Eelkje Tuma
Eelkje Tuma | ||
skriuwer | ||
Eelkje Tuma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 maart 1966 (51 jier) | |
berteplak | Ie | |
wurk | ||
taal | Frysk |
Eelkje Tuma (Ie, 18 maart 1966), is in yn Sweden wenjende skriuwster dy't yn it Frysk publisearret.
Eelkje Tuma waard berne te Ie. Se studearre kulturele antropology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, wat se ôfrûne mei in doktoraalskripsje oer Noardsweedske begraffenisrituëlen. Tuma wennet sûnt 1992 yn Sweden, tsjintwurdich yn Pajala, dêr't se muzykdosinte is en by in skoalle administratyf wurk docht. Se is troud mei de Sweedske auteur Mikael Niemi.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tuma debutearre yn 1996 mei de roman Leafste lea, dy't giet oer hoe't in jonge frou har ûntwrakselt oan har famylje en eftergrûn. Yn 2004 krige Tuma yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen in wurkbeurs fan it Fûns foar de Letteren foar it skriuwen fan in roman mei de wurktitel Paadwizer. De roman ferskynde yn 2009 by Utjouwerij Fryslân. Tuma, dy't harsels in stadige skriuwster neamt, waard by it ta stân kommen fan it boek begelaat troch de Fryske skriuwer Piter Boersma.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1996: Leafste lea (roman)
- 2009: Paadwizer (roman)
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Omrop Fryslân, Buro de Vries, ôfl. 23, 24 juny 2007 - Fraachpetear mei Eelkje Tuma (52h 35m)
- Fryske Modernen (datum ûnbekend) - Eelkje Tuma en Fryske Modernen: ‘Skriuwe dogge je allinne’
- De Moanne/Trotwaer, (6), nr. 7, septimber 2007 - Onno P. Falkena: Twadde Fryske roman fan boppe de poalsirkel ûnderweis
- Frysk antropolooch
- Frysk ûnderwizer
- Frysk romanskriuwer
- Skriuwer yn it Frysk
- Nederlânsk antropolooch
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk romanskriuwer
- Sweedsk antropolooch
- Sweedsk ûnderwizer
- Sweedsk romanskriuwer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Sweedsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ie
- Persoan berne yn 1966