Springe nei ynhâld

Deagraverssankje

Ut Wikipedy
Deagraverssankje
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1822, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

It Deagraverssankje is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dat ynspirearre waard troch in earder fers fan 'e Dútske dichter Ludwig Hölty (1748-1776). It waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Deagraverssankje is monolooch fan in deagraver dy't de fergonklikheid fan it minsklik libben yn him omgean lit.

Deagraverssankje
Lodde, lodde en modder,
Deawurks ark en reau,
Dêr't ik earme bodder
Mannich grêf mei kleau!


Modder, grêf en lodde!
't Needbrea, dat ik ha,
Wyt ik skeppe en lodde,
Grêf en modder ta.


Earme en rike ljuwe
Tsjenn' hjir op my oan.
Minske! Hjir moast bliuwe,
Boer en kenings soan.
Smoarge kop mei hierren,
Leist dêr op 'e flier?
Blank – foar trije jierren,
As s' in ingel wie.


Tûzen jonge feintsjes
Sobben har de hân;
Stauwen mei har weintsjes
Om sa'n byld troch 't lân.


'n Do, fermôg'le plasse,
Nimmen knikst goendei
Wêr binn' no dyn skatten?
Wêr dyn grutheid? Wei!


Lodde, lodde en modder!
Jou my brea en rêst;
Jou my, earme bodder,
'n Grêf, in grêf foar 't lêst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: