Geart Tigchelaar
Geart Tigchelaar | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Geart Jan Tigcheldam | |
echte namme | Geart Tigchelaar | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 maart 1987 | |
berteplak | Dokkum (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | lit. romans, poëzij, oersettings | |
bekendste wurk(en) |
Erik of it Lyts Ynsekteboek Swarte Swan | |
útjouwer | Regaad, Hispel | |
prizen | Obe Postmapriis 2016 Douwe Tammingapriis 2016 Rely Jorritsmapriis 2017 | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
gearttigchelaar.wordpress.com |
Geart Tigchelaar (Dokkum, 21 maart 1987) is in Frysk skriuwer, oersetter en redakteur. Hy skriuwt sels sawol romans, koarte ferhalen as poëzij. Mei syn oersetting fan Erik of het Klein Insectenboek, fan Godfried Bomans, wûn er yn 2016 de dr. Obe Postmapriis. Ek foar syn eigen skriuwwurk hat er ferskate prizen krigen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tigchelaar waard yn 1987 berne yn Dokkum, mar hy groeide op yn Damwâld. Nei de basisskoalle gied er dêr nei de MAFU De Saad. Letter learde er troch oan 'e HAFU fan it Dockinga Kolleezje yn Dokkum, wêrnei't er syn propedeuze fan 'e PABU helle oan 'e CHN yn Ljouwert. Fanwegen syn aardichheid oan it Frysk folge Tigchelaar dêrnei in bachelor- en masterstúdzje Fryske taal en kultuer oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er it Aldfrysk ien fan 'e moaiste fakken fûn. Werom yn Ljouwert behelle er ek noch in bachelorgraad foar dosint Nederlânsk oan 'e NHL.
Under syn studintetiid rjochte Tigchelaar yn 2007 mei trije oaren (Dirk Jan Muntendam, Jurrit Jan de Jong en Truus de Vries) de studinteferiening Skanomodu op. Tigchelaar wie fan oktober 2007 oant de simmer fan 2010 haadredakteur fan it orgaan fan dy feriening, Skanoskrift. Ek neitiid levere er dêroan noch bydragen. Mei Dirk Jan Muntendam skreau Tigchelaar yn dyselde tiid it boek De Kweeste fan Ridder Pieter 'Geef-mar-Linich' fan Skingen, in frije bewurking fan 'e Arthurleginden, dat yn 2010 yn eigen behear útjûn waard by gelegenheid fan it ôfskie fan Pieter Breuker as dosint by de oplieding Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins.
As skriuwer makke Tigchelaar yn 2011 syn debút mei de roman Lúshâlding, in allegoarysk ferhaal oer in famylje holleluzen. Yn 2016 folge in twadde roman, Bêste Jonge, wêryn't haadpersoan Jarich besiket los te brekken út in boargerlik bestean as troud man en jonge heit dat him almar slimmer benearret. Datselde jiers brocht Tigchelaar ek de dichtbondel Leech Hert yn Nij Jek út, dêr't him yn 2017 de Douwe Tammingapriis foar bêste debút foar takend waard. Ek yn 2017 wûn Tigchelaar de Rely Jorritsmapriis mei it koarte ferhaal Dû Smearlap.
Fierders is Tigchelaar ek o sa aktyf as oersetter fan benammen jeugdliteratuer nei it Frysk. Syn oersetting Erik of it Lyts Ynsekteboek, nei de bekende roman fan Godfried Bomans, waard yn 2016 bekroane mei de dr. Obe Postmapriis. Dêrnjonken hat er ferskate boeken fan 'e Amerikaanske skriuwster Kathy Reichs oerset, en ek Swarte Swan, fan 'e Nederlânske auteur Gideon Samson. Sûnt 2010 is Tigchelaar redakteur fan it literêr tydskrift ensafh, dêr't er ek ferskaat koart wurk fan himsels yn publisearre hat. Yn gearwurking mei inkele oare skriuwers en de oprjochters fan Utjouwerij Regaad gie Tigchelaar yn april 2014 op toernee troch Fryslân mei de Fryske Horrortoer. Datselde jiers sette er ôf om utens, wêrnei't er in jier yn Denemark wenne.
Tigchelaar is ek aktyf as drummer, oant 2014 foar de band Kramtried, dy't er oprjochte mei syn broer Eibert. Letter spile er, ek mei syn broer, yn 'e band Doomwâld. Oare hobbys fan him binne: fytsen, kuierjen, lêzen, spesjaalbieren, piipsmoken, tatoeaazjes, heavy metalmuzyk, kofje en sûkelarje.
Yn jannewaris 2021 waard Tighelaar gemeentedichter fan Noardeast-Fryslân.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- 2010 – De Kweeste fan Ridder Pieter 'Geef-mar-Linich' fan Skingen (in frije bewurking fan 'e Arthurleginden; mei Dirk Jan Muntendam ûnder it kollektyf pseudonym Geart Jan Tigcheldam)
- 2011 – Lúshâlding
- 2016 – Bêste Jonge
- 2021 - Om
- koarte ferhalen
- 2017 – Dû Smearlap
- poëzij
- 2016 – leech hert yn nij jek
- 2020 - Ommers. Proazagedichten
- oersettings
- 2015 – Erik of it Lyts Ynsekteboek (nei Godfried Bomans, Erik of het Klein Insectenboek)
- 2016 – Firalen (nei Kathy Reichs, Virals)
- 2017 – Koade (nei Kathy Reichs, Code)
- 2018 – Swarte Swan (nei Gideon Samson, Zwarte Zwaan)
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
2016 | dr. Obe Postmapriis | wûn | bêste oersetting | Erik of it Lyts Ynsekteboek |
2017 | Douwe Tammingapriis | wûn | bêste poëzij-debút | leech hert yn nij jek |
Rely Jorritsmapriis | wûn | bêste koarte ferhaal | Dû Smearlap | |
2018 | Rink van der Veldepriis | nominearre | bêste roman | Bêste Jonge |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |