De Lapekoer fan Gabe Skroar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Lapekoer fan Gabe Skroar
De Lape Koer fen Gabe Skroor (1822).jpg
oarspr. titel De Lape Koer fen Gabe Skroor
auteur bruorren Halbertsma
taal Frysk
foarm ferhalebondel/dichtbondel
sjenre folksliteratuer
1e publikaasje 1822, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel oarspronklik: gjint
no: Rimen en Teltsjes

De Lapekoer fan Gabe Skroar, oarspronklik stavere as: De Lape Koer fen Gabe Skroor, wie in samling koarte ferhalen en gedichten, skreaun troch Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma, wêrfan't de earste printinge yn 1822 útkaam by fa. J. de Lange yn Dimter.[1] It wie de foarrinner fan it bekendere Rimen en Teltsjes, it it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer, dêr't yn 1871 alle wurk fan 'e bruorren Halbertsma yn sammele waard.[2] Yn De Lapekoer steane sokke klassikers as Jonker Pyt en Sibbel, it Deagraverssankje, De Reis nei de Jichtmasters, It Marke, De Alde Friezen (oftewol it Frysk folksliet), Sibbel fan De Ryp en it Skipperssankje.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1822 bondelen de bruorren Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma harren iere wurk ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, dat Joast doe yn eigen behear útjoech.[3] It wie in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[4] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', dy't foar 't neist in skepping fan Eeltsje west hat.[5] It jin ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal, mar Philippus H. Breuker, dy't in lang en yngeand neiwurd tafoege oan 'e werprintinge fan 'e Rimen en Teltsjes út 1993, suggerearret dat in bykommende reden mooglik west hat dat de Halbertsma's it miskien wat ûnnoazel fûnen om twa nammen ûnder sa'n behindich bondeltsje te setten.[6]

De earste printinge fan De Lapekoer hie in oplaach fan 200 eksimplaren.[7][8] Dy waarden lykwols net ferkocht, mar op kosten fan Joast Hiddes Halbertsma ferspraat ûnder kunde fan sines yn hiel Fryslân. Hy skreau dêroer letter: "Dy earste slach wie in trijegûne wurdich. De leafhawwers dy't gjin eksimplaar krigen, skreauden as meagere bargen, en de wei wie klearre foar alle stikjes dy't folge binne."[9] In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, de saneamde Grutte Lapekoer, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[10][11]

De persoan fan Gabe Skroar wie fan it begjin ôf oan wat twaslachtich, eat dat feroarsake waard troch de ferskillende skriuwstilen fan Joast en Eeltsje. Bliuw de Gabe fan Eeltsje in sljochtwei boeresoan dy't aardichheid hie om wat mei skriuwerij om te pielen, de Gabe fan Joast wie ymplisyt in mear geletterd man, dy't literêre oanstriden hie.[12] Fierders feroare ek de rol fan Gabe Skroar meitiid: yn 1822 waard er inkeld opfierd as de skriuwer fan 'e stikjes, mar yn 1829 en 1834 groeide er út ta de haadpersoan fan 'e ferhalen. Op 'en doer waard de persoan Gabe, benammen troch Joast syn geduerige oanpassings, net mear te brûken, en yn 1839 moast ek Eeltsje tajaan dat it gjin sin mear hie en jou harren wurk noch langer út ûnder de namme fan Gabe Skroar.[13]

Dêrnei waarden oanfollings op De Lapekoer apart en ûnder oare titels publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[14][15] Nei it ferstjerren fan 'e bruorren Halbertsma waard al harren wurk gearbrocht en yn 1871 publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[16][17][18] De Lapekoer fan Gabe Skroar foarme it wichtichste diel fan 'e Rimen en Teltsjes, en wie fan krúsjaal belang by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[19]

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(E = Eeltsje; J = Joast)

  • In Wurdsje Foarôf (E)
  • De Boalserter Merke (E, mei kommentaar f. J)
  • Widzesang (E, mei kommentaar f. J)
  • Jonker Pyt en Sibbel (E)
  • Deagraverssankje (E)
  • Utfanhûs by de Boer (E, mei kommentaar f. J)
  • It Famke (E)
  • It Libbensein (E)
  • No Ta Beslút Noch in Wurdsje oer Gabe (E)
  • De Bear op Reis (J)
  • De Fûgel fan Bearn-poep (J)
  • De Reis nei de Jichtmasters (E)
  • De Omkearde Widzesang (E)
  • Nije Widzesang (E)
  • Geale' Sliepke (E)
  • Oan Liouwe (E)
  • Nimmen Libbet fan 'e Oerfloed (E)
  • It Marke (E)
  • Ald Jan-om (E)
  • It Tsjerkhôf by Jûntiid (E)
  • Trije Gebedsjes foar Fryske Berntsjes (J)
  • De Rattelwacht (E)
  • It Boalserter Nut (J)
  • De Harkers op it Boalserter Nut (J)
  • Doch Dyn Plicht en Lit de Ljuwe Rabje (J)
  • Miswier (J)
  • It Blomke Tink-oan-my (E)
  • Het Rietmusje (E)
  • De Lêste Freon (J)
  • Oan Petrus, Doe't Er Doctor Waard (E)
  • Blomke op it Grêf fan Petrus (E)
  • De Geboarteleppel (J)
  • De Alde Friezen (E)
  • Fryslân (J)
  • Sibbel fan De Ryp (J)
  • Nacht (J)
  • Ferteltsjes fan Master Ale Byfoet (E)
  • It Maarteblomke (E)
  • Troch it Rinket (E)
  • Oan de Swanneblommen (E)
  • De Fryske Tsjirlen (E en J)
  • De Twadde Jûn (J)
  • De Fryske Hurdsiler (E)
  • De Ald Kies fan Pibomme (E)
  • It Holograaf (E)
  • De Klúnskonk fan Us Ald Dominy (E)
  • Hidde en Almansa (J)
  • Snipperkes (J)
  • Oan in Berntsje yn de Oare Wrâld (E)
  • Skipperssankje (E)
  • Rekest (E)
  • It Aldershûs
  • Willem Bilderdijk aan J.H. Halbertsma (Bilderdijk)
  • Toevoegsel op de Lapekoer van 1829 (J)
  • Naricht (J)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  2. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  3. Breuker, s. 594.
  4. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  5. Breuker, s. 597.
  6. Breuker, s. 597.
  7. Breuker, s. 594.
  8. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  9. Breuker, s. 594.
  10. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  11. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  12. Breuker, s. 597.
  13. Breuker, s. 597.
  14. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  15. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  16. Breuker, s. 603-606.
  17. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  18. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  19. Dykstra en Oldenhof, s. 37.