Medina del Campo

Ut Wikipedy
Medina del Campo
Kastiel fan Medina del Campo
Kastiel fan Medina del Campo
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Spanje Spanje
regio Kastylje-Leön
provinsje Valladolid
Sifers
Ynwennertal 20.183 (2022)[1]
Oerflak 153,27 km²
Befolkingsticht. 134,92 ynw./km²
Hichte 720 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 41° 18'N 4° 19'W
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Medina del Campo (Spanje)
Medina del Campo

Medina del Campo is in stêd en gemeente yn de yn de provinsje Valladolid en de Spaanske autonome regio Kastylje en Leön.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Medina del Campo (Medina is Arabysk foar stêd) waard yn de 11e iuw op de heuvel La Mota stifte. Dy heuvel mei it kastiel leit hjoed-de-dei oan de stêdsrâne, mar wie yn dy tiid it sintrum. Yn de 15e en 16e iuw hie it plak in soad betsjutting as hannelssintrum en rûsd wurdt dat de stêd doe wol 50.000 ynwenners telde. Fan de 17e oant de 19e iuw rekke de stêd yn it neigean.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier 1857 1900 1950 2000 2017 2022
ynwennertal 4.238 5.971 14.288 20.047 20.679 20.183

De mechanisaasje en de skaalfergrutting yn de lânbou soargen foar ferlies fan wurk op it Spaanske plattelân en droegen sûnt healwei de 19e iuw by oan de foarste ferheging fan de ynwennertallen fan stêden. Yn de gemeente lizze in soad doarpen, dy't troch de oarspronklike bewenners sa goed as ferlitten binne.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Castillo de La Mota (15e iuw)
  • Colegiata de San Antolín (16e–18e iuw)
  • Casa Consistorial (riedshûs, 17e iuw)
  • Casa Blanca (16e iuw)
  • Museo de las Ferias

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ferdinand I fan Aragón (1380-1416), kening fan Aragón, Sisylje en Sardynje
  • Alfûns V fan Aragón (1396-1458), kening van Aragón, Sisylje en Sardynje
  • Jehan II fan Aragón (1397-1479), kening van Navarra, Aragón, Sisylje en Sardynje
  • Eleonora fan Trastámara (1402-1449), keninginne fan Portugal
  • Bernal Diaz del Castillo (1492-1581), conquistador

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: