Sofokles

Ut Wikipedy
Sofokles
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sophoklēs (Σοφοκλῆς)
nasjonaliteit Ateensk
berne 496 f.Kr.
berteplak Kolonos (Attika)
stoarn 406 f.Kr.
stjerplak Atene (Attika)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre toaniel, poëzij
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Kening Oidipoes
Oidipoes yn Kolonos
Antígoné
Filoktêtês
jierren aktyf 468406 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Sofokles of Sofoklês (Aldgryksk: Σοφοκλῆς, Sophoklēs; Kolonos, 496 f.Kr. - Atene, 406 f.Kr.) wie ien fan 'e trije grutte Attyske trageedzjedichters, njonken Euripides en Aiskylos.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn 496 f.Kr. yn Kolonos (in foarstêd fan Atene), as soan fan in rike wapensmid. De jonge Sofokles krige in fersoarge opfieding, op sportyf mêd, mar ek op artistyk flak. Yn 480 krige er, as jonge fan 16, de lieding fan en trede op as stjerútfierder by in oerwinningsfeest nei de Slach by Salamis, neffens de leginde ûnder it goedkarrend each fan Aiskylos, dy't ien fan de huldigden wie, wylst op datseldichste stuit in eintsje fierder op it eilân Salamis Euripides berne waard. Sofokles droech blykber syn literêr talint oer op syn neiteam. Syn soan Iofon wie ek treurspuldichter, krekt as in oerwûne pakesizzer, Sofokles “de Jongere”, foar wa't er iepentlik in swak hie.

Yn 468 f.Kr. die Sofokles foar it earst mei oan it Feest fan Dionysus, de prestizjeuze toanielskriuwwedstryd fan 'e stêdsteat Atene, en dat wie it begjin fan in tradysje dy't 60 jier duorje soe. Yn dy lange karriêre soed er 24 kear de hhadpriis winne (yn 458 f.Kr. gie de haadpriis foar de lêste kear nei Aiskylos, en yn 455 f.Kr. waard Euripides foar de earste kear bekroane). Neffens de Suda, in tsiende-iuwske ensyklopedy, skreau Sofokles yn syn libben yn totaal 123 toanielstikken, mar dêrfan binne mar sân yn folsleinens oant yn 'e moderne tiid bewarre bleaun.

Sofokles beweegde him yn Atene yn 'e heechste fermiddens. Mei ûnder mear Herodotos (skriuwer-histoarikus), Anaksagoras (filosoof), Hippodamos (arsjitekt) en Fidias (byldhouwer) makke er diel út fan 'e artistike en yntellektuële hegerein om Perikles hinne. Hy beklaaide in stikmannich hege politike en militêre funksjes. Sa wied er yn 443/442 f.Kr. hellenotamias (ien fan 'e tsien behearders fan 'e Delysk-Attyske Bûnskas). Yn 441 f.Kr. krige er mei Perikles it oerbefel yn in militêre kampanje tsjin Samos (in "beleanning" foar syn Antigone, bewearden syn rivalen). Fierdersoan ferfolle er yn 'e perioade 425-420 f.Kr. guon religieuze funksjes: as preester fan Asklepios stelde er û.o. syn wente ta beskikking fan 'e earetsjinst, yn ôfwachting fan 'e foltôging fan it nije hillichdoam foar Asklepios. Hy komponearre ek in kultus-liet ta eare fan Asklepios. En yn 413 f.Kr., mei de bestjoerlike krisis dy't ûntstien wie nei de Ateenske nederlaach yn Sisylje waard er oansteld as próboulos mei bysûndere regearingsfolmachten.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meastepart fan syn oeuvre kaam ta stân yn 'e sombere oarlochsjierren fan 'e Peloponnezyske Oarloch, wêrfan't de aktualiteit him wolris ynspirearre. Sa ûntstie bygelyks syn ferneamde Oidipous Tyrannos nei de pestepidemy dy’t de Ateenske befolking desimearre. Yn 407-406 f.Kr. skreau er syn alderlêste wurk, Oidipous epi Kolōnō (it stik waard pas postúm útfierd yn 401 f.Kr.). Doe't syn rivaal Euripides yn 406 f.Kr. stoar, seach men Sofokles yn 'e rou. Sels ferstoar er noch datselde jiers op 'e hege âlderdom fan 90 jier. Neffens syn biografen ferslokte er him op fatale wize, doe’t er by in banket op fersyk deklamearre út syn leaflingsstik, de Antigone.

Sofokles yn in himation. Romeinske moarmeren kopy fan in Gryksk orizjineel.

Yn folsleinens oerlevere wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fragmintarysk oerlevere wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aias Lokros (Ajaks de Lokriaan)
  • Aias Mastigophoros (Ajaks de Swipedrager)
  • Aigeus
  • Aigisthos
  • Aikhmalōtides (De Finzene Frou)
  • Aithiopes (De Etiopiërs), of Memnon
  • Akhaiōn Syllogos (De Gearkomsten fan de Acheeërs)
  • Akhilleōs Erastai (Minners fan Achilles)
  • Akrisios
  • Aleadae (De Soannen fan Aléus)
  • Aletes
  • Alexandros (Aleksander)
  • Alcmeōn
  • Amphiaraus
  • Amphitryōn
  • Amycos
  • Andromache
  • Andromeda
  • Antenoridai (Soannen fan Antenor)
  • Athamas (twa ferzjes)
  • Atreus, of Mykenaiai (De Myseners)
  • Camicoi
  • Cassandra
  • Cedaliōn
  • Cerebros
  • Chryseis
  • Clytemnestra
  • Colchides
  • Cōphoi (De Stommen)
  • Creusa
  • Crisis (Oardiel)
  • Daedalus
  • Danae
  • Dionysiacus
  • Dolopes
  • Epigoni
  • Eriphyle
  • Eris
  • Eumelus
  • Euryalus
  • Eurypylus
  • Eurysaces
  • Helenes Apaitesis (De Eask fan Helêna)
  • Helenes Gamos (Helêna Har Houlik)
  • Heraklēs Epi Tainaro (Heraklês te Tainarum)
  • Hermione
  • Hipponous
  • Hybris
  • Hydrophoroi (De Wetterdragers)
  • Inachos
  • Iobates
  • Iokles
  • Iōn
  • Iphigenia
  • Ixiōn
  • Lacaenae (De Lakeenske Froulju)
  • Laocoōn
  • Larisaioi
  • Lemniai (De Lemnyske Froulju)
  • Manteis (De Profeten), of Polyidus
  • Meleagros
  • Minōs
  • Momus
  • Mousai (De Muzen)
  • Mysoi (De Mysiërs)
  • Nauplios Katapleon (Nauplios Syn Oankomst)
  • Nauplios Pyrkaeus (Nauplios Syn Fjurren)
  • Nausicaa, of Plyntriai
  • Niobe
  • Odysseus Acanthoplex (Odysseus Hoffene mei Toarnen)
  • Odysseus Mainomenos (Odysseus Gek Wurden)
  • Oeneus
  • Oenomaus
  • Palamedes
  • Pandora, of Sphyrokopoi (De Hammerslaggers)
  • Pelias
  • Peleus
  • Phaiakes
  • Phaedra
  • Philoktētēs epi Iliōn (Filoktêtês yn Troaje)
  • Phineus (twa ferzjes)
  • Phoenix
  • Phrixus
  • Phryges (De Frygiërs)
  • Phthiōtides
  • Poimenes (De Skepers)
  • Polyxene
  • Priam
  • Procris
  • Rhizotomoi (De Woartelsnijers)
  • Salmoneus
  • Sinon
  • Sisyphus
  • Skyrioi (De Skyriërs)
  • Skythai (De Skyten)
  • Syndeipnoi (De Iters)
  • Tantalus
  • Telephus
  • Tereus
  • Teukros
  • Thamyras
  • Theseus
  • Thyestes
  • Troilus
  • Triptolemos
  • Tympanistai (De Tromslaggers)
  • Tyndareos
  • Tyro Keiromene (Tyro Skeard)
  • Tyro Anagnorizomene (Tyro Op 'en Nij Untdutsen)
  • Xoanephoroi (De Bylddragers)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.