Springe nei ynhâld

Pallas Atene

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Atene (goadinne))
Pallas Atene
Παλλὰς Ἀθηνᾶ (Pallas Athēnā)
persoanlike bysûnderheden
religy Gryksk heidendom
domein wiisheid, kennis, ynspiraasje,
moed, krêft, beskaving, wet,
rjochtwiskundeoarlochsstrategy,
keunst, ambachten, feardichheid
wente de Olympus
selskipsdier Erichtonius (slange)
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte gjint
heit Seus
mem Metis of gjinien
broer gjin folle bruorren (wol healbruorren)
suster gjin folle susters (wol healsusters)
ekwifalint Minerva
attributen
foarwerp skyld, spear, helm
plant oliifbeam
bist ûle

Pallas Atene (Attysk Aldgryksk: Παλλὰς Ἀθηνᾶ, Pallas Athēnā, útspr.: ['palas a'θɛ:na:], likernôch "pallas azênaa"), ek wol koartwei Atene neamd, is yn 'e Grykske mytology de goadinne fan 'e wiisheid, kennis, ynspiraasje, moed, krêft, beskaving, de wet en it rjocht, wiskunde, oarlochsstrategy, keunst, ambachten en feardichheid. Hja is boppedat ek de keine (altyd faam bleaune) patronesse fan 'e stêd Atene. Mar yn har rol fan beskermfrouwe fan 'e beskaving yn it algemien waard hja net inkeld yn dy iene stêd, mar yn 'e hiele Grykske wrâld fan 'e Aldheid fereare.

Neffens it bekendste ferhaal waard Pallas Atene berne út 'e holle fan 'e oppergod Seus, sûnder dat dêr in froulike partner oan te pas kaam. De myten skilderje har ôf as in snoade selskipsfrou fan dryste aventoerslju yn har rol as patronesse fan heldhaftige ûndernimmings. Har ferearing wie sa taai, dat argayske ferhalen oer har oanpast waarden om kulturele feroarings te ynkorporearjen. Pallas Atene wurdt identifisearre mei de Romeinske goadinne Minerva.

Pallas Atene waard assosjearre mei de stêd Atene om't dat it plak wie dêr't hja yn in skimige prehistoarje har susterskip, de Athenai, fêstige hawwe soe. De namme fan 'e stêd wie dan yn it Aldgryksk ek de meartalsfoarm Athenai (yn it modern Gryksk Athinai). Yn Mysene waard de goadinne 'Mysene' (of yn it Gryksk 'Mykene') neamd, en dy stêd droech ek wer de meartalsfoarm Mykenai as namme. Itselde gou foar Tebe, dêr't Pallas Atene bekendstie as 'Thebe' en de stêd yn it meartal Thebai hiet.

In stânbyld fan Pallas Atene, te sjen yn it Louvre, te Parys.

Hoewol't de goadinne dus in spesjale bân mei de stêd Atene (en ferskate oare stêden) hie, is it lykwols net dúdlik oft de stêd nei har ferneamd is, of sy nei de stêd. Neffens de ûntsteansmyte fan 'e stêd wedivere Pallas Atene mei har omke Poseidon, de god fan 'e see, om wa't de patroan fan Atene wurde soe. Poseidon joech de Ateners in sâltwetterboarne, mar Pallas Atene skoep foar harren de earste oliifbeam. De Ateners wiene mei dy beam o sa bliid, mei't se begriepen dat se de oliven, dy't deroan groeiden, net inkeld ite koene, mar ek útparse en ta oalje meitsje. Ut tank soene se doe harren stêd nei de goadinne ferneamd hawwe.

De namme fan Pallas Atene kin weromfûn wurde, as Atana Potinija, yn in Myseensk Grykske ynskripsje yn it Lineêr B-skrift te Knossos (op Kreta), en har ferearing giet dêrmei teminsten tebek oant djip yn it twadde milennium f.Kr. De taalhistoarikus Günther Neumann hat oppenearre dat de namme 'Atene' mooglik weromgiet op in Lydyske oarsprong. It soe in gearstalling wêze kinne fan it Tyrreenske ati, dat "mem" betsjut, en de eigenamme fan 'e Hoerrityske goadinne Hannahannah, dy't gauris ferkoarte waard ta 'Ana'.

Pallas Atene wie de goadinne fan 'e wiisheid, kennis, ynspiraasje, moed, krêft, beskaving, de wet en it rjocht, wiskunde, oarlochsstrategy, keunst, ambachten en feardichheid. Op it mêd fan 'e wiisheid waard hja benammen assosjearre mei de filosofy en it fergarjen fan kennis. Oangeande ambachten waard se fral sjoen as goadinne fan it weevjen en fan metaalbewurking (yn 't bysûnder oangeande de makkelei fan wapens).

As oarlochsgoadinne lei se har ta op dissiplinearre strategyen en op kriichskunde dy't skoarre waard troch wittenskip, yn tsjinstelling ta har healbroer Ares, dy't god wie fan geweld, moardsuchtigens en slachtings yn it ramt fan oarloggen. Nettsjinsteande har kriichsrol docht út 'e myten dúdlik Pallas Atene har hekel oan doelleaze oarloch bliken. Hja stie inkeld oarloch ta as needoplossing en foar in reedlik doel nei't alle oare mooglikheden prebearre en útput wiene; dêrom kin hja ek as fredesgoadinne sjoen wurde.

As goadinne fan 'e beskaving stie Pallas Atene ek foar yntelliginsje, bewustwêzen, kreätiviteit, ûnderwiis, ferljochting, wolsprekkendheid, nederichheid, wierheid en deugdsumens. Ek wetjouwing en de rjochtspraak hearden dêrta, in mêd dêr't har domein dat fan har heit Seus oerlape. Njonken it patronaat fan 'e stêd Atene wie Pallas Atene ek beskermfrouwe fan Sparta, de aartsrivaal fan Atene ûnder de Grykske stêdsteaten. De grutste timpel dêre wie dy fan Athena Chakioikos ("Atene fan it Brûnzen Hûs"), dy't op 'e Spartaanske akropolis stie en nei't men oannimme mei in dak fan brûns hie.

In Ateenske munt (in tetradrachme), mei dêrop de ôfbylding fan Pallas Atene.

It klassike byld fan Pallas Atene is dat fan in lange jonge frou yn in ankellange chiton, soms mei in wapenris deroerhinne, en mei in helm op dy't fier op har efterholle skood is sadat it byld fan Niké, de earmlange goadinne fan 'e oerwinning, op har foarholle te sjen is. Yn 'e hannen hat Pallas Atene in spear en in skyld, en dat skyld hat in motyf fan slangen by de râne lâns en yn 'e midden de gorgoneion, de ôfhoude holle fan 'e Gorgon. Yn dizze foarm waard de goadinne bgl. ôfbylde yn it ferneamde mar ferlern giene, goud-mei-ivoarene, 36 m hege stânbyld fan Fidias, dat oarspronklik op 'e Akropolis yn Atene stien hat. Pallas Atene waard ek gauris ôfbylde mei in slange (har pleechbern Erichtonius) of mei in ûle op it skouder. (Dat is de oarsprong fan 'e bân dy't de Westerske kultuer leit tusken ûlen en wiisheid.)

It Partenon, yn Atene, oarspronklik de Timpel fan Atene Partenos.

Oarsprong en ûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pallas Atene naam neffens de gongbere myten nea in frijer of man, en bleau sadwaande altyd bekend as Athena Parthenos ("Atene de Faam"). Har bekendste timpel, it Partenon yn Atene, is nei dy titel fan harres neamd. Har keinens wie net inkeld in behâld fan har fammesteat, mar joech har boppedat de morele autoriteit as tafersjochhâldster oer seksuële ynbannigens en rituële mystearjes. Yn in tige by tige patriargale maatskippij as dy fan 'e klassike Grykske Aldheid wie it behâld fan 'e fammesteat foar froulju de iennichste wize om sels mar in fragmint fan macht te krijen en te hâlden. Neffens in myte trappearre de sjenner Tiresias Pallas Atene by it baaien, en sloech de goadinne him mei blynheid, sadat er nea wer sjen soe wat gjin man ûnder eagen krije mocht. Mar by wize fan kompinsaasje joech Pallas Atene him tagelyk ek it fermogen om 'e taal fan fûgels te begripen, en dêr koed er neitiid de takomst út foarsizze.

Yn 'e mytology fan it pre-klassike Grikelân naam Pallas Atene lykwols in hiel oar plak yn. Oarspronklik wie hja nammentlik de dochter fan in goadinne dy't har sûnder manlike partner fuortbrocht. It is wierskynlik dat se de funksje fan memmegoadinne ferfolle, mar dat har rol neitiid troch kulturele feroarings yn it âlde Grikelân oan 'e nije sitewaasje oanpast wurde moast. In protte âlde goaden rekken yn dy tiid yn 'e ferjitnis, mar de kultus fan Pallas Atene wie sa taai dat dy dat tiidrek oerlibbe. Dêrby waarden alle famyljeferhâldings tusken de goaden ûnderling reorganisearre. Yn Knossos wurdt Pallas Atene yn it Lineêr B-skrift earder neamd as Seus, wat ymplisearret dat har ferearing âlder wie. Mar neitiid krige se de rol fan Seus syn leaflingsdochter taparte. Wylst se earst de heitleaze dochter fan in mem wie, waard se doe de memleaze dochter fan in heit.

Godstsjinsthistoarikus J.J. Bachofen hâldt út dat dizze feroaring in ferwringing fan 'e wiere natuer fan Pallas Atene ynhold, want hoewol't har kultus bestean bleau, wie har aard ferwurden ta in samling eigenskippen dy't likegoed dy fan in man wêze koene. Mei oare wurden: se wie sa oanpast dat se yn 'e utertst partriargale maatskippij fan 'e klassike Grykske Aldheid foar manlju akseptabel wie. De psychiater en filosoof Sigmund Freud beskôge Pallas Atene dan ek as in "oarspronklike memmegoadinne dy't fan har macht ûntdien" wie troch har "degradaasje" ta in keine dochter fan Seus, mei't har as sadanich foar ivich de ultime froulike ekspresjemooglikheid fan it krijen fan bern ûntsein wie.

In moarmerne Grykske kopy (tekene mei de namme 'Antiochos') út 'e earste iuw f.Kr. fan Fidias syn Athena Promachos út 'e fyfde iuw f.Kr., dat oarspronklik op 'e Akropolis yn Atene stie.

Myten oer Pallas Atene

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de bekendste (klassike) myte oangeande de berte fan Pallas Atene, soe Seus, doe't er de wrâld skeppe woe, as earste oan har tocht hawwe, mei as gefolch dat hja op dat stuit mei wapenris oan en al har wapens yn 'e hân út syn foarholle berne waard. In ferhaal dat dêr wat mear op fuortborduerret, wol hawwe dat Seus seksuële omgong hie mei Metis, de goadinne fan 'e wiisheid út it skaai fan 'e titanen. Mar om't it sizzen wie dat Metis altyd bern krije soe dy't machtiger wiene as de heit dy se by har oanset hie, wie Seus benaud foar de konsekwinsjes. Om swierrichheden foar te kommen, slokte Seus syn minneresse mei ien grutte swolch troch, mar it wie al te let, want hja wie al swier rekke. Nei ferrin fan tiid krige Seus in grouweligen pineholle. Dêrop houde Prometeus, Hefaistos, Hermes, Ares of Palaimon (al neigeraden de ferzje fan it ferhaal) Seus de holle midstwa mei in labrys, in dûbelblêdige Minoyske bile, om te sjen wat him mankearre. Mar út de wûne sprong doe Pallas Atene foar 't ljocht, folwoeksen, yn wapenris en mei it skyld en de spear yn 'e hân.

Neffens guon obskuere myten waard Pallas Atene fier fan 'e berch de Olympus ôf (dy't de wente fan 'e Grykske goaden wie) grutbrocht troch de seegod Triton, al wurdt dyselde ek wol omskreaun as in 'jeugdfreon' fan 'e goadinne. Hja soe oan 'e tafoeging 'Pallas' kommen wêze fan in argayske selsstannige goadinne mei dy namme, dy't har suster of pleechsuster (as dochter fan Triton), kammeraatske of rivale west hawwe soe.


Yn 'e bekendste ferzje fan dit ferhaal wiene Atene en Pallas ris mei de wapens oan it oefenjen, doe't se rûzje krigen. Pallas besocht Atene doe echt mei har spear te reitsjen, mei as gefolch dat Seus yngriep om syn leaflingsdochter te beskermjen, en Pallas sels in reis ferkocht. Op it stuit dat Pallas noch oan it bekommen wie fan dy klap, seach Atene har kâns skoan en deade har tsjinstanner. Daliks spiet it har freeslik wat se yn 'e hite hij dien hie, mar doe koe it al net mear ûngedien makke wurde. Dêrop naam Atene de namme fan Pallas foar harsels oan, ta oantins oan har kammeraatske.

Ien argayske myte, wêrfan't de oarspronklike, net oerlevere foarm wierskynlik stammet út 'e tiid dat Pallas Atene noch in memmegoadinne wie, fertelt hoe't har healbroer Hefaistos, de godlike smid, har besocht te ferkrêftsjen. Dat mislearre lykwols mei't hja him ûntkaam, en syn sied foel op 'e grûn, wêrmei't er Gaia, de ierdgoadinne, swiermakke. Dy waard letter mem fan Erichtonius of Erechteus, dy't hja nei de berte oan Pallas Atene joech om him grut te bringen. Erichtonius soe letter de earste kening fan Atene wurden wêze, en withoefolle útfinings yn 'e stêd waarden oan him taskreaun. Hy waard gauris mei Pallas Atene ôfbylde yn 'e foarm fan in slange.

Neffens in oare myte stoppe Pallas Atene de poppe Erichtonius yn in crista, in lyts doaske, dat se yn bewarring joech oan trije Ateenske susters, Herse, Pandrosus en Aglaulus. De goadinne joech dúdlik ynstruksjes dat it doaske ticht bliuwe moast oant se weromkaam, mar ien of twa fan 'e susters diene it dochs iepen, en seagen Erichtonius yn 'e foarm fan in slange. Dy oanblik of de sljochtsinnigens dy't dat yn harren opwekke, dreau Herse en Aglaulus om selsmoard te dwaan troch fan 'e Akropolis ôf te springen.

It Oardiel fan Paris, fan Anton Raphael Mengs1870): Paris jout de apel oan Afrodite.

Rol yn 'e Trojaanske Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in bekende myte wie der in brulloft dêr't alle goaden útnûge wiene, ntl. dy fan Achilles syn âldelju, want Achilles syn mem wie de seegoadinne Tetis. As Earis, de goadinne fan 'e twaspjalt, dêr net talitten wurdt, smyt hja út it doarsgat in goudene apel nei binnen ta dêr't de tekst "oan de tsjepste" op gravearre stiet. De goadinnen Heara, Afrodite en Pallas Atene miene alletrije dat it ding dúdlik foar harsels bestimd is, en meitsje dêr rûzje oer, oant se úteinlik beslute om in ûnpartijige jongfeint beslisse te litten wa't fan harren trijen it tsjepst is (en wa't dus de apel takomt).

Dy jongfeint is de Trojaanske prins Paris, oan wa't de trije goadinnen neaken ferskine. Paris komt lykwols mar net út 'e rie wa't fan harren no it tsjepst is. Dêrop nimme de goadinnen harren taflecht ta omkeaperij: Pallas Atene biedt him wysheid en heldhaftigens yn 'e striid oan, Heara biedt him politike macht en hearskippij oer hiele Aazje oan, en Afrodite biedt him de leafde oan fan Helena, de frou fan kening Menelaos fan Sparta, de kreaste (stjerlike) frou op 'e wrâld. Paris beslist dan dat Afrodite perfoarst de tsjepste fan 'e trije goadinnen is. Neitiid bejout er him nei Sparta ta, dêr't er Helena skaakt en mei werom nimt nei Troaje. As reäksje ropt Agamemnon, de kening fan it ynfloedrike Mysene, dy't in broer fan Menelaos is, alle Grykske keningen byinoar, en mei syn allen sile se nei Troaje ta om tsjin 'e Trojanen te oarlogjen. En sa begûn de Trojaanske Oarloch, wêryn't Pallas Atene oan 'e kant fan 'e Griken meifjochtet.

Pallas Atene en har healbroer Hearakles op in stik Attysk ierdewurk út 480-470 f.Kr.

Patronesse fan helden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in protte myten ferskynt Pallas Atene fierders as patronesse en/of helpster fan in grut ferskaat oan helden, wêrûnder Jason, Perseus, Odysseus en Hearakles. Sa begelate hja Perseus op syn kweeste om Medusa te ûntholjen, en joech se oan Hearakles ynstruksjes om 'e Nemeeske Liuw te strûpen troch de eigen klauwen fan it bist te brûken om troch syn tsjûke hûd te snijen. Fierders holp se Hearakles ek om 'e Stymfalyske Fûgels te ferslaan en om it paad troch de ûnderwrâld te finen om 'e hellehûn Serberus te fangen.

Yn 'e Odyssee winne de snoadens en fernimstigens fan Odysseus al gau Pallas Atene har geunst. Hja besiket him op syn ommelânske reis nei hûs nei ôfrin fan 'e Trojaanske Oarloch fan fierrens ôf te helpen, sûnder direkt yngripen, bgl. troch ideeën yn syn gedachten te 'ymplantearjen'. Pas as de ûnfortúnlike seeman oanspielt op 'e kust fan in eilân dêr't de prinsesse Nausikaä tahâldt, komt Pallas Atene sels op it toaniel en ferskynt se yn in dream oan 'e prinsesse om har derfan te bewissigjen dat dyselde Odysseus rêde sil.

Letter spilet se ek in rol by it lêste part fan 'e reis, nei Itaka ta, en as Odysseus dêr oankommen is, ferskynt se yn persoan oan him, sij it yn in momkape. Yn 't earstoan liicht se him dêrby tefoarren troch him te fertellen dat syn frou Penélopé ûnderwilens wertroud is om't se mient dat Odysseus dea is. Mar Odysseus liicht likehurd werom, en brûkt dêrby alderhanne feardige ferlechjes om himsels te beskermjen. Under de yndruk fan syn wisberettens beslút de goadinne him dan sjen te litten wa't se is en him de wierheid te fertellen oangeande de stân fan saken op Itaka en hoe't Odysseus syn keninkryk weromwinne kin. Hja jout him in momkape fan in âlde bidler, sadat freon noch fijân him weromkenne sil, en helpt him om 'e ûnwinske frijers fan syn frou te ferslaan.

Rollen en oantsjuttings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as de measte Olympyske goaden hie Pallas Atene in ferskaat oan bynammen of titels, wêrfan't de measten ferwiisden nei de toponimen fan plakken dêr't hja fereare waard, en oaren te krijen hiene mei har spesifike domeinen. De wichtichsten dêrfan wiene:

  • Athena Ergane, Pallas Atene yn har rol as patronesse fan 'e hantwurkslju.
  • Athena Glaukopis (letterlik: "Atene mei de Glânzgjende Eagen"), Pallas Atene yn har rol as sammelster fan kennis. (Fan glaukos, "glânzjend", en ops, "each"; glaukos komt út deselde woartel wei as glaux de Grykske beneaming foar de stienûle, nei't men oannimme mei fanwegen de grutte glânzgjende eagen fan dy fûgel. Hjir leit mooglik de oarsprong fan 'e assosjaasje tusken Pallas Atene en de ûle.)
  • Athena Hippeia (letterlik: "Atene fan 'e Hynders"), Pallas Atene yn har rol as útfynster fan 'e striidwein.
  • Athena Partenos (letterlik: "Atene de Faam"), Pallas Atene as keine jongfaam.
  • Athena Polias (letterlik: "Atene fan 'e Stêd"), Pallas Atene yn har rol as patronesse fan 'e beskaving.
  • Athena Promachos (letterlik: "Atene de Foarfjochtster"), Pallas Atene yn har rol as oarlochsgoadinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.