Aleksander Blok

Ut Wikipedy
Aleksander Blok
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aleksander Aleksandrovitsj Blok
(Александр Александрович Блок)
nasjonaliteit Russysk
berne 28 novimber 1880
[datum Alde Styl: 16 novimber]
berteplak Sint-Petersburch (Ruslân)
stoarn 7 augustus 1921
stjerplak Petrograd (Ruslân)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Russysk
sjenre poëzij
perioade Belle Époque
bekendste
  wurk(en)
Стихи о Прекрасной Даме
(Fersen oer de Himmele Dame)
jierren aktyf 18981921
offisjele webside
n.f.t.

Aleksander Blok, folút: Aleksander Aleksandrovitsj Blok (Russysk: Александр Александрович Блок; sekuerdere transliteraasje: Aljeksandr Aljeksandrovič Blok; Sint-Petersburch, 28 novimber [datum Alde Styl: 16 novimber] 1880 – dêre (Petrograd), 7 augustus 1921) wie in Russysk dichter waans wurk oft ta de streaming fan it Russysk symbolisme rekkene wurdt. Hy wurdt nei Poesjkin as ien fan 'e grutste dichters fan Ruslân sjoen. Syn bekendste dichtbondel is Fersen oer de Himmele Dame.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blok, dy't foar in part fan Dútsk komôf wie, waard berne yn Sint-Petersburch, yn in begoedige fermidden en in famylje dy't hearde ta de Russyske yntelligintsia. Syn heit hie in heechlearaar yn 'e rjochten west te Warsjau, wylst syn pake oan memmekant de rektor fan 'e Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch west hie. Nei de skieding fan syn âldelju groeide Blok fierder op yn 'e húshâlding fan aristokratyske famyljeleden op it bûten Sjachmatovo, deunby Moskou, dêr't er yn 'e bibleteek yn 'e kunde kaam mei de filosofy fan Vladimir Solovjov, en de poëzij ûntdiek fan doedestiden obskuere njoggentjinde-iuwske dichters as Fjodor Tjoettsjev en Afanasi Fet. Blok syn eigen iere útjeften, letter gearbrocht yn 'e bondel Ante Lucem (1900), soene dêr wakker troch beynfloede wurde.

Blok op Sovjet-postsegel út 1980.

Yn 1903 troude Blok mei Ljubov "Ljuba" Dmitrijevna Medelejeva, de dochter fan 'e ferneamde skiedkundige Dmitri Mendelejev. Letter soe hja him behelje yn in yngewikkelde haat-leafdetrijehoek mei in oare symbolistyske dichter, Andrej Bely. Oan Ljuba droech er fierders syn bekendste wurk op, de dichtsyklus Стихи о Прекрасной Даме (Stichi o Prjekasnoj Damje, "Fersen oer de Himmele Dame"), wêrmei't er yn 1904 ferneamd waard. Tusken 1910 en 1920 wie de wurdearring foar Blok ûnder syn kollega's hast unanym. Syn ynfloed op jongere dichters wie boppedat suver net benei te kommen. Anna Achmatova, Boris Pasternak en Vladimir Nabokov droegen wichtige gedichten oan him op.

Yn it lêste part fan syn libben lei Blok yn syn wurk de klam op politike tema's, wêrby't er de messiaanske lotsbestimming fan syn heitelân bemimere. Troch de ynfloed fan Solovjov syn learstikken wied er oanhelle rekke mei dizenige apokalyptyske skrikbylden, en wifke er gauris tusken hope en wanhope. Yn 'e simmer fan 1917 skreau er yn syn deiboek: "Ik haw it gefoel dat in grut barren op kommendeweis is, mar wat it persiis wêze sil, is my net klear." Foar de measten fan syn bewûnderders kaam it as in folsleine ferrassing dat Blok him ûntjoech ta in grut oanhinger fan 'e bolsjewistyske Oktoberrevolúsje fan dat jier, dy't er beskôge as de útkomst fan syn apokalyptyske oanstriden.

Tsjin 1921 wied er lykwols folslein desyllúzjonearre rekke. Trije jier lang hied er alhiel gjin poëzij mear skreaun. Doe't er siik waard, retten syn dokters in behanneling yn it bûtenlân oan, mar it kommunistyske regear fan 'e jonge Sovjet-Uny wegere him gean te litten. Blok syn freon, de skriuwer Maksim Gorki, gie foar him yn 't pleit en mei súkses: op 10 augustus krige Blok tastimming om it lân út. It kaam lykwols te let: de dichter wie op 7 augustus stoarn.

Blok yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gedicht Арктика (Arktika) fan Aleksander Blok is yn 2001 nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Arktika waard yn 2002 publisearre yn ôfl. 2 fan it ynternettydskrift Kistwurk, en is opfreechber by Tresoar ûnder oanfraachnû. 2001.004 (al is by dat lemma yn it digitale argyf fan Tresoar Blok syn namme misstavere as "Bolk").

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Blok, Aleksander, Arktika (oers. Klaas Bruinsma), 2001, Tresoar, oanfraachnû. 2001.004; en yn: Kistwurk, 2002, ôfl. 2.


Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.