Lysistrata

Ut Wikipedy
Lysistrata
algemiene gegevens
oarspr. titel Λυσιστράτη
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 411 f.Kr.
1e opfiering 411 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Lysistrata
publikaasje 1997, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Lysistrata, yn it oarspronklike Aldgryksk: Λυσιστράτη, Lysistrata (wat "Legerûntbynster" betsjut), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de froulju fan Grikelân harren manlju besykje te twingen om 'e skynber einleaze Peloponnezyske Oarloch te beëinigjen troch te wegerjen en haw noch seksuële omgong mei harren ear't de frede tekene is. Hoewol't it stik gauris opfet is as proto-feministysk fan aard, befêstiget it dochs in protte fan 'e doetiidske foaroardielen dy't manlju oer froulju hiene (wêrfan't it wichtichste is dat froulju slûchslimme en gleie wêzens binne dy't inkeld oan harren eigen geniet tinke en dy't in ferme mannehân brek binne om harren op it rjochte paad te hâlden). It iennichste útsûnderlike personaazje is eins Lysistrata, de liedster fan 'e froulju. Fernijende eleminten binne wol it ferdielde koar en it ûntbrekken fan 'e parabasis, de taspraak dy't it koar yn Aldgrykske komeedzjes út namme fan 'e toanielskriuwer hold. Lysistrata datearret fan 411 f.Kr. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1997.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stik iepenet as de Peloponnezyske Oarloch tusken Atene en syn bûnsgenoaten oan 'e iene kant en Sparta en syn fazallen oan 'e oare kant him al jierrenlang fuortsleept. De froulju hawwe har nocht der sa stadichoan fan dat de manlju aloan en mar wer út te oarlogjen binne, en ien útsûnderlike Ateenske frou mei in bûtenwenstich gefoel fan yndividuële ferantwurdlikheid, Lysistrata, beslút om aksje te ûndernimmen. Se beävensearret in gearkomste mei froulju út alle stêdsteaten fan Grikelân (hoe't se dat oprêdt, dêr giet it stik net op yn), en mei de stipe fan har freondinne Kalonikê en de Spartaanske Lampito bepraat se de oare froulju om harren manlju seks te ûnthâlden oant se ree binne om frede te sluten. De oare froulju stimme dêr mei tsjinnichheid mei yn, en alle dielnimsters oan 'e gearkomste swarre op 't lêst in wiidweidige en plechtige eed dat se harsels elts seksueel geniet ûntsizze sille oant harren doel berikt is (dêrby wurde dingen opneamd as "de liuwinne op 'e tsiisrasp", wat ynterpretearre wurde moat as in seksuële posysje).

Nei it ôflizzen fan 'e eed keare de froulju werom nei harren respektivelike stêden. Yn Atene hawwe de froulju ûnderwilens, op oantrún fan Lysistrata, de Akropolis beset, mei't dêr de skatkeamer fan 'e stêd fêstige is — en sûnder jild gjin oarloch, is de redenaasje. Der arrivearret in koar fan âlde manlju dy't fan doel binne en baarn de poarte fan 'e Akropolis del as de froulju wegerje om dy iepen te dwaan. Mar ear't se de die by it wurd foegje kinne, komt der teffens in koar fan âlde froulju oan mei amers wetter om it fjoer te dwêstgjen. Der wurde oer en wer drigeminten utere, mar wetter wint it fan fjoer en de âlde manlju reitsje oan 'e kont ta trochwiet.

In yllústraasje troch Aubrey Beardsley, út 1896.

Dêrop arrivearret der in magistraat mei in stikmannich Skytyske bôgesjitters (de Aldateenske ferzje fan plysjes). De magistraat hâldt in monolooch oer de hystearyske natuer fan froulju en harren slijens nei wyn en promiskuë seks, mar de skuld foar de besetting fan 'e Akropolis skoot er de manlju op 'e lea, dy't harren froufolk better op 'e kuer hâlde moatten hiene. Hy wol sulver út 'e skatkeamer helje om nije roeirimen foar de Ateenske galeien fan te beteljen, en oarderet syn Skyten sadwaande om 'e poarte iepen te brekken. Mar de Skyten wurde al gau oermastere troch in kliber wylde froulju.

Dan ferskynt Lysistrata op it toaniel. Hja giet mei de magistraat yn diskusje en leit him út hoe grut oft de frustraasje fan 'e froulju is yn in tiid dat manlju allegeduerigen domme besluten nimme dy't de oarloch allinnich mar langer duorje litte, en dêrby wegerje om nei de ferstannige suggestjes fan harren froulju te harkjen. Lysistrata docht de magistraat in frouljusmûtse op en triuwt him in kuorfol wol yn 'e hannen en fertelt him dat oarloch tenei in saak fan 'e froulju wêze sil. Se leit út hoe dreech oft sa'n tiid is foar de jonge froulju sûnder bern, dy't thús jier nei jier ferâlderje wylst de manlju sûnder ein fuort binne te oarlogjen. As de magistraat derop wiist dat manlju likegoed âlder wurde, seit Lysistrata dat der in ferskil is, mei't manlju har hiele libben lang trouwe en bern krije kinne, wylst froulju mar in koarte tiid hawwe foar't se te âld binne, of alteast as te âld beskôge wurde. Dêrop klaait se de magistraat as in lyk dat ôflein wurdt, mei krânse en al, en fertelt him dat er dea is. Skandalisearre troch sokke misjegenings set er mei steand seil ôf om syn amtsgenoaten fan it ynsidint op 'e hichte te bringen.

Wylst Lysistrata dan de Akropolis yngiet, set it ferdielde koar syn ûnderlinge diskusje fuort. Mei gauwens komt Lysistrata lykwols werom. De froulju begjinne ûngeduerich te wurden en te desertearjen. Lysistrata sprekt harren moed yn en wit it tij te kearen. Dan ferskynt der in man dy't alhiel wanhopich wurden is troch syn gleiens. It is Kinesias, de man fan Myrrhine. Lysistrata oarderet har om him te folterjen, dat Myrrhine seit him dat se net mei him sliepe kin oant er de oarloch tsjinholden hat. Hy stimt der daliks yn ta dat er dat dwaan sil en dêrop risselwearret it pearke om op datseldichste plak de leafde te bedriuwen. Mar eltse kear as hja hast safier binne, komt Myrrhine sabeare wer wat yn 't sin dat se dêrfoar nedich hawwe. Se hellet in bêd op, dan in mattras, in kjessen, in tekken, in flesse oalje, ensafh., oant har man suver gek wurdt fan al it opûnthâld. Uteinlik stelt se him teloar troch har wer yn 'e Akropolis werom te lûken. It koar fan 'e âlde mannen libbet mei Kinesias mei troch in kleiliet foar him te sjongen.

In opfiering fan Lysistrata út 2007.

Dêrop komt der in Spartaanske boadskipper op mei in grutte ereksje dy't er mar kwealk ferburgen hâlde kin ûnder syn tunyk. Hy freget nei de Ateenske regearingsrie, om fredesbesprekkings oan te knoopjen. De magistraat laket de boadskipper út om dy syn lichaamlike swierrichheden, al hat er sels no ek in flinke ereksje. Hoe dan ek, hy is it mei de man iens dat der ûnderhannelings holden wurde moatte. Se jouwe har tegearre ôf om 'e delegaasjes op te heljen. Wylst se fuort binne, makket it koar fan 'e âlde froulju avânses nei de âlde manlju. Dy hawwe dêr gjin beswier tsjin, dat de koaren jouwe har by inoar en begjinne te dûnsjen en te sjongen as ien. As de fredesbesprekkings úteinsette, bringt Lysistrata de Ateenske en Spartaanske fertsjintwurdigers yn 'e kunde mei in wûnderkreaze jongfaam dy't fan Fermoedsoening hjit. De fertsjintwurdigers kinne harren eagen net fan har ôfhâlde. Se tsiere noch eefkes oer de betingsten fan it fredesferdrach, mar mei alle lichaamlike oanstriid dy't se fiele, en ôflaat troch Fermoedsoening, komme se gau-gau ta in oerienkomst, sadat se har yn 'e Akropolis jaan kinne om feest te fieren. Dêrop wurde manlju en froulje weriene en is it hiele spul berêden.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Lysistrata ferskynde yn 1997 ûnder de titel Lysístrata (mei in skerpteken op 'e i) fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 35 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10151 fr folio.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Aristofanes, Lysístrata (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 1997 (eigen behear), Tresoar oanfraachnû. 10151 fr folio.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.