Hadewych (skriuwster)

Ut Wikipedy
Hadewych (skriuwster)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Hadewych fan Antwerpen
echte namme Hadewych
nasjonaliteit Brabânsk
berne 13e iuw
berteplak Antwerpen? (Brabân)
stoarn 13e of 14e iuw
stjerplak ? (Brabân)
etnisiteit Flaamsk
wurk
taal Midnederlânsk
sjenre poëzij, non-fiksje (religiosa)
perioade Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Strofische Gedichten
jierren aktyf 13?? – 13?? / 14??
offisjele webside
n.f.t.
It earste fan Hadewych har Fersen fan Minne. Hânskrift te Gint, UB, 941, f. 49r.

Hadewych wie in trettjinde-iuwske mystika, dy't beskôge wurdt as de grutste Midsiuwske Nederlânsktalige dichteresse en skriuwster.

Hadewych wie in foarrinster fan Jan fan Ruusbroec en wurdt faak "Hadewych fan Antwerpen" neamd, al is dat in lettere en mooglik misliedende tafoeging. Der is eins net in protte mei wissichheid oer har te sizzen, al kin út har geskriften opmakke wurde dat se fan begoedige, mooglik aadlik, komôf wie, faak ferhúzje moast (wat har alhiel net noaske) en wierskynlik as begyn libbe. Wol is dúdlik dat se njonken har memmetaal ek it Frânsk en it Latyn goed yn 'e macht hie. Har wurk is skreaun yn it Brabânske dialekt fan it Midnederlânsk en der wurdt wol tocht dat se hikke en tein wie yn Antwerpen (stêd)Antwerpen en dat se neitiid yn Groenendaal, ûnder Brussel wenne, mar dat is mar rieden. Sels it jier fan har berte en ferstjerren binne ûnbekend; har skriuwwurk is troch de moderne taalwittenskip om 1240 hinne datearre.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Visioenen: beskriuwings fan 'e 11 religieuze iepenbierings dy't se ûnderfûn hie.
Brieven: 31 brieven, dy't hjir en dêr mear wei hawwe fan teologyske epistels.

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Berijmde Brieven: befetsje itselde soarte fan religieuze moannings as de proaza-Brieven.
  • Mengeldichten: 29 yn getal, wêrfan't op grûn fan hanskrift en wurdkar inkeld de earste 16 oan Hadewych taskreaun wurde kinne.
  • Strofische Gedichten: 45 mystike leafdesgedichten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bruinsma, Klaas, Ynlieding, yn: Hadewych, Fersen fan Minne, Ljouwert, 2001 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 721).