Springe nei ynhâld

Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop

Ut Wikipedy
Tweintich Leafdesdichten en
in Liet fan Wanhoop
De Fryske oersetting, útjûn troch Steven Sterk, útjouwer yn 2005.
De Fryske oersetting, útjûn troch
Steven Sterk, útjouwer yn 2005.
algemiene gegevens
oarspr. titel Veinte Poemas de Amor y
   Una Canción Desesperada
auteur Pablo Neruda
taal Spaansk
foarm poëzij
sjenre dichtbondel
1e publikaasje 1924, Santiago
oersetting nei it Frysk
Fryske titel 20 Leafdesdichten en
   in Liet fan Wanhoop
publikaasje 2005, Grins
útjouwer Steven Sterk, Utjouwer
oersetter Klaas Bruinsma

Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop yn it oarspronklike Spaansk Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, is in samling romantyske gedichten fan 'e hân fan 'e grutte Sileenske dichter en winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer Pablo Neruda (1904-1973). It wie syn twadde publikaasje en kaam foar it earst út yn 1924, doe't er njoggentjin jier wie.

Algemiene beskôging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Neruda der syn namme as dichter mei dizze dichtbondel fêstige en it noch altyd sjoen wurdt as ien fan syn wichtichste wurken, joech it doedestiden gâns opskuor fanwegen de eroatyske byldspraak, nammenste mear mei it each op 'e jonkheid (yn dy tiid sels noch minderjierrigens) fan 'e auteur. Troch de jierren hinne hat Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada him ûntjûn ta Neruda syn bekendste wurk, dêr't mear as in miljoen eksimplaren fan ferkocht binne. Dêrnjonken is it oerset yn withoefolle talen, wêrûnder it Frysk.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada ferskynde yn 2005 ûnder de titel Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma en it 71 siden tellende boekje waard yn in beheinde oplaach fan 42 nûmere en 42 net nûmere eksimplaren útjûn troch útjouwer Steven Sterk, te Grins, by wize fan fiering dat Bruinsma foar de twadde kear de dr. Obe Postmapriis wûn hie. Teminsten ien gedicht út dizze bondel, O Wiidte fan Dinnen (Ah Vastedad de Pinos), wie earder yn 'e Fryske oersetting fan Bruinsma publisearre, te witten yn 2002 yn it tydskrift Kistwurk (fol. 2 (2002), ôfl. 8 (des.), s. 72-73).

Bedriuwsnamme Bornmeer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Utjouwerij Steven Sterk en Utjouwerij Bornmeer yn 2006 de lapen gearsmieten, waard it nije bedriuw by de Keamer fan Keaphannel ynskreaun ûnder in "sneinske namme" (sa't Sterk it sels neamt yn syn foarwurd by Ovidius syn Feroarings fan Stal, in oare oersetting fan Klaas Bruinsma). Dy namme wie: Tweintich leafdesdichten en in liet fan wanhoop B.V. Hoewol't de namme Bornmeer folle mear brûkt wurdt, is dat eins de wichtichste ymprint fan Tweintich leafdesdichten en in liet fan wanhoop B.V..

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Neruda, Pablo, Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop, Grins, 2005 (Steven Sterk, Utjouwer).
  • Ovidius, Feroarings fan Stal, De Gordyk, 2010 (Steven Sterk, Utjouwer), ISBN 978-9 05 61 51 744.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.