Abbekaat
Appearance
(Trochferwiisd fan Mr.)
In abbekaat of advokaat is in ekspêr op it mêd fan juridyske oangelegenheden, dy't ynhierd wurde kin troch lju dy't datoangeande yn 'e swierrichheden ferkeare. De formele titel fan in abbekaat is master yn 'e rjochten; hy of sy draacht sadwaande de ôfkoarting mr. foar de namme.
In abbekaat wurdt ek wol riedsman of riedsfrou neamd, om't hy of sy harren kliïnten mei rie en die bysteane. (Dy term moat net betize wurde mei dy fan riedshear, want dat is in rjochter by in hegere rjochtbank.) In abbekaat yn strafsaken wurdt ek wol in strafpleiter of strafpleitster neamd.
Oars as by in notaris, dy't meastal foar twa partijen wurket, is de abbekaat as belangebehertiger altyd partijich.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lawyers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |