Springe nei ynhâld

Ferstjerren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stoar)

It ferstjerren, stjerren of deagean is it proses dêr't in libben organisme troch dea rekket. It is dêrmei de lêste faze fan it libben. Ferstjerren fynt oer it algemien plak trochdat troch orgaanfalen it lichem fan in organisme de libbensfunksjes net mear ûnderstypje kin. Dy libbensfunksjes falle dêrby ien foar ien of tagelyk wei oant de dea berikt en it libben útdôve is. It ferstjerren wurdt yn 'e regel beskôge as in drôf en ûnoangenaam barren, benammen foar minsken, mar ek foar guon bistesoarten, lykas minskapen, oaljefanten en walfisken. De efterbliuwende famylje en/of neie freonen wurde sadwaande de djipdrôven neamd. De drôvens komt fuort troch it gefoel fan affeksje foar de stjerrende en/of it ferbrekken fan 'e relaasje mei him of har. Ek oare gefoelens spylje in rol, lykas jins eigen eangstme foar de dea dêr't men by in stjergefal mei konfrontearre wurdt, begrutsjen, somberens, iensumens en rou. It mooglike bestean fan in hjirneimels, sa't dat yn in protte religyen foarsteld wurdt, mei beleanning fan goede dieden dy't by it libben ferrjochte binne en bestraffing fan ferkearde dieden, kin in protte djipdrôven in beskaat soelaas biede.

Valentine Godé-Darel in dei foar har fertsjerren
(Skilder Ferdinand Hodler)

Hoe't it ferstjerren krekt ferrint, hinget yn hege mjitte ôf fan 'e fraach hoe't it proses yn wurking steld is en hoe fluch oft de dea ynset. It ferstjerren kin stadich of fluch gean, en der kin sprake wêze fan in bewust belibjen fan it proses troch de stjerrende, of fan in koma, dêr't de stjerrende him ûnbewust troch is fan wat der mei him bart. As it ferstjerren stadich ferrint, is der faak sprake fan in sykte of fan in natuerlik ferstjerren troch âlderdom. Men sprekt dan oerdrachtlik ek wol fan in siikbêd of stjerbêd. Yn in terminaal stadium binne in protte symptomen itselde as by in persoan dy't yn shocktastân rekke is.

By sa'n stadich ferrinnend ferstjerren kinne ferskate fazen ûnderskaat wurde. It begjint wol mei in oplibbing fan 'e (bedrukte) stimming fan de stjerrende troch in gefoel fan eufory. Dêrby ferdwynt faak ek de pine, as men dy hie. Dêrnei begjinne de sintugen har funksje te ferliezen: it gesichtsfermogen nimt ôf, folge troch de smaak. (It gehoar bliuwt lykwols oan it lêst ta yntakt.) Dan begjinne de refleksen te ferminderjen, en kin men mar dreech mear slokke en hoastje. Dêrnei begjint in algemiene spierferslopping: de eagen en mûle slute net mear goed, en de slútspieren fan 'e blaas en it rektum geane iepen, mei as gefolch dat der mooglik ynkontininsje plakfynt. De pupillen fan 'e eagen wurde wider en de bloedsirkulaasje stûket, dêr't de hûd bleek en geizen en de lippen blauwich fan wurde. De hûd fielt tsjin dy tiid kâld en klam oan troch it brekme oan bloedstream.

Uteinlik makket it delgean fan 'e bloeddruk dat de stjerrende it bewustwêzen ferliest. Op 'e skonken ûntsteane dan gauris dûnkere plakken: eilantsjes fan bloed dat troch de swiertekrêft nei ûnderen ta sakket om't de bloeddruk dan te leech is om it noch om te pompen. Dy 'eilantsjes' wurde ek wol lykplakken neamd, mar se foarmje in oar ferskynsel as de livor mortis of lykplakken dy't nei de yntrede fan 'e dea ûntsteane. De trekken fan it antlit wurde skerper om't it bloed fuortlûkt út 'e kapillêre bloedfetten om nei organen ta te rinnen dy't fan belang binne foar de ynstânhâlding fan it libben. Yn it lêste stadium fan it ferstjerren wurdt it sykheljen fan 'e stjerrende ûnregelmjittich, sawol yn djipte as yn frekwinsje. Boppedat kin it sykheljen fan 'e stjerrende benaud oandwaan en in ruteljend leven meitsje trochdat der út 'e bloedfetten focht yn 'e longblaaskes bedarret yn in proses dat dekompinsaasje hjit.

Yn in gefal fan akút ferstjerren binne de symptomen oars. Hjirby komme de symptomen nammentlik net fuort út it stadichoan stillizzen fan 'e libbensûnderstypjende funksjes fan it lichem, mar út it falen fan ien of mear spesifike organen dy't sadanich ferwûne rekke binne dat se ophâlde mei funksjonearjen. Nei it bliuwend weifallen fan 'e hertslach en it sykheljen wurdt in persoan as dea beskôge. Men seit dan dat immen biologysk dea is. As de harsens net mear funksjonearje en der gjin mooglikheid is om 'e skea te reparearjen, mar it lichem libbet noch wol om't it klopjen fan it hert net fan harsensaktiviteit ôfhinklik is, seit men dat immen harsensdea is. Yn sa'n gefal wurdt soms it lichem noch in skoft yn libben holden mei beäzemingsapparatuer foar transplantaasje fan donearre organen. Minsken kinne ek klinysk dea wêze; dat is in sitewaasje dy't mooglik noch werom te draaien falt troch medyske behanneling, lykas mûle-op-mûlebeäzeming, hertmassaazje of it tatsjinjen fan in elektryske skok om it hert wer op gong te helpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Aulnis de Bourouill, Adrienne d', Doodgaan, Wat Is Dat? Hartdood, Klinisch Dood, Schijndood, Hersendood, Utrecht, 1984 (Bohn, Scheltema & Holkema), ISBN 9 03 13 06 819.