Springe nei ynhâld

Utjouwerij Fryslân

Ut Wikipedy
Utjouwerij Fryslân
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Grou (Fryslân)
oprjochte <1972
oprjochter Thijs Terpstra
eigner Afûk
offisjele webside
gjint

Utjouwerij Fryslân wie in útjouwerij fan benammentlik Frysktalige boeken, dy't fêstige wie oan 'e Lytse Buorren yn Grou, en oprjochte waard troch ûndernimmer en wethâlder Thijs Terpstra (1916-2006). Dit bedriuw wie teminsten fanôf 1972 aktyf, en waard letter oernommen troch de Afûk, dy't de namme as in ymprint yn elts gefal noch oant 2009 hanthavene.

Utjouwerij Fryslân wie û.m. ferantwurdlik foar de útjefte fan ferskate oersettings nei it Frysk, wêrûnder De Klank fan de Fanfare, fan Johano Strasser (1990); De Koperen Tún, fan Simon Vestdijk (1994); It Achterhûs, fan Anne Frank (1995); en It Paradys Ferlern, fan John Milton (2009).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: