Ensafh

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ensafh is in Frysk literêr ynternettydskrift dêr't om ’e fjirtjin dagen in nije ôflevering fan ferskynt. Op ensafh-ôfleveringen binne gedichten, ferhalen, kollums, literêre besprekken, essees en fraachpetearen te lêzen. Utsein dat binne der noch in tal rubriken op te finen (teleks, aginda, meidielings, blogfragminten, poadium en kommentaar) mei literêr nijs, mei literêre en dêr mei ferbânhâldende nijsgjirrichheden, mei diskusje en mieningsfoarming. Der wurde ek gereldwei teksten yn it Biltsk en it Stedsk opnaam.

Fúzje tusken Farsk mei Hjir[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ensafh is yn 2009 ûntstien út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it yn druk ferskinende tydskrift Hjir. Fan Ensafh komme alle jierren 20 ôfleveringen op ynternet út en 7 nûmers op papier. De webstee is frij tagonklik, foar de papieren nûmers moat betelle wurde. Dat kin troch in abonnemint te nimmen of yn de boekhannel te keapjen. De ynternet-ôfleveringen en de papieren nûmers ferskille ynhâldlik fan inoar, mar inkeld ris stiet der wat yn in papieren nûmer dat ek op ’e ynternetside te finen is en oarsom.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]