Deïsme

Ut Wikipedy

It deïsme is in foarm fan godstsjinst dêr't wol in persoanlike God of godheid yn bestiet dy't de wrâld en de wetten fan de natoer skepen hat, mar dêr't yn oannaam wurdt dat dy skepper syn skepping dêrnei loslitten hat. Hy is skieden fan de wrâld en oefent der gjin ynfloed mear op út. Neffens dizze fisy antwurdet de godheid net op beaen en docht dy ek gjin wûnders.

Ferskil mei teïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It deïsme ferskilt fan it teïsme yn de sin dat it de transedinsje fan God beklammet yn it neidiel fan syn immaneesje. Transedinsje is it fier boppe de wrâld stean en dêrfan ofskieden wêze en immaninsje is it aktyf wêzen yn de wrâld.

Filosofy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei deïsme wurdt lykwols meastal de oarspronklike filosofy bedoeld, dy't úttocht is troch de Ingelsman Lord Herbert of Cherbury (1583-1648) en dy't yn de 17e en 18e iuw fierder ûntwikkele waard troch ûnder mear de Ingelske filosofen John Toland, Anthony Collins, Matthew Tindal, Thomas Woolston, Thomas Chubb en Thomas Paine. Sy waarden stipe troch de Frânske filosoof Voltaire en yn de Feriene Steaten min ofte mear troch Benjamin Franklin en Thomas Jefferson. Sy seagen it Kristendom as in rasjonele religy fan de natoer, in foar it ferstân begryplike godstsjinst.