Begrutsjen

Ut Wikipedy
Begrutsjen: in 18e-iuwske ôfbylding fan 'e bibelske likenis fan 'e Barmhertige Samaritaan.

Begrutsjen, meilijen of moederaasje is in gemoedstastân of emoasje yn 'e foarm fan empaty (mei-fielen mei oaren), wêrby't immen emosjoneel rekke wurdt troch it lijen fan in oare minske of in bist. Soks motivearret lju ta it dwaan fan muoite om oaren te helpen dy't lichaamlike of geastlike pine lije. It ûnderfinen fan begrutsjen as gemoedstastân hinget sawol gear mei emosjonele gefoelichheid, as mei ferstanlike konsepten lykas earlikheid en rjochtfeardichheid. Dingen dy't minsken dogge út begrutsjen kinne sadwaande útlein wurde as ympulsive dieden basearre op emoasje, mar ek as ûnderboude aksjes basearre op oardielkundige beprakkesaasje.

Faak wurdt begrutsjen beskôge as in ûnderdiel fan in oare gemoedstastân en emoasje: de leafde. Ek is it besibbe oan barmhertigens, neisteleafde, ûnbaatsuchtigens, altruïsme, genede en ferjouwing. Begrutsjen is it tsjinstelde fan ûnmeilydsumens. It is fierders in hoekstien fan it humanisme, dat ommers leart dat minsken ôfhinklik faninoar binne en inoar helpe moatte.

Begrutsjen nimt ek in wichtich plak yn ferskate godstsjinsten yn. It hindoeïsme beskôget begrutsjen, goeddiedichheid en selsbehearsking as de trije wichtichste deugden. Ek yn it boedisme, it kristendom en de islaam foarmet begrutsjen mei oare deugden in pylder fan it leauwe. En yn it joadendom bestiet in ferhaal dat de ferneamde fariseeske rabbyn Hillel de Aldere ris troch in heiden oansprutsen waard. De man sei dat er him wol ta it joadendom bekeare woe, as Hillel op ien skonk steand de hiele Toara opsizze koe. Hillel sei tsjin him: "Doch in oar net oan watst net wolst dat dysels oandien wurdt. Dat is de kearn fan 'e Toara. De rest is kommentaar."[1] Dy omskriuwing is in definysje fan it begryp 'begrutsjen'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Armstrong, Karen, Een Geschiedenis van God: Vierduizend Jaar Jodendom, Christendom en Islam, Baarn, 1993 (Uitgeverij Anthos), ISBN 9 06 07 49 014, s. 91.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.