Springe nei ynhâld

Jehannes fan it Krús

Ut Wikipedy
Jehannes fan it Krús
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym San Juan de la Cruz
echte namme Juan de Yepes y Álvarez
nasjonaliteit Spaansk
berne 1542
berteplak Fontiveros (Spanje)
stoarn 14 desimber 1591
stjerplak Úbeda (Spanje)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, non-fiksje (religiosa)
perioade Renêssânse
streaming Kontrareformaasje
bekendste
  wurk(en)
Cántico Espiritual
La Noche Oscura del Alma
Subida de Monte Carmelo
Llama de Amor Viva
jierren aktyf 15781591
offisjele webside
n.f.t.

Jehannes fan it Krús of Sint Jehannes fan it Krús (Spaansk: San Juan de la Cruz; Fontiveros, 1542Úbeda, 14 desimber 1591) wie in Spaansk roomsk preester, karmelitysk mûnts, dichter, skriuwer en mystikus, dy't nei syn dea hillich ferklearre waard. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e liedende figueren fan 'e Kontrareformaasje yn Spanje, as in herfoarmer fan 'e Karmelityske Oarder, en, tegearre mei Teresa fan Ávila, as de oprjochter fan 'e bleatsfoetse karmeliten. Teffens stiet er bekend om syn skriuwwurk. Sawol syn poëzij as syn teologyske traktaten hearre ta it hichtepunt fan 'e Spaanske mystyk en literatuer.

Jehannes waard berne, ûnder de namme Juan de Yepes y Álvarez, as soan yn in ta it kristendom bekeard Joadsk gesin yn Fontiveros, yn Ald-Kastylje. Syn heit Gonzalo wie yn 't earstoan boekhâlder by rikere famyljeleden dy't sidekeaplju wiene. Doe't er yn 1529 lykwols mei Jehannes syn mem Catalina troude, dy't in weesbern út 'e legerein wie, waard er troch syn famylje ferstaat, en wie er sadwaande twongen om wurk te sykjen as wever. Gonzalo stoar yn 1545, doe't Jehannes noch mar in jier as sân wie. Dêrtroch rekke it gesin alhiel ferearmoede, en Jehannes syn âldere broer Luis stoar yn 1547, nei alle gedachten oan 'e gefolgen fan ûnderfieding. Neitiid naam Catalina Jehannes en dy syn oare broer Francisco mei, earst, yn 1548, nei Arévalo, en letter, yn 1551, nei Medina del Campo, dêr't se úteinlik oan wurk slagge as weefster.

Yn Medina del Campo krige Jehannes ûnderrjocht (benammen yn 'e lear fan 'e Tsjerke) op in earmeskoalle. Neitiid tsjinne er as akolyt yn in deunby kleaster fan augustynske nonnen. Letter wurke er yn in sikehûs en studearre er fan 1559 oant 1563 oan in jezuïtyske skoalle. Uteinlik trede er yn 1563 lykwols yn yn 'e Karmelityske Oarder, wêrby't er de namme "Jehannes fan Sint Mattias" oannaam. It jiers dêrop lei er syn fêste ûnthjitten as karmelyt ôf, wêrnei't er nei Salamanca reizge om teology en filosofy te studearjen oan 'e prestizjeuze universiteit dêre.

Yn 1567 waard Jehannes ta preester wijd. Dêrop joech er oan dat er fan doel wie om 'e karmeliten te ferlitten en him oan te sluten by de strangere Kartuzer Oarder, dy't him mear oanspriek fanwegen de oanmoediging dy't dêr jûn waard ta solitêre en stille kontemplaasje. Op in reis dy't er dat jiers fan Salamanca nei Medina del Campo ûndernaam, feroare dat, doe't er de garismatyske karmelitesse Teresa fan Ávila mette, dy't yn Medina wie om dêr har twadde nonnekleaster te stiftsjen. Hja beprate Jehannes om har te helpen en bring de Karmelityske Oarder werom nei syn woartels, troch de strange "Primitive Regel" út 1209 wer yn te fieren, dy't yn 1432 troch paus Eugenius IV fansiden skood wie.

Jehannes fan it Krús syn tekening fan 'e krusiging fan Jezus Kristus.

Under de "Primitive Regel" waard in grut part fan 'e dei en de nacht trochbrocht mei it resitearjen fan fêste koargesangen op 'e byhearrende oeren, en fierders mei stúdzje, bibellêzen, de fiering fan 'e misse en solitêre perioaden, wylst de fraters fan 'e oarder har dwaande holden mei it evangelisearjen ûnder de omwenjende befolking. Yn 'e perioade tusken it Feest fan 'e Ferearing fan it Krús, op 14 septimber, en Peaske, yn it foarjier, moasten de leden fan 'e oarder har alhiel ûnthâlde fan it iten fan fleis, en fêsten se lange skoften. Fierders wiene der deis oeren dat der folsleine stilte bewarre wurde moast, fral tusken de kompleten (it fallen fan 'e nacht) en prym (de iere moarn) yn. Fierders moasten der koartere, rûgere pijen en habiten droegen wurde, en boppedat moasten leden fan 'e oarder bleatsfoets gean (dêrfandinne dat de folgelingen fan Jehannes en Teresa bekend kamen te stean as de bleatsfoetse karmeliten).

Yn 1568 stifte Teresa it trêde "bleatsfoetse" nonnekleaster (yn Valladolid), wylst Jehannes dat jiers te Duruelo, healwei Ávila en Salamanca, it earste "bleatsfoetse" mûntsekleaster oprjochte. Dyselde deis feroare er syn namme yn "Jehannes fan it Krús". In twadde kleaster stifte er yn 1570 te Pastrana. Twa jier letter joech er him yn Ávila wer by Teresa, en waard er foar har en de 130 oare nonnen yn it kleaster dêre preester en bychtfaar. Earne tusken 1574 en 1577 krige er ûnder in gebed in fizioen fan de krusige Kristus, dat him oansette ta syn ferneamde tekening mei it perspektyf skean fan boppen. Dyselde tekening soe yn 1951 Salvador Dalí ynspirearje ta syn skilderij Kristus fan Sint Jehannes fan it Krús.

Spannings yn 'e Karmelityske Oarder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Jehannes en Teresa yn 't earstoan stilwei harren gong gean kinnen hiene, kaam der neigeraden dat se mear oanhingers krigen almar mear ferset tsjin harren herfoarmings. Tusken 1575 en 1577 berikten de spannings binnen de Karmelityske Oarder in hichtepunt. De drekte oanlieding dêrta wie dat de bleatsfoetse karmeliten ek kleasters begûnen te stiftsjen yn Andalúsje, hoewol't dat rjocht tsjin 'e oarders yngie dy't se fan 'e karmelityske prior-generaal yn Spanje ûntfongen hiene. Fan gefolgen waard op in gearkomste fan 'e lieders fan 'e ynternasjonale Karmelityske Oarder, dy't yn maaie 1576 yn it Noarditaljaanske Piacenza holden waard, besletten om 'e lear fan 'e bleatsfoetse karmeliten folslein te ferbieden en te ûnderdrukken. Dy maatregel waard yn Spanje net daliks en net hielendal trochfierd, mei't kening Filips II de herfoarmings yn begjinsel ûnderstipe, en dêrom de Karmelityske Oarder de tastimming ûnthold om tsjin 'e bleatsfoetse karmeliten fanwegen te kommen. Fierdersoan stie ek de pauslike nunsius yn Spanje, Nicolò Ormanetto, de biskop fan Padua, goedgeunstich foar de nije opfettings oer, en naam dyselde Jehannes en Teresa tsjin harren fijannen yn beskerming. Sa waard Jehannes op oantrún fan 'e nunsius wer frijlitten nei't er yn jannewaris 1576 oppakt wie troch guon otterdokse karmeliten.

Doe't Ormanetto mids 1577 kaam te ferstjerren, foel syn beskerming lykwols fuort, en yn 'e nacht fan 2 desimber 1577 ferskafte in groep karmeliten him tagong ta Jehannes yn wente yn Ávila en naam him finzen. Jehannes waard yn it karmelityske kleaster yn Toledo foar in rjochtbank fan 'e oarder brocht en feroardiele foar oerhearrigens oan 'e besluten dy't yn Piacenza nommen wiene. Hy waard opsletten yn in sel fan 3 m by 1.80 m, sûnder skjinne klean of de mooglikheid om him te waskjen en mei mar in krap dieet fan wetter, brea en restjes sâlte fisk. Teminsten ienris yn 'e wike waard er út syn sel helle om yn it iepenbier gisele te wurden. Under syn finzenskip, dy't njoggen moanne duorre, skreau er it Cántico Espiritual ("Geastlik Liet") ien fan syn langste en meast ferneamde gedichten. Op 15 augustus 1578 wist er syn seldoar fan 'e hingen te krijen en te ûntsnappen troch in lytse finsteriepening yn in oangrinzgjend fertrek. Hy joech him by Teresa har nonnen yn Toledo, dy't him fersoargen, en brocht letter noch seis wiken troch yn it sikehûs, ear't er wer safierhinne opbettere wie dat er syn wurk ferfetsje koe.

Selsstannige oarder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in gearkomste yn oktober 1578 waard besletten dat de bleatsfoetse karmeliten de paus fersykje soene om fan harren in selsstannige geastlike oarder te meitsjen, los fan 'e otterdokse karmeliten. Op deselde gearkomste waard Jehannes oansteld as lieder fan in lyts kleasterke yn 'e bergen fan Andalúsje, deunby Beas. Dêr kaam er yn 'e kunde mei de non Ana de Jesús, mei wa't er neitiid gauris gearwurkje soe. Yn 1579 ferfear er nei Baeza, dêr't er de rektor waard fan in nij kolleezje fan 'e bleatsfoetse karmeliten. It jiers dêrop naam paus Gregoarius XIII dan einlings it beslút om 'e karmeliten en de bleatsfoetse karmeliten útinoar te heljen, en fan 'e lêsten in selsstannige oarder te meitsjen. Yn opdracht fan 'e earste gearkomste fan 'e lieders fan 'e oarder skreau Jehannes yn 1581 harren grûnregels. Tsjin dy tiid omfette de nije oarder 22 kleasters, 300 mûntsen en 200 nonnen.

Mei Ana de Jésus sette Jehannes yn 1582 in nij kleaster fan bleatsfoetse karmeliten op yn Granada, en yn 1585 noch ien te Málaga. Datselde jiers waard er keazen ta provinsjaal fikaris fan Andalúsje, wat makke dat er in protte reizgje moast, om't er alle kleasters yn syn provinsje ienris yn 't jier besykje moast. Men rûst dat er ûnder syn fikariaat likernôch 25.000 km ôflei, wylst er yn dyselde snuorje noch sân nije kleasters stifte. Yn juny 1588 waard er oansteld as trêde riedsman fan 'e fikaris-generaal fan 'e bleatsfoetse karmeliten, Nicolas Doria. Foar dat amt kearde er werom nei Kastylje, en fêstige er him yn Segovia, dêr't er teffens de prior fan it pleatslike kleaster waard. Nei't der tusken Jehannes en Doria in skeel ûntstien wie oer de kant dy't de oarder út moast, waard er út syn amt ûntslein en yn feitlike ballingskip stjoerd nei in ôfhandich kleaster yn Andalúsje dat fan La Peñuela hiet. Dêr waard er siik. Hy reizge nei it gruttere kleaster te Úbeda foar behanneling, mar hy rekke yn 'e minnichte, en stoar op 14 desimber 1591 oan wûnroas.

Hillichferklearring en ferearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It stânbyld fan Jehannes fan it Krús yn syn berteplak Fontiveros.

De moarns nei Jehannes syn dea kaam der in ûnbidige kliber folk yn it kleaster fan Úbeda om syn stoflik omskot te besjen. Yn it gedrang wisten frijwat lju in stikje fan syn pij te bemachtigjen as in persoanlik relikwy. Jehannes fan it Krús waard earst begroeven te Úbeda, mar yn 1593 waard er, op fersyk fan it kleaster yn Segovia dêr't er prior fan west hie, temûk dêrhinne oerbrocht. De ynwenners fan Úbeda leine har dêr net by del en stjoerden in petysje oan paus Klemins VIII om it lyk werom te krijen. De paus wie ûnder de yndruk fan 'e petysje en oardere dat it lichem weromjûn wurde moast. Dêr fersette it kleaster yn Segovia him lykwols tsjin. Uteinlik waard der in kompromis berikt, wêrby't it kleaster fan Úbeda in earm en in skonk fan Jehannes krige. Mei't se dêr by de earste ferhuzing al ien fan 'e skonken holden hiene, en de oare earm yn Madrid efterbleaun wie om dêr as relikwy te tsjinjen doe't it lichem dêr ûnderweis nei Segovia lâns kommen wie, hold it kleaster yn Segovia dus inkeld Jehannes syn holle en syn romp yn besit.

Dy holle en romp waarden yn Segovia fereare oant der yn Rome besletten waard dat ferearing fan minsklike resten sûnder offisjele tastimming nearne nei liek. Sadwaande waarden de holle en romp yn 1647 begroeven. Yn 1930 waarden se lykwols wer opgroeven, en no wurde se dêr bewarre yn in moarmerne kiste boppe in spesjaal alter yn in sydkapel. Yn Úbeda binne in hân en in skonk noch altiten sichtber yn in relikwarium yn it Oratoarium fan Sint Jehannes fan it Krús, in kleaster dat yn 1627 boud waard ta ferfanging fan it oarspronklike bleatsfoets-karmelityske kleaster út 1587.

Jehannes fan it Krús waard yn 1675 sillich ferklearre troch paus Klemins X, en yn 1726 hillich ferklearre troch paus Benediktus XIII. Syn feestdei waard holden op 24 novimber, om't syn stjerdei, de 14de desimber, doe net frij wie. Nei't dy dei yn 1955 dochs noch frij kaam, waard Jehannes syn feestdei yn 1969 troch paus Paulus VI ferskood nei 14 desimber. De Anglikaanske Tsjerke betinkt Jehannes fan it Krús op dyselde dei as in "Learaar fan it Leauwe". Yn 1926 waard er troch paus Pius XI útroppen ta ien fan 'e 35 "Dokters fan de Tsjerke".

Jehannes fan it Krús wurdt sjoen as ien fan 'e wichtichste dichters fan 'e Spaanske taal. Syn samle poëzij beslacht krapoan 2.500 fersen, en twa dêrfan, it Cántico Espiritual ("Geastlik Liet") en La Noche Oscura del Alma ("De Tsjustere Nacht fan de Siel") wurde rûnom beskôge as masterwurken fan 'e dichtkeunst, sawol om harren formele styl, as om har rike symbolyk en byldspraak. Jehannes syn teologyske wurken omfetsje gauris kommentaren op dy beide gedichten. Al syn wurken binne skreaun tusken 1578 en 1591, sadat der in grutte ûnderlinge gearhing tusken bestiet.

It Cántico Espiritual (1578) is in hoedersdicht wêryn't de breid (dy't de minsklike siel fertsjintwurdiget) siket om har brêgeman (Jezus Kristus), en deroer yn noed sit dat se him kwytrekke is, wylst se allebeide ferfolle reitsje fan blydskip as se inoar úteinlik wer fine. Dit gedicht kin sjoen wurde as in frije bewurking fan it bibelske Heechliet yn in tiid doe't bibeloersettings út it Latyn nei de sprektaal (yn dit gefal it Spaansk) noch strang ferbean wiene. La Noche Oscura del Alma (1578/1579) ferhellet oer de reis fan 'e siel út har stoflike wente (it lichem) nei har wiere hûs yn 'e himel en har feriening mei God. Jehannes syn Subida de Monte Carmelo ("De Beklimming fan 'e Berch Karmel"; tusken 1581 en 1585) is in mear systematyske stúdzje oangeande it asketyske besykjen fan in siel om ta in folsleine ienwurding te kommen mei God. It út fjouwer kûpletten besteande Llama de Amor Viva ("Libbene Flamme fan 'e Leafde"; 1585-1586) beskriuwt in gruttere yntimiteit, wêrby't de siel Gods leafde beäntwurdet. Dizze fjouwer teksten foarmje, yn 'e mande mei Jehannes syn Dichos de Luz y Amor ("Utspraken fan Ljocht en Leafde") en de wurken fan Teresa fan Ávila, de wichtichste mystike geskriften yn 'e Spaanske taal.

Jehannes fan it Krús yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate fersen fan Jehannes fan it Krús binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Bruinsma publisearre syn fertalings ûnder de titel Sint Jehannes fan it Krús (1542-1591) yn 1981 yn it febrewarisnûmer fan it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jehannes fan it Krús, Sint Jehannes fan it Krús (1542-1591) (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1981, febrewarisnû., s. 36-37.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Books, Further reading en References, op dizze side.