Tiede Roelofs Dykstra
Appearance

Tiede Roelofs Dykstra (Ljouwert, 25 april 1820 - dêre 25 maaie 1862) wie argivaris-bibletekaris fan Fryslân.
Hy studearre yn Frjentsjer (as ien fan de lêsten) en Grins, wie privee-learaar yn Ljouwert. Dykstra wie mei-oprjochter en foarsitter fan it Frysk Selskip (1844), redakteur fan Iduna (mei Harmen Sytstra, 1844-1862), 'Swanneblommen' en de 'Nieuwe Friesche Volksalmanak' (1857-1862).
Dykstra wie in typyske romantikus mei in sterk nasjonalistyske- grutfryske oertsjûging.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dijkstra, Tiede Roelofs. |