Springe nei ynhâld

Segovia

Ut Wikipedy
Segovia
Emblemen
               
Polityk
Lân Spanje
regio Kastylje en León
provinsje Segovia
Sifers
Ynwennertal 51.258 (2021)
Oerflak 163,59 km²
Befolkingsticht. 316,38 ynw./km²
Hichte 1002 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 40° 56'N 4° 7'W
Offisjele webside
segovia.es
Kaart
Segovia (Spanje)
Segovia

Segovia is in stêd yn Spanje yn it súdlike diel fan de autonome regio Kastylje en Leön en de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit op in rots dêr't de rivieren Eresma en Clamores gearrinnne oan de foet fan de Sierra de Guadarrama. De stêd leit op 87 km fan Madrid en 111 km fan Valladolid.

It âlde heechlizzende diel fan de stêd is ommuorre. Yn de stêd binne in soad romeinske en midsiuwkse monuminten bewarre bleaun. It romeinske akwadukt fan Trajanus út de 1e iuw rint op in hichte fan 28 meter troch in diel fan it âlde sintrum. It akdwadukt bestiet út 160 bôgen, somtiden yn twa ferdjippings, en it is boud fan 24.000 graniten blokken. De lingte fan it akwadukt is 728 meter en makke diel út fan de 16 kilometer lange wetterlieding tusken Ríofrío en Segovia.

De âlde romaanske katedraal fan de stêd stie eartiids by it Alcázar en waard by de opskuor fan de Comuneros tsjin kening Karel I fan Spanje ferneatige. De hjoeddeiske katedraal waard yn de 16e iuw boud en is ien fan de lêste goatyske katedralen fan Europa.

Segovia is mei syn grutte tal monuminten tige it besjen wurdich en heart sûnt 1985 by it UNESCO-wrâlderfgoed.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1857 1900 1950 2000 2021
Ynwenners 10.339 14.547 29.568 54.032 51.258

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]