De Leafde fan Don Perlimplín en Belisa yn Syn Tún
De Leafde fan Don Perlimplín en Belisa yn Syn Tún | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Amor de Don Perlimplín con Belisa en Su Jardín | |
auteur | Federico García Lorca | |
taal | Spaansk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1928 | |
1e opfiering | 1933 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Leafde fan Don Perlimplín en Belisa yn Syn Tún | |
publikaasje | 1986, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Leafde fan Don Perlimplín en Belisa yn Syn Tún, yn it oarspronklike Spaansk Amor de Don Perlimplín con Belisa en Su Jardín, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It stik, dat de ûndertitel draacht In Eroatyske Falentynskaart op Ryspapier yn in Prolooch en trije Sênes (Aleluya Erotica en un Prologo y Tres Escenas), waard skreaun yn 1928 en foar it earst opfierd yn 1933. García Lorca, dy't sels ek komponearre, stelde him De Leafde fan Don Perlimplín foar mei muzikale tuskenskoften en sjongpartijen. In ferskaat oan lettere komponisten hat der muzyk foar skreaun, mei dêrûnder Vittorio Rieti (1949), Karel Goeyvaerts (1972) en Conrad Susa (1984). De Fryske oersetting fan it stik, fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, datearret út 1986.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stik fertelt it ferhaal fan in frijfeint op jierren, don Perlimplín, dy't troch syn tsjinstfaam Marcolfa bepraat wurdt om te trouwen, mei't sysels ek âlder wurdt en der net altiten wêze sil om foar him te soargjen. Don Perlimplín hat der syn twifels oer, mar beslút har rie dochs op te folgjen, en trout mei de folle jongere en foar him folslein ûngaadlike Belisa. Dyselde hat him inkeld tawurd jûn om't har deune mem har wiismakke hie dat in houlik mei in rike âldere man har nammenste oantrekliker meitsje soe foar oare manlju. Oan it begjin fan 'e houliksnacht falt it doek, want, sa wurdt it publyk ferteld, guon dingen hoege oaren net te sjen.
De oare moarns docht bliken dat don Perlimplín syn nije frou him yn ien nacht tiid al mei fiif ûnderskate oare manlju bedragen hat, dy't troch de fiif ûnderskate finsters de sliepkeamer ynkrongen binne. De reäksje fan don Perlimplín is wat apart; hy hâldt en draacht him net as is er oergeunstich, mar ferklearret ynstee dat er no de wiere betsjutting fan 'e leafde begrypt. Dêrop begjint Belisa leafdesbrieven te ûntfangen fan in mysterieuze man mei in reade mantel om, op wa't se smoarfereale wurdt, en dy't se einlings yn 'e tún fan don Perlimplín syn hûs moetsje sil. Ynstee wachtet don Perlimplín sels har dêr op 'e ôfsprutsen tiid op. Hy kundiget oan dat er syn rivaal ta in duël útdaagje sil en jout him ôf om 'e die by it wurd te foegjen. Fuort letter strompelet de man yn 'e reade mantel it poadium op. Hy is deadlik ferwûne, en Belisa fljocht op him ta om him te helpen, mar dan docht bliken dat don Perlimplín en de man yn 'e reade mantel ien en deselde binne. As er yn 't stjerren leit, wurdt de âldman foar de earste en iennichste kear troch syn frou yn 'e earms sletten. Belisa beseft dat se by fersin fereale wurden is op har eigen man. Don Perlimplín hat, troch syn libben op te offerjen en har leafde mei te nimmen it grêf yn, har de siel en minsklikheid jûn dy't se by harren trouwen sa oerdúdlik miste.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Amor de Don Perlimplín con Belisa en Su Jardín ferskynde yn 1986 ûnder de titel De Leafde fan Don Perlimplín mei Belisa yn Syn Tún yn eigen behear fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ferneamd wurde soe om syn ferfrysking fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee. De oersetting is yn te sjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 11067 fr folio.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |