Jûnbea fan Ambrosius
Jûnbea fan Ambrosius | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Oratio Vespertina | |
auteur | Ambrosius | |
taal | Latyn | |
foarm | gebed | |
skreaun | 2e helte 4e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jûnbea fan Ambrosius | |
publikaasje | 2000, yn De Fleanende Krie | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Jûnbea fan Ambrosius, yn it oarspronklike Latyn: Oratio Vespertina, is in tradisjoneel gebed dat oarspronklik skreaun is troch de tsjerkfaar, teolooch en filosoof Ambrosius (±340-397).
Yn dizze relatyf koarte bea tanket de sprekker jûns God foar de ôfrûne dei, en fersiket er him om him ek de kommende nacht te hoedzjen en te noedzjen, dat de nacht yn it skynsel fan syn leauwe de dei allyk wêze mei. Hy freget God dat syn lichem rêst krije mei, mar dat net syn siel, mar syn sûnden sliepe meie, en ropt de help fan God yn om syn keinens te bewarjen. Fierders sprekt er mei in dichterlike omhaal fan wurden de winsk út dat er fan God dreame mei, wylst God tsjinkeart dat de duvel syn sliep steurt. It gebed einiget mei de hope dat de wurden fan 'e sprekker streekrjocht opfarre sille nei de himel, en dat de Trije-ienheid dy't dêr residearret goedgeunstich op him delsjen sil.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Oratio Vespertina fan Ambrosius is yn 2000 oerbrocht nei it Frysk troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling waard publisearre yn De Fleanende Krie, it krantsje fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek, yn febrewaris 2000 (ôfl. 129). Bruinsma hat syn oersetting fan it gebed sa beävensearre dat it ek te sjongen is, en wol op deselde wize as Veni, Creator Spiritus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|