José de Espronceda

Ut Wikipedy
José de Espronceda
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme José Ingnacio Javier Oriol
   Encarnación de Espronceda
   Delgada
nasjonaliteit Spaansk
berne 25 maart 1808
berteplak Pajares de la Vega (Spanje)
stoarn 23 maaie 1842
stjerplak Madrid (Spanje)
etnisiteit Ekstremadoereesk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, lit. romans
perioade 1e helte 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Sancho Saldaña o El Castellano
   de Cuéllar

El Estudiante de Salamanca
El Diablo Mundo
jierren aktyf ±18241842
offisjele webside
n.f.t.
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is José Ignacio Javier Oriol Encarnación. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Espronceda, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Delgada. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Espronceda of oars (de) Espronceda Delgada brûkt wurde.

José de Espronceda (Spaanske útspr.: [xo'se: də ɛspron'θedɑ]), folút: José Ignacio Javier Oriol Encarnación de Espronceda Delgada; Pajares de la Vega, by Almendralejo, 25 maart 1808Madrid, 23 maaie 1842) wie in ferneamd Spaansk dichter en skriuwer út it tiidrek fan 'e Romantyk. Hy stie bekend om syn linkse politike stânpunten en tinkbylden, wêrfoar't sels in hoart út Spanje ferballe waard. Hjoed de dei wurdt er mei José Zorilla beskôge as de wichtichste Romantyske dichter fan Spanje, en teffens as de meast rebelske Spaanske dichter ea. Hy stoar yn 'e âldens fan 34 jier oan diftery.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Espronceda waard yn 1808 berne yn in begoedige fermidden yn Pajares de la Vega, by Almendralejo, in plak yn 'e provinsje Badajoz, yn it ûnfruchtbere en tinbefolke Ekstremadoera, tsjin 'e grins mei Portegal oan. As jongfeint studearre er oan it Colegio San Mateo te Madrid, dêr't er û.o. de ferneamde dichter Alberto Lista as dosint hie.

Yn 1823, doe't er fyftjin jier wie, foarme er mei freonen, lykas Ventura de la Vega en Patricio de la Escosura, in geheim genoatskip dat se Los Numantinos ("De Numantinen") neamden (ferwizend nei de stêd Numantia, dy't yn 'e earste iuw f.Kr. seis jier lang ferset bea oan 'e Romeinske ferovering fan it Ibearysk Skiereilân). De leden fan Los Numantinos spanden gear tsjin 'e Spaanske kening Ferdinand VII en dy syn absolutistyske regear, mei as doel en wreekje de dea fan 'e oarlochsheld en liberale politikus Rafael de Riego (dy't de kening foar heechferrie terjochtstelle litten hie om't er yn it parlemint foar it beheinen fan 'e keninklike macht stimd hie). Doe't de gearspanning yn 1825 útkaam, waard Espronceda foar fiif jier finzenset yn in kleaster te Guadalajara, mar yn 1826, doe't er achttjin wie, wist er te ûntsnappen nei Portegal, dêr't er him yn 'e haadstêd Lissabon nei wenjen sette. Hy waard doe út Spanje ferballe, sadat er net weromkoe.

It ûnderrjocht dat er fan Lista genoaten hie, hie yn him de ambysje ta in literêre karriêre wekker makke, en ûnder syn finzenskip yn it kleaster sette er útein mei it skriuwen fan it histoaryske gedicht El Pelayo, dat er lykwols nea ôfmakke. Letter skreau er de roman Sancho Saldaña o El Castellano de Cuéllar ("Sancho Saldaña of De Kastielhear fan Cuéllar", 1834). Syn oare wichtichste wurken binne de lange lyryske gedichten El Estudiante de Salamanca ("De Studint fan Salamanca", 1839), in syklus fan sa'n twatûzen fersen, en El Diablo Mundo, besteande út likernôch 8.100 fersen, dat ûnfoltôge bleau. Oare bekende gedichten fan him binne El Verdugo ("De Boal"), El Mendigo ("De Bidler"), El Canto del Cosaco ("It Liet fan de Kosak"), La Canción del Pirata ("De Sang fan de Seerôver") en Himno al Sol ("Hymne oan de Sinne").

Yn Lissabon joech Espronceda him by in groep oare ferstjitlingen, en dêr kaam er yn 'e kunde mei Teresa Mancha, de dochter fan 'e liberale balling Epifanio Mancha, foar wa't er it Canto a Teresa (in passaazje út El Diablo Mundo) skreau. Mei har libbe er letter gear yn Dútslân, Belgje, Nederlân, Frankryk en it Ingelske Londen. Yn 1833, doe't Ferdinand VII stoar, kearde Espronceda mei Teresa werom nei Spanje ûnder de algemiene amnesty dy't doe fan krêft waard. Hy waard doe aktyf oan 'e lofterútein fan it Spaanske politike spektrum, as in lid fan wat doedestiden de radikalen neamd waarden. Fanwegen it lossinnige libben dat er hie, fol mei skandalen en wylde eksploaten, ferliet Teresa him yn 1838. Nei't hja by him wei gien wie, wijde Espronceda him alhiel oan 'e polityk. Yn 1841 waard er beneamd ta siktaris op 'e Spaanske ambassade yn De Haach. It jiers dêrop waard er yn it Spaanske parlemint keazen foar de Progressive Partij. Espronceda stoar datselde jiers noch yn Madrid oan diftery, doe't er op it punt stie en trou mei syn nije mêtresse.

Espronceda yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien gedicht fan José de Espronceda is nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling fan A un Ruiseñor hat Bruinsma ûnder de titel Oan in Nachtegeal yn 1980 publisearre yn it septimbernûmer fan it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Espronceda, José de, Oan in Nachtegeal (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1980, septimbernû., s. 4-5.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.