Sibbel fan De Ryp is in gedicht en folksferske fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Sibbel fan De Ryp ferhellet oer in kreaze jongfaam fan De Ryp (in âlde beneaming foar Dronryp), dy't út te reedriden giet. Elts wol wol mei har, mar hja hat har hert al ferjûn, dat it kin neat mear wurde.
- Sibbel fan De Ryp
- Sibbel fan De Ryp stiet op 't skerp;
- Sil ride.
- Wol ris nei Harns op redens ta;
- Lit glide!
- Allinne ride,
- En noait net glide
- Mei frjemd folk wol hja. Traldra.
- Is Sibbel nin tsjep faam? seit sy;
- Wa bliuwt der in tsjep faam mei my?
- Dêr tsjen de keaplju op har ta
- Mei heakken.
- "Moai famke," sizze sy, "ryd net
- Yn wjekken."
- Mar hja oan 't rekken
- Docht lange skekken.
- Neat te keap! seit hja. Traldra.
- Myn waren binne te djoer foar jy;
- Siik yn 'e stêd jins kreammerij.
- 't Studintsje wonk te Frjentsjer my
- Woe patsje.
- Lei sêftkes om myn hals syn hân,
- Sei: "Skatsje!"
- Meist my net patsje,
- Al seiste, skatsje
- Feint, studearje do! Traldra.
- Mar Sibbel hat nin boekje foar dy:
- De flinkste faam yn 't gea is sy!
|
|
- Is Sibbel fan de Ryp nin tas?[1]
- Lit saaie!
- Mei my lei mannich hearke op,
- Woe aaie.
- Meist my wol flaaie,
- Mar 't kin net aaie.
- Hearke, hannen thús! Traldra.
- Sibbel is in flink kant faam, seit hja;
- Wol hearehân net oan har ha.
- Hâldt Sibbel fan De Ryp nin streek
- Yn 't riden?
- O! Ja, as sy mei har leaf feint
- Mei glide.
- Dan kin 'k wol ride,
- En lit my glide
- Yn syn earmen. Traldra.
- Bin 'k net in rappe faam op it iis?
- Mar wa wol ride mei in biis?
- Is Sibbel net foar har leaf feint
- Allinne?
- Hy is in boer, en ik wurd syn
- Boerinne.
- Ik wol him minne,
- En lit se rinne
- Dy't my sa aaikje. Traldra.
- Bin 'k net in echte faam fan 't lân?
- In boer jou ik myn hert ta pân.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ tas = "flink jong frommes"
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN, s. 88-89.
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 86.
|