Eeltsje Hiddes Halbertsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eeltsje Hiddes Halbertsma
Eeltje Hiddes Halbertsma.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eeltsje Hiddes Halbertsma
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 8 oktober 1797
berteplak Grou (Fryslân)
stoarn 22 maart 1858
stjerplak Grou (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre koarte ferhalen, poëzij
perioade 19e iuw
streaming Romantyk[1]
bekendste
  wurk(en)
Rimen en Teltsjes
De Alde Friezen
útjouwer fa. J. de Lange
jierren aktyf 18221858
offisjele webside
n.f.t.

Eeltsje Hiddes Halbertsma (Grou, 8 oktober 1797 – dêre, 22 maart 1858)[2][3] wie in Frysk skriuwer, dichter en dokter,[4] en de jongste fan 'e bruorren Halbertsma.[5] Hy waard bekend doe't er yn 1822 tegearre mei syn broer Joast de ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar publisearre.[6][7] Neitiid waard dat wurk almar fierder útwreide, ek mei bydragen fan in trêde broer, Tsjalling,[8] oant alle proaza en poëzij fan 'e trije bruorren yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes.[9][10] Dat wurk spile in rol fan krúsjaal belang by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[11][12] Fan 'e trije bruorren Halbertsma wie Eeltsje miskien wol it meast bejeftige, en benammen syn poëzij wurdt noch altyd tige bewûndere.[13][14] Hy wie de skriuwer fan û.m. it gedicht De Alde Friezen, oftewol it Frysk folksliet.[15][16]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eeltsje Hiddes Halbertsma waard op 8 oktober 1797[17][18][19] berne yn it hûs fan syn âlden oan 'e Kowemerk[20] yn Grou.[21] Hy wie de fjirde soan yn it gesin fan bakker en keapman[22][23][24] Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)[25][26] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)[27] Tsjallings Binnerts (1767-1809).[28][29][30] Hy hie trije âldere bruorren: Joast (1789-1869),[31][32][33] Tsjalling (1792-1852)[34][35][36] en Binnert (1795-1847).[37][38][39] Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,[40] it jonkje yn 1803,[41] en it famke yn 1805.[42] De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Eeltsje noch mar alve jier wie.[43][44][45] Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma,[46][47] lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.[48]

Dy mem, Ruerdtsje Binnerts, kaam út in foaroansteand Grouster laach.[49][50] Har famylje wie minnistysk,[51][52] en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.[53] Ut brieven fan Eeltsje syn broer Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou,[54] in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.[55] Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.[56] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.[57] Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.[58] Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.[59]

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as syn âldere broer Joast gie Eeltsje Halbertsma op oanstean fan harren mem[60] earst in jier nei de Frânske skoalle yn Ljouwert, en waard er oanslutend ynskreaun oan 'e Latynske skoalle yn itselde plak.[61][62] Dêr begûn er mooglik krekt noch foàr it ferstjerren fan Ruerdtsje Binnerts yn desimber 1809.[63][64] Yn jannewaris fan datselde jier wie Hidde Halbertsma al ferstoarn, dat neitiid wiene de bruorren wezen.[65] Joast, de âldste broer, studearre yn dy tiid yn Amsterdam.[66] Eeltsje koe trochgean mei learen oan 'e Latynske skoalle om't de middelste bruorren, Tsjalling en Binnert, mei help fan feinten, harren heite bakkerij draaiende holden.[67] Om't deistich hinne-en-wer reizgjen tusken Ljouwert en Grou yn dy tiid fanwegen de breklike ynfrastruktuer net te dwaan wie, kaam Eeltsje yn 'e stêd yn 'e kost by in Hawerdink, in kunde fan Joast, dy't him nei't it skynt ynwijde yn it alderplatste Stedsk.[68][69]

Nei't er ein 1814 syn oplieding oan 'e Latynske skoalle ôfrûne hie,[70] teach Eeltsje Halbertsma nei Hollân ta, dêr't er oant april 1818 medisinen studearre oan 'e Ryksuniversiteit Leien.[71][72][73][74][75] Yn 'e studintestêd Leien rekke er lykwols fertize yn it rûge nachtlibben,[76] en it wie dêrom dat er by wize fan reoriïntaasje yn 'e maityd fan 1818 foar in healjier nei it Dútske Heidelberch rekke.[77][78][79][80][81] Dêre, oan 'e Ruprecht-Karls-Universität, hied er it poerbêst nei 't sin, en yn syn lettere libben mocht er graach oan syn Heidelberchske tiid weromtinke.[82][83][84] De kolleezjes dy't er dêr folge, lykje foar it meastepart oer ferloskunde gien te hawwen.[85] Nei de simmer kearde er werom nei Leien, dêr't er op 13 oktober 1818 syn stúdzje beëinige mei it beheljen fan in doktoraat yn 'e genêskunde.[86][87]

Neitiid waard Halbertsma dokter yn Poarmerein,[88][89][90] dêr't er oardel jier wenne[91] en ek ferkearing opdie mei in fanke dat er yn syn brieven oan syn broer Joast omskreau as het Pauwtje.[92] Uteinlik rekke er lykwols siik, en doe waard er, foar 't neist ein 1820, nei syn famylje yn Grou ta brocht.[93] Nei't er wer opbettere wie, kearde er net werom nei Hollân, mar begûn er in dokterspraktyk yn syn berteplak, dêr't er de rest fan syn libben wenjen bleau.[94][95][96] Want, sa skreau er oan syn broer Joast: "Grou is my altyd leaflik."[97][98] Fanwegen syn goede oplieding, mar ek troch syn meilibjen mei de siken, hie Halbertsma dêr in tige fersprate praktyk mei pasjinten dy't net inkeld yn Grou, mar ek op 'e romte en yn buordoarpen wennen. Sadwaande makke Halbertsma lange reizen, en wied er yn it wetterlân om Grou hinne faak fan ferfier per boat ôfhinklik.[99]

Aard en opfettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut ferhalen fan minsken dy't him koene, komt Eeltsje Hiddes Halbertsma nei foarren as in man dy't gau yn it moed taast wie, mar dêr't men ek o sa mei laitsje koe.[100][101][102][103] Neffens de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff, dêr't er jierrenlang kunde oan hie, wied er romhertich en goederjousk, en koed er it smout opsizze.[104] Troch ien fan syn biografen waard Halbertsma omskreaun as "in fynfielende geast, in ideälistysk dreamer, in ûnôfhinklik en moedich man, teistere fan riten fan swiermoedigens en twifelriedigens; in bohémien en in biis, sa't de Fryske literatuer gjin twadden kend hat."[105] Halbertsma syn brieven oan syn broer Joast binne libben en iepenhertich, en teffens noch altyd wakker ûnderhâldend.[106] Wat syn opfettings oanbelangje, wie Halbertsma yn syn studintetiid ûnder de ynfloed fan it deïsme rekke, mar nei eigen sizzen wied er dêr fan ôfstapt nei't er de Dútske filosoof Johann Gottfried Herder lêzen hie.[107]

Polityk, dêr bemuoide Halbertsma him sa min mooglik mei. Yn it selskip fan oaren woed er dêr wolris oer op 't aljemint, mar hy wie altyd skruten om tefolle te sizzen; syn heit hie by de Patriotten heard, en Halbertsma hie noch altyd foar eagen hoe't dat beteard wie.[108] Nettsjinsteande dat, liet er it net gewurde as foar syn gefoel de gerjochtichheid oantaast waard, sa't blykt út syn gedichten De Grytman (oer de korrupsje fan 'e politike hegerein yn Fryslân) en Batthyany's Dea (oer de eksekúsje fan Lajos Batthyány, de lieder fan 'e Hongaren ûnder de Hongaarske Opstân fan 1849).[109] Ek skreau er yn it Nederlânsk in fers wêryn't er útfart tsjin it feit dat Fryske Twadde-Keamerleden yn 1853 tsjin it foarstel stimden om 'e slavernij ôf te skaffen.[110] Oan 'e oare kant wied er ek wer net sa progressyf dat er him op lykfol hokker wize ferbûn fielde mei wat er yn 1855 "reade demokraten" neamde (sosjalisten en oare radikalen), dy't er ûnderskate fan "woltinkenden", d.w.s. it foarútstribjende, liberale diel fan 'e boargerij, dêr't er himsels ta rekkene.[111]

Halbertsma waard yn 1827 lid fan it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, mar sei yn 1834 syn lidmaatskip op om't er it mar healwize lju fûn.[112] De stive deftigens fan 'e oare leden wied er twer fan, en hy koe dat heechkroppich hâlden en dragen ek min goedkrije mei it 'sûpen en fretten', nei ôfrin fan 'e gearkomsten. "Es gibt Narren aller Art" ("Je hawwe gekken yn alle soarten"), skreau er oan syn broer Joast.[113] Dyselde bleau wol lid fan it Genoatskip, mar dy koe it spul alhiel yn Dimter, dêr't er dûmny wie, ek wat makliker op in distânsje hâlde.[114] Letter waard Eeltsje Halbertsma lid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dêr't it him aardich better befoel.[boarne nedich]

Gevelstien mei it byltenis fan Eeltsje Halbertsma yn 'e foargevel fan syn bertehûs yn Grou.

Gesin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halbertsma troude yn juny 1823 mei in Baukje Fockens (1795-1877),[115][116] in frou út in begoedige Boalserter famylje,[117] mei wa't er yn it neijier fan 1822 yn 'e kunde kommen wie.[118] Hja wie de dochter fan 'e koarte tiid earder ferstoarne boargemaster fan Boalsert Livius (Liuwe) Regnerus Fockens.[119] Halbertsma en de frou krigen fjouwer bern: twa jonges en twa famkes. Allinnich soan Hidde soe syn heit oerlibje, want de oare soan, Liuwe, kaam yn 1854 te ferstjerren, en syn dochters, Ruerdtsje en Anna, moast Halbertsma allebeide yn 1851 te hôf bringe.[120] Fral de dea fan Anna (1832-1851), mei wa't er útsûnderlike goed koe, waard Halbertsma slim troch rekke; hy skreau dêroer it oangripende gedicht Op Anna's Dea,[121] dat yn 1854 publisearre waard yn 'e dicht- en ferhalebondel Leed en Wille en de Flotgerzen.[122][123]

It houlik fan Halbertsma en de frou wie nei de earste jierren[124] net botte lokkich,[125][126][127] mei't hy in swak foar alkohol hie,[128][129][130] en sy seurderich en erchtinkend wie en him oanhâldend ferwiet dat er fan har jild libbe.[131] It is sadwaande wierskynlik ek net tafallich dat yn ferskaten fan syn ferhalen in dronken man en syn lulke frou de haadrollen spylje.[132] Yn 1853, doe't beide houlikspartners de húshâlding al jierrenlang fertutearzgje litten hiene, waarden de âlden troch de beide soannen, mar yn 't bysûnder op inisjatyf fan Liuwe, ûnder kuratêle pleatst.[133] Hoewol't it Halbertsma yn 1857 slagge om wer eigen baas te wurden, wie dat in fernedering dy't er Liuwe net maklik ferjaan koe, en der bestiet dan ek gjin treurdicht op syn ferstjerren, sa't Halbertsma dat foar de beide dochters wol makke.[134]

As skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halbertsma krige foar it earst oandriuw om te skriuwen, sa soe syn broer Joast letter fertelle, doe't er weromkaam fan syn healjier yn Heidelberch, en murk dat de strjitlieten yn Nederlân fan sa'n lege kwaliteit wiene yn ferliking mei dy yn Dútslân. Hy soe dêr doe sels betteren foar yn 't plak meitsje wollen hawwe.[135] Taalkundige Philippus H. Breuker, dy't in lang en yngeand neiwurd tafoege oan 'e werprintinge fan 'e Rimen en Teltsjes út 1993, stelt fêst dat dy bewearing "noait mear as de heale wierheid" wêze kin, mei't Eeltsje syn iere dichtwurk no krekt net fan heech literêr gehalte wie. Earder liket it derop dat er de strjitlieten neibeare woe.[136]

Letter moat er grif ûnder ynfloed kommen wêze fan Joast syn ideeën, dy't it te dwaan wie om it behâld fan 'e Fryske taal troch dy wer as skriuwtaal te brûken nei't er trije iuwen lang hast allinnich mar as sprektaal brûkt wie.[137][138][139] Yn it ferlingde dêrfan woe Joast de Friezen wer yn har eigen taal oan it lêzen krije (oars hie it skriuwen yn it Frysk ommers ek net folle sin), en dêrta sette er útein mei it skriuwen fan folksliteratuer dy't goed oansleat by Eeltsje syn wurk.[140] Om't Joast syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wiene harren proaza en poëzij fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.[141] Hoewol't it skriuwen fan koarte ferhalen en poëzij wat wie dêr't Eeltsje as minske net sûnder koe, spile fan likernôch 1830 ôf ek it maatskiplik prestiizje dat er dermei winne koe, in rol.[142]

Yn 1822 waard it iere wurk fan Eeltsje en Joast bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[143][144] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side rûn en dêrom skroar wurden wie.[145][146] Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west.[147] Jin te ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal.[148][149] In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[150][151][152][153][154] Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[155][156]

Eeltsje Halbertsma wie nei alle gedachten de meast bejeftige fan 'e trije skriuwende bruorren.[157][158] Wêr't Joast benammen fanút syn ferstân skreau en dichte en dêrtroch wat ôfstanlik bleau, en Tsjallings wurk poer foar it fermaak bedoeld wie, lei Eeltsje syn hiele siel en sillichheid yn syn ferhalen en gedichten.[159][160][161] Troch dy emoasje komt Eeltsje syn wurk foar de lêzer tichterby, en teffens ferhâlde syn proaza en poëzij har folle gelikenser foarinoaroer as by it wurk fan Joast it gefal wie, dêr't de poëzij dúdlik yn 'e knipe kaam.[162] Mids tweintichste iuw stelde de auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat Eeltsje de grutste dichter yn it Nederlân fan syn tiid west hie. Want om't noch Willem Bilderdijk, noch Isaäc da Costa ek mar yn syn skaad stean koene (sa stelde Wadman), soe men yn 'e Nederlânske literatuer út deselde perioade omdôch sykje nei immen fan itselde kaliber.[163]

Op 'e grûnslach fan Romantyk dy't er yn Heidelberch skipe hie,[164][165][166][167][168] wie foar Eeltsje Halbertsma syn wurk faak in oanstjit nedich, in besteande tekst of meldij dy't er nei eigen wurden ferfryskje koe "sadanich dat gjin minsk it orizjineel der noch yn weromkenne sil."[169] Sadwaande wurdt fermoede dat it masterlike Jonker Pyt en Sibbel wolris in gâns ferbettere ferzje wêze kin fan it Nederlânsktalige fers Steedsche Jonker en een Friessche Boerin, út 'e achttjinde iuw.[170] Bûten kiif stiet dat Halbertsma guon fan syn gedichten basearre op earder wurk fan dichters as Johann Peter Hebel en Ludwig Hölty.[171] Sa is De Boalserter Merke, noch altyd ien fan syn bekendste fersen, in 'neidichting' fan Hebel syn leafdesliet Hans und Verene, wêryn't de haadpersoanen Hoatse en Wobbel kommen binne te hjitten, de eftergrûn fan in Dútske boarne de merke fan Boalsert wurden is, en ek fierders gâns feroarings oanbrocht binne.[172][173] In foarbyld fan in fers dat basearre is op wurk fan Hölty is it wat morbide Deagraverssankje.[174][175]

Dichte Halbertsma yn syn begjinjierren gauris idyllyske fersen, lykas It Marke en Geale' Sliepke en yn mindere mjitte It Famke, letter waard it him troch famylje-omstannichheden en beropsmjittige swierrichheden sa swier te moede dat "jo yn myn lêste wurken neat mear fan dat Arkaadje [werom]fine."[176] Sadwaande kamen dêr doe oangripende treurdichten foar yn 't plak, lykas De Likeblommen, Op Anna's Dea en It Tsjerkhôf by Jûntiid, en teffens fersen as It Libbensein en it Deagraverssankje, dêr't de fergonklikheid yn beprakkesearre wurdt.[177] Halbertsma wie lykwols ek de skriuwer fan it myld humoristyske Ald Jan-om, wêryn't in âld boere-arbeider him beklaget oer de geduerige oanrin fan frijers fan 'e boeredochter,[178] en fan in leafdesfers as it Skipperssankje, in smeekbea fan in skipper oan syn faam om him net te ferjitten.[179] De wurdearring foar Halbertsma syn sterk retoaryske frijheidshymnen is geandewei de tweintichste iuw ôfnommen,[180] mar dochs is syn nasjonalistyske fers De Alde Friezen,[181][182][183] noch altyd it Frysk folksliet, dêr't it yn 1875 (ûnder in yngeande bewurking troch Jacobus van Loon) ta útroppen waard.[184][185][186]

Yn syn proaza lit Halbertsma him kenne as in flotte ferteller, dy't noris dichterlik-reälistysk út 'e hoeke komt, lykas yn it ferhaal Utfanhûs by de Boer, dan wer iroanysk, lykas yn De Klúnskonk fan Us Ald Dominy.[187] Yn De Noarger Rún oan Gabe Skroar, dat de foarm hat fan in brief dat út it hjirneimels wei oan Gabe Skroar skreaun is troch syn deade hynder, is in satire, wylst yn De Reis nei de Jichtmasters mei mylde humor en wat (sels)gekoanstekkerij de medyske stân op 'e hak nommen wurdt.[188] Yn it langere De Jonkerboer klinkt krekt de langstme nei in fredich en warber plattelânsk bestean troch.[189][190] Datselde gefoel sprekt út 'e troch Halbertsma tige frij oersette fersen fan De Quickborn, in blomlêzing dy't weromgiet op 'e dichtbondel mei deselde namme, dy't oarspronklik yn it Nederdútsk fan 'e lânstreek Dithmarschen skreaun waard troch Klaus Groth.[191][192]

It earebyld foar Eeltsje Hiddes Halbertsma yn syn berte- en wenplak Grou.

Opfallende tafoegings yn it wurk fan Eeltsje Halbertsma binne de klankpatroanen yn guon fan syn fersen (benammen Geale' Sliepke)[193] en it boartsjen mei oaren talen en dialekten, dat it meast yn syn ferhalen foarkomt, mar ek yn inkele gedichten, lykas Jonker Pyt en Sibbel, dêr't de jonker krekt weromkeard is út it modieuze Frankryk en mient dat er syn aadlik komôf en sosjale status blike lit as er mar genôch mei Frânske wurden en sinnen smyt.[194] "Krûm praat, brike nammen, rare typen, stopwurden, [...] de wûnderlikste ferlikingen en de meast ûnferwachte sprongen yn it tinken,"[195] allegear komt it geregeldwei foar yn Halbertsma syn proaza.[196] Yn syn wurk rjochte er him nei it ideaalbyld dat er hie fan 'e Westerlauwerske Friezen, as ienfâldich mar oprjocht, wat er ôfsette tsjin 'e ien syn eagen beskaafde mar ûnechte Hollanners.[197]

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste jierren wie der net folle mear dat Halbertsma oan syn wenplak Grou bûn. Thús hied er gjin heil fanwegen syn ûngelokkich houlik,[198] en "syn fleur wie him ûntnomd" (yn syn eigen wurden)[199] troch de dea fan syn dochter Anna yn 1851.[200] It jiers dêrop stoar ek syn broer Tsjalling, dy't foar him it fêste mulpunt fan 'e famylje west hie.[201] Sadwaande rekke Eeltsje, nei't er yn 1856 syn dokterspraktyk oan syn soan Hidde oerdroegen hie,[202] op 'e sweef by omfierrens wenjende famyljeleden lâns.[203] Letter hold er in skoftke op himsels yn Ljouwert ta,[204] mar in pear wiken foar syn dea liet er him werombringe nei syn bertedoarp.[205] Op 22 maart 1858 kaam Eeltsje Hiddes Halbertsma dêr te ferstjerren yn 'e âlderdom fan sechstich jier.[206][207] Hy waard begroeven yn in dûbeldjip grêf dat neitiid bûten it tsjerkhôf kommen is te lizzen, en no oanjûn wurdt troch trije reade stientsjes yn in fierders gielbestrjitte paad.[208]

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poëzij ûnder tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff[209][210] gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[211] [212][213][214][215][216] Dat wurk wurdt no beskôge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[217][218] en hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[219] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[220][221]

Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's "it Fryske folk in literêr monumint [jûn hiene], dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach."[222] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literêre klassikers.[223] Yn 1993 kaam de tsiende printinge fan it boek út, dêr't ek wurk fan Eeltsje Halbertsma yn opnommen wie dat earder bûten de Rimen en Teltsjes bleaun wie.[224] Dizze werútjefte hie in (foar Fryske literatuer) ambisjeuze oplaach fan 3.000 eksimplaren, mar wie yn twa moannen útferkocht.[225]

It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse liet yn 1875 in fan byldhouwer Willem Molkenboer makke gevelstien mei it byltenis fan Eeltsje Hiddes Halbertsma útbeitelje, dy't yn 'e gevel oanbrocht waard fan it âldershûs fan 'e bruorren Halbertsma, oan wat letter it Halbertsmaplein kaam te hjitten.[226][227] Yn 1879 waard der lofts dêrfan in bypassende stien tafoege mei it byltenis fan Joast Hiddes Halbertsma.[228][229] Fierders joech it Selskip yn 1903 ek opdracht foar de makkelei en pleatsing fan in stânbyld ta neitins oan Eeltsje Halbertsma.[230] Dat waard in boarstbyld op in mear as mânselhege sânstiennene pylder, dy't sels wer rêst op in fuotstik fan granyt. It gehiel waard makke troch byldhouwer Johan Schröder, en krige in plak oan Grouster Parkstrjitte.[231] It opskrift seit: "OAN DR EELTSJE HIDDES HALBERTSMA", mei op 'e efterside fan 'e pylder: "Ljeaf bliuwe ús Fryske tael en liet."[232]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1821 – Soe Ik Net in Wurdsje Sizze (gedicht)
  • 1822 – Hjir Is in Krintebôle (rymke)
  • 1822 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1823 – Nijjierswinsk oan in Ald Boargemaster (gedicht)
  • 1823 – Us Gysbertomme (gedicht)
  • 1829 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma; útwreide ferzje)
  • 1830 – Yn de Dollejoarum Rinne (koart ferhaal)
  • 1831 – Foeke Skutter en Hospes' Tryn (koart ferhaal mei gedicht)
  • 1833 – Fêsteljûnpraatsje (dialooch)
  • 1833 – Ybel en Jelke, of: De Boask op it Iis (gedicht)
  • 1834 – De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma; fierder útwreide ferzje)
  • 1835 – De Skearwinkel fan Joutebaas (ramtferhaal mei ferskate koarte ferhalen en gedichten; mei Joast Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma; hjirfan is it ferhaal It Heksershol yn it Nederlânsk oerset as Het Heksershol, troch Theun de Vries)
  • 1836 – De Noarger Rún oan Gabe Skroar (koart ferhaal)
  • 1836 – De Treemter fan it Sint-Anthonygasthûs (koart ferhaal)
  • 1837 – Eölus, Grewa fan Stoarm en Onwaar (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1837 – Op it Doktor-wurden fan Myn Miich K.T. Halbertsma (gedicht)
  • 1839-1841 – Grouster Weachbryfkes (taspraken mei gedichten; mei Tsjalling Hiddes Halbertsma)
  • 1840 – Twigen út in Alde Stamme (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1841 – De Foarname Utfanhûzers yn Fryslân (koart ferhaal mei in gedicht)
  • 1841 – Nijjierswinsk foar 1841 (gedicht)
  • 1841 – Oan Petrus, Doe't er Doktor Waard (gedichten)
  • 1841 – Grouster Rattelwachts Nijjierswinsk foar it Jier 1842 (gedicht)
  • 1842 – As de Wite Flokken Fleane (gedicht)
  • 1842 – In Wurdmannich fan de Weachmasters (taspraak)
  • 1843 – De Grouster Weachmasters oan de Merkegasten (taspraak)
  • 1844 – Gysbert Japix' Grutte Namme (gedicht)
  • 1846 – Wettersang (gedicht)
  • 1847 – De Grytman (gedicht)
  • 1848 – ’k Haw Him as Jong'ling Kend (gedicht)
  • 1849 – Batthyany's Dea (gedicht)
  • 1851 – Minne Jorrits Reis nei it Kollumer Oproer (koart ferhaal)
  • 1851 – Riurtk of Sy, Dy't de Dierb're Namme Droech (gedicht)
  • 1853 – Oer Swarte Minsken (koart ferhaal)
  • 1854 – Leed en Wille en de Flotgerzen (dicht- en ferhalebondel, mei Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1855 – Blomke op it Grêf fan Petrus (gedicht)
  • 1855 – Joukebier Is Swiet Bier (koart ferhaal)
  • 1855 – Jurjen mei de Leppel (gedicht)
  • 1855 – It Oardeel fan Minsken oer Minsken (koart ferhaal)
  • 1855 – Samenspraak oer de Russen en de Turken (koart ferhaal)
  • 1857 – De Quickborn (dichtbondel)
  • 1858 – De Jonkerboer (koart ferhaal)
  • 1858 – Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd (ferhalebondeltsje)
  • 18?? – De Blom fan Fryslâns Hearen (gedicht)
  • 18?? – Dominy Hollema en Reid Jeltes (gedicht)
  • 18?? – De Faam en de Bargekop (koart ferhaal)
  • 18?? – It Famke út de Frjemdte (gedicht)
  • 18?? – Fammen Hâlde fan it Trouwen (gedicht)
  • 18?? – Foar de Toanbank en Derefter (koart ferhaal)
  • 18?? – Grouster Freonen! (gedicht)
  • 18?? – Hollân en Fryslân (gedicht)
  • 18?? – De Tsjustersinnige Minske (gedicht)
  • 1871 – Rimen en Teltsjes (mei Joast Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Breuker 2016, s. 1123.
  2. Breuker 1993, s. 592.
  3. Breuker 2016, s. 1123.
  4. Breuker 1993, s. 592-594.
  5. Breuker 1993, s. 587.
  6. Breuker 1993, s. 594.
  7. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  8. Wiersma, s. 9.
  9. Breuker 1993, s. 603-606.
  10. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  11. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  12. Jensma, s. 197.
  13. Breuker 1993, s. 592-594.
  14. Wiersma, s. 9-10.
  15. Fryslân Sjongt, s. 10-11.
  16. Oppewal en Boorsma, s. 90-93.
  17. Breuker 1993, s. 592.
  18. Breuker 2016, s. 1123.
  19. Wiersma, s. 7.
  20. Wiersma, s. 7.
  21. Breuker 1993, s. 592.
  22. Breuker 1993, s. 587.
  23. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  24. Wiersma, s. 7.
  25. Breuker 1993, s. 587.
  26. Terpstra, s. 317.
  27. Wiersma, s. 7.
  28. Breuker 1993, s. 587.
  29. Terpstra, s. 317.
  30. Wiersma, s. 7-8.
  31. Breuker 1993, s. 588.
  32. Terpstra, s. 316.
  33. Wiersma, s. 7.
  34. Breuker 1993, s. 591.
  35. Terpstra, s. 316.
  36. Wiersma, s. 7.
  37. Breuker 1993, s. 587.
  38. Terpstra, s. 316.
  39. Wiersma, s. 7.
  40. Terpstra, s. 316.
  41. Wiersma, s. 7.
  42. Wiersma, s. 7.
  43. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  44. Terpstra, s. 317.
  45. Wiersma, s. 8-9.
  46. Hemminga, s. 56.
  47. Jensma, s. 197.
  48. Breuker 1993, s. 587.
  49. Breuker 1993, s. 587.
  50. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  51. Breuker 1993, s. 587.
  52. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  53. Breuker 1993, s. 587.
  54. Breuker 1993, s. 587.
  55. Wiersma, s. 8.
  56. Wiersma, s. 8.
  57. Wiersma, s. 8.
  58. Wiersma, s. 8.
  59. Wiersma, s. 8.
  60. Breuker 1993, s. 587.
  61. Breuker 1993, s. 592.
  62. Wiersma, s. 9.
  63. Breuker 1993, s. 592.
  64. Wiersma, s. 9.
  65. Wiersma, s. 8-9.
  66. Wiersma, s. 9.
  67. Wiersma, s. 9.
  68. Breuker 1993, s. 592.
  69. Breuker 2016, s. 1123.
  70. Breuker 1993, s. 592.
  71. Breuker 1993, s. 592.
  72. Breuker 2016, s. 1123.
  73. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  74. Twerda, s. 296.
  75. Wiersma, s. 9.
  76. Breuker 1993, s. 592.
  77. Breuker 1993, s. 592.
  78. Breuker 2016, s. 1124.
  79. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  80. Twerda, s. 296-297.
  81. Wiersma, s. 9.
  82. Breuker 1993, s. 592.
  83. Terpstra, s. 318.
  84. Wiersma, s. 10.
  85. Breuker 1993, s. 592.
  86. Breuker 1993, s. 592.
  87. Wiersma, s. 10.
  88. Breuker 1993, s. 592.
  89. Breuker 2016, s. 1123.
  90. Wiersma, s. 10.
  91. Breuker 1993, s. 592.
  92. Wiersma, s. 10.
  93. Breuker 1993, s. 592.
  94. Breuker 1993, s. 592.
  95. Breuker 2016, s. 1123.
  96. Wiersma, s. 10.
  97. Terpstra, s. 318.
  98. Wiersma, s. 10.
  99. Terpstra, s. 319.
  100. Breuker 1993, s. 592.
  101. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  102. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  103. Wiersma, s. 9.
  104. Breuker 1993, s. 592.
  105. Wiersma, s. 13.
  106. Breuker 1993, s. 592.
  107. Breuker 1993, s. 592.
  108. Breuker 1993, s. 592.
  109. Breuker 1993, s. 592.
  110. Breuker 1993, s. 593.
  111. Breuker 1993, s. 593.
  112. Van der Schaaf, s. 38
  113. Van der Schaaf, s. 38
  114. Van der Schaaf, s. 38
  115. Breuker 1993, s. 592.
  116. Wiersma, s. 10.
  117. Breuker 1993, s. 592.
  118. Breuker 1993, s. 592.
  119. Wiersma, s. 10.
  120. Breuker 1993, s. 592.
  121. Breuker 1993, s. 592.
  122. Bruorren Halbertsma 1958, s. 347.
  123. Bruorren Halbertsma 1993, s. 258-259.
  124. Terpstra, s. 319.
  125. Breuker 1993, s. 592.
  126. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  127. Terpstra, s. 319.
  128. Breuker 1993, s. 592.
  129. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  130. Terpstra, s. 319.
  131. Breuker 1993, s. 592.
  132. Breuker 1993, s. 592.
  133. Breuker 1993, s. 592.
  134. Breuker 1993, s. 592.
  135. Breuker 1993, s. 593.
  136. Breuker 1993, s. 593.
  137. Boelens et al., s. 116.
  138. Breuker 1993, s. 589.
  139. Wiersma, s. 11.
  140. Wiersma, s. 11.
  141. Breuker 1993, s. 593.
  142. Breuker 1993, s. 593.
  143. Breuker 2016, s. 1124.
  144. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  145. Breuker 1993, s. 597.
  146. Twerda, s. 297.
  147. Breuker 1993, s. 597.
  148. Breuker 1993, s. 597.
  149. Twerda, s. 297.
  150. Breuker 2016, s. 1124.
  151. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  152. Terpstra, s. 313.
  153. Twerda, s. 298.
  154. Wiersma, s. 5, 11.
  155. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  156. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  157. Breuker 1993, s. 592-594.
  158. Wiersma, s. 9-10.
  159. Breuker 2016, s. 1123.
  160. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  161. Oppewal en Boorsma, s. 17.
  162. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  163. Breuker 1993, s. 595.
  164. Breuker 2016, s. 1124.
  165. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  166. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  167. Twerda, s. 297.
  168. Wiersma, s. 9.
  169. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  170. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  171. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  172. Terpstra, s. 318.
  173. Wiersma, s. 10.
  174. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  175. Terpstra, s. 314.
  176. Wiersma, s. 13.
  177. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  178. Bruorren Halbertsma 1958, s. 46.
  179. Fryslân Sjongt, s. 66-67.
  180. Breuker 2016, s. 1124.
  181. Fryslân Sjongt, s. 10-11.
  182. Oppewal en Boorsma, s. 17, 90-93.
  183. Terpstra, s. 319.
  184. Breuker 2016, s. 1124.
  185. Fryslân Sjongt, s. 10-11.
  186. Schroor, s. 2831.
  187. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  188. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  189. Breuker 2016, s. 1123.
  190. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  191. Breuker 2016, s. 1123.
  192. Dykstra en Oldenhof, s. 41.
  193. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  194. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  195. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  196. Breuker 2016, s. 1123.
  197. Breuker 2016, s. 1123.
  198. Breuker 1993, s. 592.
  199. Bruorren Halbertsma 1993, s. 221.
  200. Breuker 1993, s. 592.
  201. Breuker 1993, s. 588.
  202. Breuker 1993, s. 592.
  203. Breuker 1993, s. 592.
  204. Breuker 1993, s. 592.
  205. Breuker 1993, s. 592.
  206. Breuker 1993, s. 592.
  207. Breuker 2016, s. 1123.
  208. Breuker 1993, s. 592.
  209. Breuker 1993, s. 604.
  210. Wiersma, s. 5.
  211. Breuker 1993, s. 603-606.
  212. Breuker 2016, s. 1124.
  213. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  214. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  215. Terpstra, s. 313.
  216. Wiersma, s. 5.
  217. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  218. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  219. Breuker 1993, s. 594-596.
  220. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  221. Jensma, s. 197.
  222. Wadman, s. 14.
  223. Jensma, s. 197.
  224. Breuker 1993, s. 610.
  225. Breuker 2016, s. 1124.
  226. Koopmans, s. 309.
  227. Twerda, s. 299.
  228. Koopmans, s. 309.
  229. Twerda, s. 299.
  230. Twerda, s. 298.
  231. De Vries, s. 98.
  232. De Vries, s. 98.

boarnen