Pieter Breuker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Pieter Breuker (Skingen, 17 maaie 1945) is in Frysk wittenskipper en skriuwer.

Oplieding en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pieter Breuker die doktoraaleksamen Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam (UvA) en doktoraaleksamen Frysk oan de Vrije Universiteit (VU).

Nei studint-assistintskippen Frysk oan resp. de Universiteit Utrecht (UU; 1970-1971) en de VU; 1971-1973) gong Breuker oan it wurk as learaar Nederlânsk (1973) en letter ek Frysk (1975) oan de Ryks Pedagogyske Akademy op It Hearrenfean. Yn 1978 krige er in dieltiid-oanstelling oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins (RuG), dy’t yn 1979 omset waard yn in folsleine baan as wittenskiplik meiwurker foar Frysk oan dy ynstelling. Hy promovearre yn 1993 oan de RuG op in sosjolinguistysk ûnderwerp: Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. Oant syn pensioen ta hat Breuker oan de RuG sosjolinguistyk, fakdidaktyk, taalfeardigens en Frysk-foar-net-Frysktaligen jûn en dêrneist de learare-oplieding Frysk fersoarge. Hy hat foaral oer de beide earste ûnderwerpen in protte publisearre.

Breuker publisearret ek al desennialang oer keats- en sporthistoarje yn it algemien. Swiertepunten by it earste binne de histoarje en ynternasjonalisearring fan it spul en it plak fan it keatsen yn it deistige libben, de taal, literatuer en kultuer, wylst it by it twadde meast om de oergongsperioade [± 1880-1920] fan tradisjonele folksfermaken nei moderne sporten giet. Breuker hat de lêste jierren ek noch twa boeken oer it aaisykjen skreaun, it iene oer sosjaal-ekonomyske, it oare oer kultuer-histoaryske en sportive aspekten fan dy tradysje. Ta gelegenheid fan syn pensionearring organisearre it Frysk Ynstitút ein 2009 in ôfskiedskongres oer Friese sport. Tussen traditie en professie. Breuker wie doe al as sporthistoarysk ûndersiker ferbûn oan de Katholieke Universiteit Leuven.

Op noch wer in oare manier hat Breuker foarmjûn oan wat him beweecht yn Boarterskertier (2003), in seleksje út de skriuwer syn literêre publikaasjes (gedichten en koarte ferhalen) sûnt 1986.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1973: J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske dialekten
  • 1982 (ko-auteur en einred.): Bydragen ta de didaktyk fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis
  • 1983: Keatserstaal
  • 1984: 1899 Ontspanning 1984
  • 1984 (ko-auteur en ko-einred.): Foar de taalspegel; koart oersjoch fan Hollânske ynslûpsels yn it Frysk [19922]
  • 1987: Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer
  • 1993: Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk
  • 1993: (ko-einred.): Tussen terp en toren. 1893 100 jaar VvV Sjirk de Wal Dronrijp 1993
  • 1994 (einred.): Fries en Nederlands in de basisvorming; overeenkomsten en mogelijkheden tot samenwerking
  • 1997 (ko-auteur en einred.): Kaatsen: lange traditie, levende sport; bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB)
  • 1997: Met de Friese slag
  • 1998: Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer
  • 1999 (ko-auteur en einred.): 1899 K.F. Ontspanning Skingen-Slappeterp 1999
  • 2001 (ko-auteur en ko-einred.): Nieuwe perspectieven voor onderwijs en opleiding. Ontwikkelingen in het voortgezet onderwijs en in de professionalisering van leraren
  • 2003 (ko-auteur en ko-einred.): De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003)
  • 2003 (ko-auteur en einred.): Fierder mei Frysk (3); lêzingen hâlden op de konferinsje 'Fierder mei Frysk' op 2 oktober 2003
  • 2003: Boarterskertier (yn 2006 ûnder einredaksje fan Saakje van Dellen yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk ferskynd as: Van Speelkwartier tot Break)
  • 2004 (ko-auteur en ko-einred.): Sporthistorie: tussen feit en mythe
  • 2007-2009 (ko-auteur en ko-einred.): Freemwurk (in taalmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis)
  • 2009 (ko-auteur- en ko-einred.): Friese sport: tussen traditie en professie
  • 2012: Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren [1850-1900]. Met een heruitgave van De kunst van het eijer zoeken van Fokke Atzes Dijkstra [20122]
  • 2013: Histoarje en kultuer fan it keatsen. Jierdeikalinder
  • 2015: Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden

Taalkursus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008: (ko-gearstaller) Talk Now! Frisian (begjinnerskursus Frysk-foar-net-Frysktaligen; Eurotalk, Londen).

Prizen en ûnderskiedingen   

  • 1986: Rely Jorritsmapriis (foar koart ferhaal: De winner)
  • 1987: Priis fan Stifting It Fryske Boek foar ‘orizjineelste, bêst fersoarge en meast opfallende boek’ 1986-1987 (foar Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer)
  • 1988: Rely Jorritsmapriis (foar koart ferhaal: De rôze ko)
  • 2004: Liuweprint (foar De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003)
  • 2014: KFFB-jubileumpriis (foar koart ferhaal: ... 35 x 2)
  • 2009: nominaasje Je Maintiendrai-priis 'Regionale identiteit in Noord-Nederland' (foar essee: Een wereld van verschil)
  • 1974: Lid Fryske Akademy
  • 2010: Akademyplakette RuG
  • 2016: Earelid De Sportwereld

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • www.rug.nl/Afdeling Friese taal en cultuur/Nieuws & agenda/Bibliografie dr. P. Breuker. Op itselde plak digitaal útwreide mei ‘Aanvulling Bibliografie Breuker’ (2010-2012) (it earste oersjoch is ek op papier ferskynd as: Op de rigel; systematyske bibliografy fan it wurk (1966-2009) fan Pieter Breuker (2009);
  • www.skanomodu.nl/Skanoskriften, jrg. 3 (2009), nû. 2;
  • www.sirkwy.nl/Pieter Breuker;
  • www.desportwereld.nl/Organisatie; Magazine.