Springe nei ynhâld

Rutger Kopland

Ut Wikipedy
Rutger Kopland
skriuwer
Kopland (1997)
Kopland (1997)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rutger Hendrik van den
   Hoofdakker
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 augustus 1934
berteplak Goor (Oerisel)
stoarn 11 july 2012
stjerplak Glimmen (Grinslân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzij, essay's, non-fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Alles op de Fiets
Een Lege Plek om te Blijven
prizen Jan Campertpriis 1970
Herman Gorterpriis 1975
P.C. Hooft-priis 1988
jierren aktyf 19662008
offisjele webside
gjint

Rutger Kopland (wiere namme: Rutger Hendrik van den Hoofdakker; Goor, 4 augustus 1934Glimmen, 11 july 2012) wie in Nederlânsk dichter en essayist, dy't literêr beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste Nederlânsktalige dichters fan 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw. Teffens wied er yn dy perioade tige populêr by in breder publyk, wat net altyd earmke-om giet. Beropsmjittich wie Kopland wurksum as psychiater en letter as heechlearaar psychiatry oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Nei in slim auto-ûngemak loek er him yn 2005 út it iepenbiere libben werom.

Kopland waard yn 1934 berne yn it Twintske Goor. Yn 1959 lei er syn dokterseksamen ôf oan 'e Ryksuniversiteit Grins (RUG). Sân jier letter, yn 1966, promovearre er op in dissertaasje oer sliepstoarnissen, mei as titel Behaviour and EEG of Drowsy and Sleeping Cats. As psychiater ûntjoech er him dêrnei ta in autoriteit op it mêd fan 'e depresjebestriding troch ljochtterapy en sliepferskowing. Yn 1970 levere Kopland yn syn pamflet Het Bolwerk van de Beterweters skerpe krityk op 'e pretinsjes fan 'e medyske stân, wat him ta in boechbyld makke fan 'e anty-autoritêre beweging binnen de psychiatry.

Fan 1981 oant 1995 wied er heechlearaar biologyske psychiatry oan 'e RUG. Syn ynaugurele rede, útsprutsen op 21 juny 1983, hie as titel Iets over het Gebruik van Hersenen. Yn syn hoedanichheid fan heechlearaar produsearre Kopland withoefolle wittenskiplike publikaasjes. Hy spile in wichtige rol yn it ûndersyk nei en de weryntroduksje fan de elektrokonvulzjeterapy (ECT), better bekend as elektroshockterapy. Mei troch Kopland syn ynset wurdt dizze behannelmetoade yn Nederlân jiers wer op hûnderten pasjinten tapast.

Yn syn frije tiid hie Kopland him ûnderwilens ûntjûn ta ien fan 'e ynfloedrykste en populêrste dichters fan 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw. Hy debutearre yn 1966 mei de bondel Onder het Vee. Mear as tsien oare samlings gedichten folgen, en teffens in pear boekjes dêr't syn essay's yn gearbrocht wiene. Yn Kopland syn poëzij wurde yn in ienfâldige, observearjende styl mei in soad oandacht foar gewoan wurdgebrûk algemien minsklike tema's beljochte. In protte fan syn gedichten beskriuwe in (bgl. troch in lânskip oproppen) momintopname, in koart duorjende ympresje, dy't by him oanlieding jout ta neiprakkesearjen oer fergonklikheid, it foarbygean fan sa'n momint (wat eins itselde is), of it skeppingsproses fan 'e dichter sels. Foar in soad lêzers en kritisy wurde yn syn wurk tagonklikheid, relativearring en djipgong kombinearre. Kopland syn gedichten waarden oerset yn it Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Yn 2000 waard er ek útkard ta Dichter des Vaderlands, mar dy eare liet er oan him foarbygean, sadat de kar ynstee op Gerrit Komrij foel.

Kopland wie troud, hie trije bern en wenne sûnt de iere jierren sechstich yn it doarp Glimmen, yn 'e provinsje Grinslân. Nei in slim auto-ûngemak yn desimber 2005, dat feroarsake waard trochdat er efter it stjoer in hertstilstân krige, loek er him fierhinne út 'e publisiteit werom. Fraachpetearen joech er frijwol net mear, en optredens yn it iepenbier died er likemin noch. Wol ferskynde yn 2008 noch syn lêste dichtbondel Toen Ik Dit Zag. De letter noch publisearre lêzing Inleiding in de 'Patafysica, oer ûnsinbewearings yn 'e wittenskip, hied er yn 2000 al holden oan 'e Katolike Universiteit Brabân, te Tilburch. Rutger Kopland stoar yn 'e âlderdom fan 77 jier, op 11 july 2012. Hy waard yn besletten kring begroeven, al wied er neitiid noch wol betinking yn 'e Grinzer Martinytsjerke.

It gedicht Beek op in byld yn Veendam
  • 1966 - Onder het Vee
  • 1968 - Het Orgeltje van Yesterday
  • 1969 - Alles op de Fiets
  • 1970 - Het bolwerk van de Beterweters: Over de Medische Ethiek en de Status Quo (as R.H. van den Hoofdakker)
  • 1972 - Wie Wat Vindt Heeft Slecht Gezocht
  • 1975 - Een Lege Plek om te Blijven
  • 1978 - Al Die Mooie Beloften
  • 1982 - Dit Uitzicht
  • 1985 - Voor Het Verdwijnt en Daarna
  • 1989 - Dankzij de Dingen
  • 1993 - Geduldig Gereedschap
  • 1995 - Het Mechaniek van de Ontroering (essay's oer estetyske ûnderfinings yn 'e poëzij en de wittenskip)
  • 1997 - Tot Het Ons Loslaat
  • 2001 - Over het Verlangen naar een Sigaret
  • 2003 - Twee Ambachten (essay's oer de psychiatry fan 'e poëzij)
  • 2004 - Een Man in de Tuin
  • 2006 - Verzamelde Gedichten
  • 2008 - Toen Ik Dit Zag
  • 2010 - Inleiding in de 'Patafysica

Achterberg yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate gedichten fan Rutger Kopland binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertalings fan fersen fan Kopland, Tom van Deel, Hans Faverey en Gerrit Achterberg binne yn te sjen by Tresoar, al is út it lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar net op te meitsjen oft se ea publesearre binne, of fan hokker jier oft se datearje (útsein de fermelding "20e eeuw").

Literatuer en dokumintêres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Evenepoel, S., Volmaakt Onaf: Over Stijl en Thematiek in de Vroege Poëzie van Rutger Kopland, Leuven, 2000 (Universitaire Pers Leuven).
  • Goud, Johan, (red.), Het Leven Volgens Rutger Kopland: Onze Vluchtige Plek van de Waarheid, Zoetermeer/Kalmthout 2012 (Klement/Pelckmans).
  • Rutger Kopland: De Taal van het Verlangen, gearst. en rezjy: Piet Hein van der Hoek; prod. en research: Lejo Siepe, Grins, 2006 (Stichting Beeldlijn), dokumintêre, 1 dvd (±55 min.) (mei meiwurking fan Anton Korteweg). Utstjoerd op 'e tillefyzje yn Het Uur van de Wolf op 18 maart 2007. Sjoch hjirfoar ek: De Taal van Verlangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fersen fan Rutger Kopland; Tom van Deel; Hans Antonius Faverey; en Gerrit Achterberg mei oersettings fan Klaas Bruinsma, "20e eeuw", Tresoar, oanfraachnû. 099.212.1.5.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.