Utlis: it 'Ongerslân' (klam it earste wurdlid) is in âlde beneaming foar Hongarije; in 'Ongersman' is dan in Hongaar, en it 'Ongersfolk' binne de Hongaren. Yn 'e Hongaarske Opstân fan 1848 kaam it Keninkryk Hongarije yn opstân tsjin 'e oerhearsking troch it Keizerryk Eastenryk. It Keninkryk Kroaasje, in diel fan Hongarije, focht oan 'e Eastenrykske kant (dêrfandinne "Eastenryk syn rôfkroäten"). Doe't de Hongaren it lieken te winnen, waarden se yn 'e rêch oanfallen troch de Russen ("No kaam Ruslân mei syn benden / Ut it hege noarden op"). Dêrnei wie it gau dien mei de opstân. Guon Hongaarske lieders wisten op 'e tiid nei it Osmaanske Ryk te ûntkommen, dêr't se polityk asyl krigen ("Mar de sultan fan Turkije / Toande jit in minsklik hert").