Johann Peter Hebel

Ut Wikipedy
Johann Peter Hebel

Johann Peter Hebel (Basel, 10 maaie 1760Schwetzingen, 22 septimber 1826) wie in Dútske teolooch, pedagooch, skriuwer fan koarte ferhalen en dichter (yn it dialekt). Hy is bekend wurden fan syn samling Alemannyske ferhalen, Schatzkästlein des rheinischen Hausfreundes ('Tresoar fan de hûsfreon by de Ryn') en Alemannyske gedichten, Allemannische Gedichte.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hebel syn heit wie in wever en in oppasser yn it leger dy't learderich wie. Hy stoar doe't Hebel krekt oer ien jier wie. Hebel waard doe grutbrocht yn earmoed yn it doarp Hausen im Wiesental, dêr't er ek syn earste ûnderrjocht krige. As studint waard der hiel wat fan him ferwachte, dat hy fûn freonen dy't him stipen en sadwaande koe er skoalle ôfmeitsje en teology studearje fan 1778–1780 yn Erlangen.

Nei syn universitêre stúdzje wie er in skoft privelearaar, waard doe learaar oan it gymnasium yn Karlsruhe, en yn 1808 waard er beneamd as direkteur fan dy skoalle. Ferfolgens waard er lid fan de konsistory en it evangelyske prelaat.

S' Hebelhuus

Yn Karlsruhe, Lörrach, Hausen im Wiesental, Basel en Schwetzingen binne monuminten ta syn eare oprjochte.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orzjinele yllustraasje foar Unverhofftes Wiedersehen, in bekend ferhaal út Schatzkästlein.

Hebel is ien fan de meast lêzen Dútske skriuwers en dichters. Syn dichterlike ferhalen en lyryske gedichten yn it Alemanysk dialekt binne tige populêr.

Syn Alemannische Gedichte (1803) 'ferbuorkje', neffens Goethe syn sizzen, de hiele wrâld op in tige oantreklike wize (verbauert das ganze Universum auf die anmutigste Weise). En der binne yndie mar in pear moderne Dútske dichters dy't syn beskriuwingen yn betrouberens, lossens, koartswilligens en yn frissens en krêft benei komme.

De anekdoates en ferhalen út de Schatzkästlein des rheinischen Hausfreundes hearre ta de bêste Dútske ferhalen, en binne neffens August Friedrich Christian Vilmar (1800–1868) yn syn Geschichte der deutschen Literatur mear wurdich as in weide romans (wiegen ein ganzes Fuder Romane auf). Ta de bewûnderers fan syn wurk hearden Goethe, Franz Kafka, Walter Benjamin, Ludwig Wittgenstein en Martin Heidegger. Wurk fan Hebel is oerset yn it Frysk troch T. R. Dijkstra.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar it grutste part in oersetting fan Johann Peter Hebel út de Ingelske Wikipedia.