alone
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
skreaun 1827
1e publikaasje 1875
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Allinne
publikaasje 2008, yn HJIR
oersetter Janneke Spoelstra

Allinne, yn it oarspronklike Ingelsk: Alone, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It bestiet út 22 fersregels en waard oarspronklik skreaun yn 1829. It is nei alle gedachten in reäksje fan 'e dichter op it ferstjerren fan syn mem, Frances Allan, yn febrewaris fan dat jier, mar it waard by Poe syn libben nea publisearre. Pas yn septimber 1875 ferskynde Alone, wêrfan't it manuskript yn it besit west hie fan in foaroansteande famylje yn Baltimore, yn it tydskrift Scribner's Monthly. De Fryske oersetting, fan Janneke Spoelstra, datearret út 2008.

Alone wurdt ornaris ynterpretearre as in autobiografysk gedicht, wêryn't de gefoelens fan isolaasje en ynderlike foltering, dy't de auteur ûndergie, ta útdrukking komme. Party Poe-kenners, lykas de dichter Daniel Hoffman, wiene fan tinken dat Alone it bewiis is dat Poe wier-wier al ier mei syn geastlike sûnens ompakte. It gedicht jout in ynkyk yn Poe syn gedachtewrâld doe't er tweintich jier wie.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Alone ferskynde yn 2008 ûnder de titel Allinne yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Janneke Spoelstra.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, Allinne (oers. Janneke Spoelstra), yn: HJIR, ISSN 1384-0614, jiergong 37 (2008), ôfl. 6 (nov.), s. 58-59.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.