Sibrand fan Hallum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sibrand fan Hallum
Sibrandus
MitreSmall.svg geastlike
nasjonaliteit Banner of the Holy Roman Emperor with haloes (1400-1806).svg Roomsk-Dútsk
bertedatum ein 12e iuw
berteplak yn Fryslân
stjerdatum 1238
stjerplak Hallum (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
abt fan it Kleaster Mariëngaarde
amtsperioade 12301238
foargonger Siard fan Hallum
opfolger Jarich fan Hallum (Jaricus)[1]

Sibrand fan Hallum (kleasternamme: Sibrandus; yn Fryslân, ein 12e iuwHallum, 1238) wie in Frysk mûnts dy't yn 1230 syn foargonger Siard fan Hallum opfolge as de sechsde abt fan it norbertynske kleaster Mariëngaarde by Hallum. Syn bewâld dêre duorre acht jier, oant syn ferstjerren yn 1238.

Vita Fretherici[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sibrand waard benammen bekend as de auteur fan it yn it Latyn skreaune hilligelibben Vita Fretherici, oer de hillige Freark fan Hallum. Dat wie de earste abt fan Mariëngaarde, dy't it kleaster yn 1163 stifte. Nei eigen sizzen skreau Sibrand dat wurk om't er dêr in fersyk ta krigen hie fan Gertrude, de prioresse fan it Kleaster Betlehem by Bartlehiem (dat út Mariëngaarde ûntstien wie), en fan Bernilde, in foaroansteande non yn dat kleaster. Hoewol't Sibrand it libben fan syn yllústere foargonger om 1231 hinne beskreau, dus 56 nei Freark syn dea, wiene guon minsken dy't him kend hiene doe noch yn libben, sadat Sibrand beskate ferhalen út 'e earste hân optekenje koe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haak, Dirk, Luchtmans, Samuël, en Langerak, Johannes Arnoldus, Kerkelijke Historie en Outheden der Zeven Vereenigde Provincien: Vyfde Deel, Behelzende de Outheden en Gestichten van Vriesland tusschen 't Vlie en de Lawers, Leien, 1726.

  • Bruinsma, Klaas, Ynlieding ta It Libben fan Freark fan Hallum, Blauhûs, 2018 (Utjouwerij DeRyp), ISBN 978-9 08 15 81 899, s. 7-8.</ref>