Springe nei ynhâld

It Tsjerkhôf by Jûntiid

Ut Wikipedy
It Tsjerkhôf by Jûntiid
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1829, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

It Tsjerkhôf by Jûntiid is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Tsjerkhôf by Jûntiid is in oandwaanlike weeklacht fan in heit om syn ferstoarne bern.

It Tsjerkhôf by Jûntiid
Of: It Grêf fan Lokke
Dêr op dat hege tsjust're hôf
Lei ik myn Lokke del;
Dêr setten har myn bruorren ôf,
Dêr yn dy kûle del.


Dêr leiste, Lokke, dêr, myn bern!
Dêr yn dy kâlde grûn.
Mei dy ha 'k alles hjir ferlern,
Wat m' oan de wrâld ferbûn.


Dêr leit myn libben en myn sin,
Dêr yn dy griene wier.
Dat nimmen mear in trien ontrinn',
Ik fiel en fiel it swier.


De toersklok bile hol en fol,
Doe 'k har nei 't hôf ta brocht;
My tinkt, ik hear it jitte wol,
En sjoch it as by ljocht!


En mannich famke teach dermei
Nei 't hege tsjerkhôf ta,
De bier mei Lokke efternei,
En kriet en snokk're sa.


En mannich feintsje teach dermei
Nei 't hege tsjerkhôf ta,
De bier mei Lokke efternei,
En kriet en snokk're sa.
En beppe mei har reinkleed om
Kaam slierend efteroan;
Dat âlde minske goed en from
Troch rou en leed bestoarn.


Sa tôge se har lêste blom
Nei 't neare tsjerkhôf ta,
En moast noch yn har âlderdom
Ek dizze rouwe ha.


Wat is it libben op 'e wrâld
In wif en faai bestean!
Hoe selden sjocht men immen âld!
Hoe faak in blom fergean!


Dy't hjoed fol libben en fol fjoer
Om grêf noch stjerren tinkt,
Hat moarn it wite deakleed oan,
Ferjit men – en fersinkt.


Mar, famke, sliep en slomje dêr,
Dêr yn dy griene wier;
Dat wjirm en modder dy fertarr',
Fertarr' mei 't earste jier!


As nei in lange wile en tiid
Nin trien mear om dy rint,
En de âlde freonskip wiid en siid
Wer nije freonen fynt;


Dan tink ik jit om dy, myn bern,
Te ier ferwile blom,
Sa faak as ik it tsjerkhôf sjen,
En op dy grêfstien kom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: