De Sinnestien

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Sinnestien
oarspr. titel Piedra del Sol
auteur Octavio Paz
taal Spaansk
foarm poëzij
sjenre epysk gedicht
1e publikaasje 1957, Meksiko-Stêd
bondel Libertad bajo Palabra
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Sinnestien
publikaasje 1984, yn HJIR
oersetter Klaas Bruinsma

De Sinnestien, yn it oarspronklike Spaansk: Piedra de Sol, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Meksikaanske dichter, essayist, diplomaat, oersetter, toanielskriuwer en Nobelpriiswinner Octavio Paz (1914-1998). It dichtwurk bestiet út 584 fersregels, en datearret út 1957; it is neitiid tafoege oan Paz syn dichtbondel Libertad bajo Palabra ("Frijheid ûnder Ede"), wêrfan't de earste edysje publisearre waard yn 1959. De Sinnestien, dat Paz syn masterwurk en bekendste gedicht is, waard yn 1990, yn 'e taspraak fan it Nobelkomitee by de takenning oan Paz fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer, priizge as "swiid foarbyld fan surreälistyske poëzij".

Yn it gedicht ferkent Paz de betsjutting fan it bestean. De minske is allinnich en iensum, mar teffens by steat en kom gear mei oaren fan syn soarte troch leafde en mienskipssin. De Sinnestien waard ynspirearre troch de ferearing fan 'e Azteken foar de planeet Fenus. De lingte fan 584 regels is net tafallich; dat is persiis hoefolle dagen oft Fenus nedich is om om 'e sinne te draaien, oftewol in Fenusiaansk sinnejier dus. Krekt as de baan fan 'e planeet om 'e sinne is ek Paz syn gedicht sirkulêr; de lêste seis regels fan De Sinnestien binne itselde as de earste seis (dat lêste seistal regels wurdt trouwens net meiteld by de 584, dus eins hat it gedicht yn totaal 590 regels). De titel fan it dichtwurk ropt fierdersoan assosjaasjes op mei de ferneamde Azteekske alterstien dy't yn 'e achttjinde iuw yn Meksiko-Stêd opgroeven waard.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piedra de Sol waard ûnder de titel De Sinnestien (hoewol't yn it Spaansk it lidwurd eins ûntbrekt) yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Bruinsma publisearre syn fertaling fan Piedra de Sol yn it tydskrift HJIR, yn ôfl. 5 fan 1984.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Paz, Octavio, De Sinnestien (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1984, ôfl. 5, s. 12-27.