De Koalebranders

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Koalebranders
oarspr. titel Ἀχαρνεῖς
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 425 f.Kr.
1e opfiering 425 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Koalebranders
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

De Koalebranders, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἀχαρνεῖς, Acharneis ("Acharniërs"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't in sljochtwei Atener dy't fan Dikaiopolis hjit op wûnderlike wize in persoanlike frede slút mei de Spartanen, wêrmei't foar him de Peloponnezyske Oarloch beëinige wurdt, hoewol't dy foar de rest fan 'e ynwenners fan Atene gewoan fuortduorret. Mei it absurdistyske De Koalebranders helle Aristofanes op 'e nij fûleindich út nei de Ateenske oarlochspartij, dy't him in grouwel wie. It stik datearret út 425 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus Lenaius, wêrby't it de earste priis wûn. It waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Koalebranders begjint mei in gearkomste fan 'e Ateenske folksassimblee, dêr't allinnich Dikaiopolis, in man yn syn middeljierren fan ienfâldich komôf, op 'e tiid foar is. Oan it publyk lit er witte dat er fan doel is om alle sprekkers dy't it net hawwe oer it beëinigjen fan 'e fuortslepende Peloponnezyske Oarloch hinderlik yn it wurd te fallen. Uteinlik komme der guon oare boargers opsetten, sadat de gearkomste begjinne kin. In hiele rige pommeranten sprekt it folk ta.

De earste is de Ateenske gesant oan it Perzyske Hof, dy't nei withoefolle jierren einlings weromkeard is en syn gehoar ferfeelt mei in klaachsang oer de wielderige gastfrijheid dy't er op kosten fan 'e Ateenske belestingbeteller ûndergean moatten hat. Nei him komt der in Perzyske gesant oan it wurd, dy't "it Each fan 'e Grutte Kening" neamd wurdt, in ûnbidich grut each op syn foarholle tekene hat en wartaal útslacht. Dêrnei is it wurd oan 'e Ateenske gesant oan it Trasyske Hof, dy't syn lange ferbliuw dêre (alwer op 'e kosten fan 'e Ateenske belestingbeteller) wyt oan 'e winterske omstannichheden yn it noarden. En ta einsluten is der in funksjonaris dy't in espeltsje rôvers presintearret as elitehierlingen dy't Atene de langferwachte oerwinning yn 'e oarloch besoargje sille. (Ynstee ûntfytmanje se Dikaiopolis syn middeismiel.)

Frede komt net op 't aljemint, dat Dikaiopolis stelt aloan en mar wer lestige fragen, wêrmei't er it de sprekkers tige dreech makket. Oan 'e ein fan 'e gearkomste treft Dikaiopolis in man dy't fan Amfitéus hjit en beweart dat er de ûnstjerlike oeroerpakesizzer fan 'e goadinne Demeter en har minsklike minner Triptolemus is. Ek hâldt er út dat er foar Dikaiopolis in persoanlike frede mei Sparta beävensearje kin. Dikaiopolis hat sa syn nocht fan 'e oarloch dat er dêr op yn giet. Ta syn ferheardens wit Amfitéus it (op net neier útleine wize) klear te spyljen, en komt der frede te hearskjen tusken Dikaiopolis en Sparta.

Dikaiopolis fiert syn priveefrede mei in priveefiering fan it Feest fan Dionysus, dat er begjint mei in lytse optocht by syn hûs. Hy en syn húshâlding wurde lykwols daliks oerfallen troch in kliber boeren en koalebranders op jierren út it doarp Acharnai: taaie feteranen dy't it bloed fan 'e Spartanen wol drinke kinne om't dy harren pleatsen platbaarnd hawwe, en dy't sadwaande ek elkenien haatsje dy't frede neistribbet. Om't se net foar rede fetber binne, grypt Dikaiopolis in gizelder en bedriget dy mei in grut mês, wylst er easket dat de koalebranders him gewurde litte. De gizelder is in kuorfol houtskoal, mar foar de Acharniërs hat alles út Acharnai sentimintele wearde, dat se lizze har by Dikaiopolis syn easken del as er de houtskoal mar sparje wol. Dêrop lit Dikaiopolis syn gizelder gean, mar no wol er mear as allinnich mar gewurde litten wurde: hy wol stomme graach de mannen oertsjûgje fan it belang fan frede. Hy is sels ree om harren ta te sprekken mei syn holle op it hakblok, salang't se him mar útprate litte.

Aristofanes (in yllústraasje op grûn fan in búste dy't by Tuskulum fûn is).

Nei't de koalebranders dêrmei ynstimme, beslút Dikaiopolis dat er wol wat help brûke kin, dat hy set nei it hûs fan syn buorman ta, de grutte trageedzjeskriuwer Euripides, dy't derom bekendstiet dat er in elk wol mei wurden oer kin. Mar it docht bliken dat Dikaiopolis inkeld in kostúm liene wol, út 'e trageedzje Telefus, wêryn't de held himsels ferklaait as in bidler. Dat, ferklaaid as in tragyske held ferklaaid as in bidler, en mei syn holle op it hakblok, leit Dikaiopolis oan 'e koalebranders út dat de oarloch begûn is om 'e ûntfiering fan trije prostituees, en doe oan 'e gong holden troch profiteurs dy't hannelen út klearebare eigenbelang. De helte fan syn taharkers rekket troch syn ferhaal oertsjûge fan syn gelyk, mar de oare helte net, en der brekt in gefjocht út tusken syn oanhingers en syn tsjinstanners. Dêr komt pas in ein oan as de (histoaryske) Ateenske legeroerste Lamachus, ek al in buorman fan Dikaiopolis, troch it leven nei bûten ta lokke wurdt en dan regaad makket.

Dêrop folget der in diskusje tusken Dikaiopolis en Lamachus oer de redens wêrom't dy lêste foar de oarloch is. Dikaiopolis kin Lamachus mei wurden maklik oer, en diskear wit er ek de rest fan 'e koalebranders fan syn gelyk te oertsjûgjen. Nei't sawol Dikaiopolis as Lamachus wer yn 'e hûs gien binne, komt it koar fan 'e koalebranders mei de tradysjonele parabasis, wêrby't it publyk út namme fan 'e toanielskriuwer tasprutsen wurdt. Dêrby wurdt earst Aristofanes as toanielskriuwer op oerdreaune wize priizge, wylst it koar dêrnei de behanneling fan âlden fan dagen lykas sysels troch glûpske abbekaten beklaget.

As Dikaiopolis wer opkomt, set er in priveemerk op, dêr't hy en de fijannen fan Atene freedsum hanneldriuwe kinne. In ferskaat oan komyske figueren passearret de revu, lykas in úthongere Megariër dy't besiket syn úthongere en as bargen ferklaaide dochters te ferkeapjen foar knyflok en sâlt (wat grappich is om't Megara foar de oarloch bekendstie om syn knyflok en sâlt). Ek ferskynt der in plysjeferklikker dy't besiket om 'e "bargen" yn beslach te nimmen as fijannige slûkerswaar, oant Dikaiopolis him mei in wan bruien ôfsâltet. Dan komt der in Boeoasiër mei fûgels en iel te keap. Dikaiopolis hat neat dêr't men yn Boeoasje ferlet fan hat, mar hy wit op slûchslimme wize de belangstelling fan 'e man te wekjen foar ien ding dat nimmen yn Boeoasje hat: in Ateenske plysjeferklikker. Al rillegau arrivearret der wer in plysjeferklikker dy't besiket en nim de fûgels en iel yn beslach, mar ynstee wurdt er, foar't er trochhat wat der bart, mei strie yn in kiste ynpakt, as wied er in stik brekber diggelwurk, en fuorttôge nei Boeoasje.

Uteinlik komme der twa boadskippers, ien dy't Lamachus opropt foar de striid, en in oaren dy't Dikaiopolis opropt foar in feestlik gastmiel. De beide mannen geane dêr't se nedich binne en keare letter tagelyk werom: Lamachus mei pynlike ferwûnings dy't er op it slachfjild oprûn hat en mei in soldaat oan eltse earm om him oerein te hâlden, en Dikaiopolis dronken fan alle wyn dy't er by it gastmiel ynnommen hat en mei in dûnsfaam oan eltse earm om him oerein te hâlden. Sa geane se allebeide yn 'e hûs.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Acharneis waard ûnder de titel De Koalebranders yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Ilias en de Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek Acharneis yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e digitale katalogus fan Tresoar is it lykwols net te finen, dat De Koalebranders sil spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad lizze te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar mei it each op it feit dat Bruinsma yn 'e njoggentiger jierren tige yn 't spier west hat mei it fertalen fan Grykske trageedzjes (de oersetting fan Aristofanes syn Lysistrata is bgl. fan 1997), sil De Koalebranders foar 't neist út dyselde snuorje datearje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.