George Hugh Bourne

Ut Wikipedy
George Hugh Bourne
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Hugh Bourne
nasjonaliteit Britsk
berne 8 novimber 1840
berteplak St. Paul's Cray (Ingelân)
stoarn 2 desimber 1925
stjerplak Salisbury (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre hymnen
bekendste
  wurk(en)
Lord, Enthroned in Heavenly
   Splendour
jierren aktyf 18741925
offisjele webside
n.f.t.

George Hugh Bourne (St. Paul's Cray (doe yn Kent), 8 novimber 1840Salisbury, 2 desimber 1925) wie in Britsk skriuwer fan hymnen, skoalmaster en anglikaansk geastlike. Hy stie ûnder mear te Blomfontein, yn 'e Oranje Frijsteat, dêr't er gearwurke mei syn sweager, dy't dêr biskop wie. Bourne hat ferskate bekende hymnen skreaun, lykas Lord, Enthroned in Heavenly Splendour.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bourne waard berne yn it Ingelske greefskip Kent, as de soan fan in dûmny, en genoat syn oplieding te Eton en oan it Christ Church College fan 'e Universiteit fan Oxford. Hy krige yn 1863 in titel yn 'e keunsten, waard yn 1866 master yn 'e rjochten, en behelle yn 1871 in doktoraat yn 'e teology. Yn 1863 hied er ûnderwilens syn ûnthjitten as geastlike ôflein, en fan 1863 oant 1865 wied er helppredikant te Sandford-on-Thames, fan 1866 oant 1874 boppemaster fan St. Andrews te Chardstock, yn Devon, en fan 1874 oant 1885 rektor fan St. Edmurnd's te Salisbury.

Fan 1879 oant 1898 tsjinne Bourne as siktaris-kapelaan fan Alan Becher Webb, de anglikaanske biskop fan Blomfontein, yn 'e Oranje Frijsteat, yn súdlik Afrika (en letter fan Grahamstown, yn 'e eastlike Kaapkoloanje), dy't troud wie mei Bourne syn suster. Nei harren weromkear út it lettere Súd-Afrika, doe't Webb deken fan 'e katedraal fan Salisbury waard, wie Bourne dêr oant 1901 ûnderdeken, en waard er dêr yn 1901 oansteld as tresaurier.

Bourne is lykwols bekend wurden trochdat er yn syn frije tiid kristlike hymnen skreau. De bekendste dêrfan is nei alle gedachten Lord, Enthroned in Heavenly Splendour, út 1874. Oare gesangen fan syn hân binne: O Christ, Our God, Of the Wondrous Body, O My Tongue Be Telling en Scarce Discerning Aught Before Us.

Bourne yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat Fryske oersettings fan it wurk fan George Hugh Bourne oanbelanget, hat Klaas Bruinsma yn 2003 in fertaling makke fan ien fan syn hymnen, ûnder de titel In Liet foar Peaske, dy't er publisearre hat yn Geandewei: S.o.W.-kerkblad van Friesland (2003, 18 apr.; Tresoar oanfraachnû Vj 113 of Knipselmap Dotinga, Jan/read).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.