Ald Jan-om (ek stavere as Ald Janom) is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Ald Jan-om is myld humoristysk fers wêryn't in âld boere-arbeider him beklaget oer de oanhâldende stream frijers fan 'e boeredochter, dy't him allegeduerigen foar de fuotten rinne.
- Ald Jan-om
- Wel, boer, 't is as 't hjir frijers reint,
- Is dat hjir ek in spul?
- Ik bliuw net langer jins âldfeint,
- As dat sa langer sil.
- Doe't Fike jit in fanke wie,
- En yn 'e widze kriet,
- Doe wist men jit al gauris rie,
- En wêr't de pleage siet.
- Dan loek ik oan it widzetou,
- Of rûn 't ús oer 'e fûst,
- Dan joegen wy har oan 'e frou
- Dan dronk hja dat se pûst'.
- En waard hja yn 'e kakstoel boas,
- En hie hja wat gegryn,
- Dan ramm'le ik mei de brulledoas
- Mei trije duiten d'ryn.
- Wat ha we wol in wille hân!
- 't Wie altyd Jan-oms pop.
- Hja sjach'le mei my troch it lân,
- En socht de blomkes op.
- Hja trogg'le my de duiten ôf
- Foar swiete snobberij;
- Ik tomm'le mei har yn it hôf,
- En waard in bern as sy.
- Mar no, no hat s' in oare pleach;
- De deale wit derfan!
- Fê! Sa'n gefljoch en sa'n gereach,
- En dat fan oarmans bern.
- 't Is as w' in slimme sike ha,
- Sa wurdt men hjir oerrûn;
- De masters komm' der hurd op ta.
- Och, wie hja mar wer sûn!
- Dan komt der wer in gielburd oan,
- Dy't just is út de dop.
- Dan lange Jelke, ús buormans soan,
- Dy mei syn poepekop.
- Dan komt der ien troch rein en wyn,
- It wetter dript him nei;
- Dan seit de frijster: „Skik mar yn;
- D' âldfeint kin dêr wol wei.”
|
|
- Dêr sit er dan, en dampt en smookt,
- Krekt as in grytmans soan,
- Wylst Fike tige prikken stookt,
- En ik sit efteroan.
- Dan jout se him wat brandewyn;
- Wat laket se dan wyt!
- Dan is 't: „Skink Jan-om ek ris yn!”
- En oars krij 'k nea nin skyt.
- Dan stekt se him de fûst ris ta;
- Dan knypt se him yn 't ear;
- Dan smyt se him myn prúk ris ta.
- Fê! Wat in mâl gebear.
- „Kom, Jan-om, jou myn guds wat foer,”
- Sa skikt er my dan wei.
- Ik bin der as de wever oer
- Alear op 'e lânsdei.
- Soms komm' der trije op ien jûn;
- Dan strookje, hast sa net!
- Twa ite har de búk dan rûn,
- De tredde krijt de pret.
- Twa slûpe derút, en helje mear,
- En komme let werom.
- Dan strún' en snuve s' om hûs en hear
- Troch skuorre en hôf rûnom.
- Dan dekke se ús skoarstien ta,
- Dan komm' se der ta'n yn
- Al wat wy bûten doarren ha,
- 't Is earslings wat ik fyn.
- Dan stiet de haaiwein op it hûs,
- De bolle oan 'e klink.
- Dan skreppe en skuorre by de rûs,
- En de oare deis te sink.
- En gnoarje ik ris oer dat spul,
- Dan seit dat fanke jit:
- „Och, Jan-om, hâld jo dochs mar stil,
- De âlde dei ferjit.”
- Nee, boer! As dat sa langer kin,
- Ik kin sa langer net;
- Ik tankje jy en 't hûsgesin!
- Myn hjerring bret hjir net.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN, s. 46.
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 38-40.
|