Oerlis:Klaas Bruinsma (oersetter)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Mei Sletten Doarren[boarne bewurkje]

Ik hie juster efter Bruinsma syn oersetting fan Huis Clos (Mei Sletten Doarren) fan Sartre set: "twifelich; de iennichste boarne dy't de oersetting fan dit stik oan Klaas Bruinsma taskriuwt, is Tresoar; alle oare boarnen neame Pyt van der Zee as oersetter". Ik hie ek even in mailtsje nei Tresoar stjoert, en dêr krige ik hjoed dit andert op:

"Dit bin twa ferskillende publikaasjes.

  • Mei Sletten Doarren: Toanielstik yn Ien Bedriuw (Fiif Tafrielen) / Jean-Paul Sartre, oers. troch Pyt & Tryntsje van der Zee, oanfraachnûmer 9764 fr bis, 1995 STUFT;
  • Mei Sletten Doarren ("Huis Clos") / Jean-Paul Sartre, oers. troch Klaas Bruinsma, oanfraachnûmer 10895 fr folio bis, 1994 útjouwer ûnbekend."

Ik haw de tekst fan it artikel op grûn fan dizze ynformaasje oanpast. Ieneach fan 'e Esk (talk) 8 mrt 2013, 19.00 (CET)[beäntwurdzje]